De sjuery fan de Rink van der Veldepriis 2014 bestiet út de neikommende minsken:

 

Blaauw Tessa

Tessa Blaauw (Grou, 1948) groeide op yn Grou en wurke earst in skoft yn de soarch, mar dêr lei net har hert. Dêrnei gie se oan it wurk yn it bedriuw fan har heit, Jan Blaauw, dy’t yn Menaam in gruthannel hie yn boeken en tydskriften. Sa kaam se yn it boekefak telâne. Neidat de gruthannel ferkocht wie, setten heit en dochter út ein mei in boekhannel yn Frjentsjer. De winkel bestiet maart dit jier 40 jier. Tessa folge yn Grins de ‘Vakopleiding voor de boekhandel’. Yn 2007 sleat se har as franchise-nimmer oan by Bruna. Ek no’t de winkel in Brunawinkel is, is der in rom ferskaat oan Fryske boeken. Dat hat der ûnder oare foar soarge dat de winkel in pear kear op de nominaasje stien hat foar bêste Brunawinkel fan Nederlân. Yn 2010 die de winkel mei oan de aksje ‘Praat mar Frysk’.

Bruna Frjentsjer


Steege Tryntsje van der foto Haye Bijlstra

Tryntsje van der Steege (Drachten, 1984) groeide op yn Donkerbroek, en in lyts bytsje op ’e Gordyk. Nei de middelbere skoalle yn Drachten studearre se Ingelske Taal en Kultuer oan de Universiteit Utrecht en dêrnei Literatuer- en Kultuerwittenskip yn Grins, dêr’t se yn 2011 ôfstudearre.
Nei har stúdzjes wurke se as beliedsmeiwurker kultuer foar ferskillende gemeentes. Tagelyk gie se oan de slach as oersetter en tekstskriuwer mei har eigen tekstburo Try Tekstwerk.
Sûnt 2011 is se redakteur fan Frysk literêr tydskrift Ensafh en skriuwt se meast besprekken, essays en oersettingen. Har belangstelling giet út nei moderne literatuer út binnen- en bûtenlân. Dêrneist ferdjippet se har ek yn âlde(re) literatuer mar dan yn in nij, modern jaske, lykas oersettingen en film- of stripbewurkingen. Fierder is se sûnt koart resinsint foar it Frysk Deiblêd en wurket se mei oan it Sirkwy Sympoasium 2014.

www.try-tekstwerk.nl

 

Zee Forina van der

Forina van der Zee (Sint Jabik, 1971) studearre ‘Voorlichting & Communicatie’ oan NHL Hegeskoalle en wurket sûnt 1997 as kommunikaasje-adviseur, de lêste acht jier by de gemeente Westerveld yn Súdwest-Drinte, dêrfoar ûnder oare by de provinsje Fryslân, NoordNed/Arriva en COA Oostergo.
Forina is Biltsktalich fan hûs út. It Frysk pikte se op fan (doe noch) Radio Fryslân en op har wurk by de provinsje. Dat lêste makke ek dat se kursussen Frysk en Biltsk skriuwen folge. Se hie altyd al in protte wille fan lêzen, en mei de groeiende belangstelling foar taal naam ek de niget oan literatuer ta. Se hat it sjuerywurk mei in protte nocht dien. ‘It analysearjen, beärgumintearjen en it goed ûnder wurden bringen fan de analyze fûn ik hearlik! Fan alle boeken haw ik ferslaggen en analyzes makke en ik snap no eins net, dat ik eartiids op it ateneum it mier hie oan it skriuwen fan boekferslaggen...’

Nominearre titels >>


[pleatst 22.01.2014]