Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe yn har gearkomst fan 11 desimber lêstlyn de advyskommisje beneamd foar de Gysbert Japicxpriis 2013. De priis sil takend wurde foar oarspronkelike Fryske poëzij út it tiidrek 2009-2012; dat kin ien bondel wêze of in hiel oeuvre. De foarige dichter dy’t de priis wûn wie Anne Feddema yn 2009 foar de bondel Reidhintsje op 'e Styx. In oersjoch fan alle priiswinners stiet hjir.

De kommisje bestiet út Jetske Bilker, Goffe Jensma en Jantsje Post.

Yn jannewaris 2013 sil op Sirkwy de groslist pleatst wurde fan alle titels út it oanbelangjende tiidrek dy’t yn de beaming komme foar de priis.

Lês mear...

Nederlands
English
Nijsitem Tresoar

 

De Gysbert Japicxpriis

De Gysbert Japicxpriis is de grutte priis fan de Fryske literatuer. De namme ferwiist nei de santjinde-ieuske Fryske renêssânsedichter Gysbert Japicx, berne yn Boalsert. De priis waard yn 1947 ynsteld troch it Provinsjaal Bestjoer. De earste priiswinner wie de dichter Obe Postma (1868-1963), oer it generaal sjoen as ien fan de grutte Fryske dichters.
De frekwinsje fan takennen feroare yn de rin fan de tiid in pear kear. Tsjintwurdich wurdt de priis om de twa jier útrikt, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzij.
Yn 2013 wurdt de priis foar de 33ste kear takend. It Provinsjaal Bestjoer hat besletten dat der dit jier mei in fan tefoaren bekendmakke shortlist wurke wurdt. Dat is foar it earst yn de skiednis fan de priis.
De priiswinner wurdt bekendmakke op it boekefeest yn Tresoar op 13 septimber, de priisútrikking sels is op 12 oktober om 14.30 oere yn de Martinitsjerke yn Boalsert.

Lês mear...