De sjuery fan de Rink van der Veldepriis makket, yn oerlis mei de ynstellers fan de priis, de gemeente Smellingerlân en de Friese Pers Boekerij bv, hjirby de kânshawwers bekend foar de Rink van der Veldepriis 2012:


Hidde Boersma - De gewoanste man

de gewoanste man 2011


Ferdinand de Jong - It dak fan de wrâld

it dak fan de wrald 2011


Bart Kingma - Griene simmer

griene simmer v lr 2010


Margryt Poortstra - Kofje ferkeard

kofje ferkeard 2011


Willem Schoorstra - Rêdbâd

redbad kronyk fan in kening 2011

 

De winner wurdt bekendmakke by de priisútrikking,
woansdei 15 febrewaris om 16:00 oere yn it gemeentehûs fan Smellingerlân
Gauke Boelensstrjitte 2, Drachten.

De priis sil útrikt wurde troch frou Nieske Ketelaar, wethâlder fan kultuer.
De plechtichheid is frij tagonklik.

De sjuery fan de twajierlikse Rink van der Veldepriis bestiet dizze kear út
Karen Bies, Symen Schoustra en Geertrui Visser.



[pleatst: 10-2-2012]