De fiif nominearre boeken foar de Rink van der Veldepriis 2016 binne yn alfabetyske folchoarder fan auteur
Anne Feddema – De triennen fan Cheetah
Willem Schoorstra – Pier
Hylke Tromp – Noah
Johan Veenstra – Een vrouw van ivoor
Mindert Wijnstra – De seefrou
De nominaasjes binne ein ferline jier bekendmakke troch de gemeente Drachten/Smellingerlân (website gemeente).
De Rink van der Veldepriis is de twajierlikse literêre priis foar oarspronklik proaza yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen, sawol romans as koarte ferhalen, de literêre genres dy’t Rink van der Velde beoefene. Sa is it fêststeld by de reglemintswiziging fan maart 2012 (pdf reglemint).
De sjuery bestiet yn 2016 út Tsjitske Madison-Snel, Meindert Reitsma en Siets Ypenga. De priisútrikking is op woansdei 17 febrewaris de middeis om fjouwer oere yn it gemeentehûs fan Drachten. Dan sil de winner bekendmakke wurde.
De Rink van der Veldepriis
De sjueryleden 2016, mear >>
Hedwig Terpstra: Fraachpetearen mei de kânshawwers yn Breeduit
Anne Feddema
Willem Schoorstra
Hylke Tromp
Johan Veenstra
Mindert Wijnstra
[pleatst 04.01.2016 / oanfolling fraachpetearen 16.02.2016]