Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe yn har gearkomst fan 11 desimber lêstlyn de advyskommisje beneamd foar de Gysbert Japicxpriis 2013. De priis sil takend wurde foar oarspronkelike Fryske poëzij út it tiidrek 2009-2012; dat kin ien bondel wêze of in hiel oeuvre. De foarige dichter dy’t de priis wûn wie Anne Feddema yn 2009 foar de bondel Reidhintsje op 'e Styx. In oersjoch fan alle priiswinners stiet hjir.

De kommisje bestiet út Jetske Bilker, Goffe Jensma en Jantsje Post.

Yn jannewaris 2013 sil op Sirkwy de groslist pleatst wurde fan alle titels út it oanbelangjende tiidrek dy’t yn de beaming komme foar de priis.


Mear oer de leden fan de advyskommisje

 

Bilker Jetske foto Iris Rethy

Foto: Iris Rhety

Jetske Bilker
(Seisbierrum, 1960) groeide op yn Dimter, dêr’t har heit learaar oan de mulo wie. Se folge de PA yn Almelo, helle dêrnei it Frysk foech foar de basisskoalle en ferhuze nei Ljouwert foar de learare-oplieding Frysk. Dêrnei die se de stúdzje Algemiene Literatuerwittenskip oan de Ryksuniversiteit fan Grins, ôfrûne yn 1992.

Sûnt dy tiid is se freelancer op it gebiet fan Fryske literatuer en oersetwurk. Se wurke ek in skoft as learares Frysk en Nederlânsk yn it fuortset ûnderwiis. Jetske Bilker sette ûnder oare in oantal Kameleon-boeken oer yn it Frysk en diel 1 fan de Harry Potterrige. Yn 2006 stalde se tegearre mei Babs Gezelle Meerburg de poëzijblomlêzing De 100 mooiste Friese gedichten gear, dy’t diskusje oprôp fanwegen harren eigensinnige seleksje. Fan 2006-2011 wie se literêr resinsint proaza by de Ljouwerter Krante. Earder al siet se yn de redaksje fan Trotwaer en fan it ynternettydskrift Farsk en wurke se mei oan in literêr programma fan Omrop Fryslân. As skriuwster leit se har benammen út op it proaza. Har lêste roman is It libben fan in oar, dy’t yn de hjerst fan 2012 ferskynde.
Mear ynformaasje op Sirkwy.

 

Jensma Goffe foto Haye Bijlstra 2011 HAY 5139 333x500
Foto: Haye Bijlstra

Goffe Jensma (Kornhorn, 1956) groeide op yn Grinslân, folge it Willem Lodewijk Gymnasium yn Grins, studearre skiednis en filosofy en promovearre yn de godstsjinstwittenskip, beide oan de Rykuniversiteit Grins. Dêrnei hat er, soms yn in tsjinstferbân, soms as freelancer, himsels bewiisd as wittenskiplik publisist. Yn 2001 waard er oansteld as kultuer- en literatuerhistoarikus by de Fryske Akademy en fan dêrút yn 2006 beneamd ta bysûnder heechlearaar Fryske Taal en Letterkunde oan de Universiteit fan Amsterdam. Fan 2008 ôf beset er, as opfolger fan Germ de Haan, de learstoel Fryske Taal- en Letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins.

Yn syn publikaasjes beweecht Jensma him op it mêd fan wittenskips-, kultuer- en literatuerskiednis yn de perioade 1500 oant no. In bysûnder plak nimt dêrby ek de Fryske kultuer- en literatuerskiednis fan de njoggentjinde en tweintichste ieu yn. Syn stúdzje Het rode tasje van Salverda (1998) hat in soad ynfloed hân op it tinken oer Fryske kultuer. Foar it boek krige er yn 2001 de Joast Halbertsmapriis fan de Provinsje Fryslân. Jensma mei ek graach wat mear essayistyske stikken skriuwe oer aktuele kultuerproblematyk yn de provinsje. Op grûn fan dyselde belangstelling hat er b.g. warber west as einredakteur de Kanon fan de skiednis fan Fryslân en hat er sit yn in stikmannich oare projekten en/of kommisjes.
Publikaasjes, werjûn yn de katalogus fan Tresoar.

 

Post Jantsje foto Lorette Dorrenboom
Foto: Lorette Dorrenboom

Jantsje Post (Harns, 1963) groeide op as boeredochter yn Seisbierrum. Nei in middelbereskoalletrajekt fan mafû, hafû en atheneum yn Harns en Ljouwert, studearre se Oersetwittenskip (Nederlânsk, Dútsk en Frysk) oan de Universiteit fan Amsterdam en de Christian Albrechts Universität yn Kiel. Sûnt 1995 wurket se as free lance oersetsetter út it Dútsk en Ingelsk en út en nei it Frysk. Har grutste produksje leit op it mêd fan skiednis, religy en spiritualiteit. Dêrneist sette se in tal literêre titels oer út it Frysk yn it Nederlânsk. Fan 2010-2012 folge se de oplieding ta literêr oersetter oan de Vertalers Vakschool yn Amsterdam. Dat resultearre yn in talintebeurs fan it lanlike Letterenfonds. Eigen dichtwurk en koart proaza is ferspraat publisearre, ien fers fan har waard opnommen yn de blomlêzing Het goud op de weg fan Abe de Vries.
Foar mear, sjoch www.jantsjepost.nl .


[pleatst 14.12.2012]