In petear mei Piter Boersma by syn 75e jierdei. Troch Hein Jaap Hilarides.
2
In omslach
Piter hat yn syn skriuwerskip in omslach makke fan it hyper-realisme nei it realisme mei absurde fantasyen. Op in stuit lies hy boeken fan Richard Brautigan. Dy Amerikaanske auteur skriuwt fragmintarysk, enoarm fantasyryk en net realistysk. Just op dat fragmintaryske sloech Piter oan. Hy koe al noait rjocht in ferhaal fan begjin ta ein lêze. Boppedat hold hy fan kollaazje-achtige ferhalen, en dat wie presys sa’t Brautigan skreau.
‘Binnen dat fragmintaryske wie it foar my makliker om oare dingen yn myn wurk te bringen, lykas de fantasy, de mearke-eleminten en it absurdisme.’
Dy ynfloed kaam dúdlik by Brautigan wei. Yn de Fryske literatuer wie der net ien dy’t dat sa skreau.
Piter Boersma pakt De krêftproef fan it tafeltsje en seit: ‘Sjoch, dit boek is eins in puere fantasy. Der sitte wol fasetten yn dy’t mei de realiteit te meitsjen hawwe, mar it is in fantastysk boek. Sommige fragminten kinst as realisme beskôgje, mar asto it ferhaal as gehiel sjochst, dan is it in mozayk. It boek rint wol ergens op út. Mar it ferhaal hat gjin begjin en ein, dêr hâld ik net sa fan, en it is benammen dus wer in besykjen om los te kommen fan it autobiografyske.’
Fertichte realisme
It fragmintaryske is in generaal skaaimerk fan it wurk fan Piter Boersma, sawol foar syn poëzy as foar it proaza. Syn kracht leit yn it beskriuwen fan de deistige dingen en de rituelen fan it libben. Dat docht Boersma op sa’n super realistyske wize dat je wat hy beskriuwt hast net mear leauwe. De dingen op papier stige om it samar te sizzen boppe de dingen yn de werklikheid út. Piter: ‘Wat der beskreaun wurdt, is sa realistysk as wat. Ik ha it hielendal opskreaun sa’t it wie. Mar it realisme is fertichte. Trochdatst watst beskriuwst fertichtest en konsintrearrest, ferheffe je it yn de tekst ta in ritueel.’
In moai foarbyld is it gedicht ‘de hiele dei foar my allinne’ (ritueel XXII) út Ritueel. Dat is Boersma syn sande dichtbondel, dy’t ferskynde yn 2005. It fers begjint sa: ‘hjir sit ik it is njoggen oere it is sneon myn frou is hjoed fuort’. Folle realistysker kin it net, soenen je hast sizze. Dan komt de sin ‘ik ha hjoed de hiele dei allinne om dit gedicht te skriuwen ûnstjerlik fiel ik my’. It is in moai brechje nei de omslach yn it gedicht. Want dan mimert de dichter dat in man ‘trochinoar nommen seisensantich wurdt’. Om’t de dichter op dat stuit seisenfyftich is, hat er noch mar tweintich jier te libjen. Hy mimert oer wat er allegear dien hat en wat er yn de kommende tweintich jier noch dwaan wol. De dichter slút licht en posityf ôf mei de wurden ‘ik fiel my no lykwols net te leauwen goed om’t ik de hiele dei foar my allinne ha’.
Posityf boadskip
Piter is in dichter dy’t in gedicht mei in posityf boadskip einigje kin, sûnder dat it sentiminteel wurdt. Dat is in kwaliteit op himsels en tagelyk ek in skaaimerk fan syn wurk. It is lykwols gjin manierke, want faak genôch ferbrekt er him, sa’t ik sa sjen litte sil.
Je soenen in ‘posityf’ fers as ‘licht gedicht’ bestimpelje kinne. Hoe licht of swier in gedicht is, hinget lykwols ôf fan wat de lêzer der yn lêst. Yn it gedicht tinkt de dichter nei oft er de seisensantich helje sil. Op de dei fan it petear hat Piter hast dy leeftiid. Yn dy sin hat hy de gedachte ôfmakke en is hy sels it gedicht wurden. Sa’n ‘bykomstichheid’ (want ik keas dit fers tafallich út) telt ek mei yn de persepsje. In oare bykomstichheid is dat ik, wylst ik dit stik skriuw, de hiele dei foar my allinne ha en myn frou fuort is. Dizze bykomstichheden meitsje in gedicht foar de lêzer ek ta wat it is of yn potinsje wêze kin.
Foto boppe-oan: Piter Boersma, Pieter Terpstra, Douwe Kootstra, Tjits Jonkman-Nauta en Tine Bethlehem by it Frysk Festival 1985. Foto: Ikonografy Tresoar.
Lês hjirre part 1 werom.
Meikoarten it tredde en lêste part.