In petear mei Piter Boersma by syn 75e jierdei. Troch Hein Jaap Hilarides.

3

Ik sjoch
Om myn punt te meitsjen, foldocht ritueel XXIII miskien better as foarbyld.

ik sjoch

ik sjoch nei wat blau
is nei wat grien is
ik sjoch nei wat wyt
nei wat swart is ik
sjoch nei wat read is

ik sjoch de himel
ik sjoch de greiden
ik sjoch twa swannen
ik sjoch de modder
bloed út ’e wûne

It gedicht hat in ferriederlik ienfâldige struktuer. De kleuren yn de earste strofe komme werom yn de objekten yn de twadde strofe. De kleur – hyper-realistysk – ferwurdt ta it objekt. Mei de wurden makket de dichter in abstrakt gedicht. It opskowen fan it tiidwurd ‘is’ yn de earste strofe helpt derby. It fernimstige fers is fan in ferskuorrende skjintme. En sa binne der folle mear fynsten yn de poëzy en it proaza fan Piter Boersma te finen.

It útsjoch
Ik bin in leafhawwer fan de poëzy fan Piter Boersma. Dochs is myn favorite boek It útsjoch. Yn dit wurk lit de skriuwer de leie los. It bestiet út allegear koarte en langere stikjes en stikken. Prachtich binne de oantinkens oan de kearen dat de skriuwer as jonkje en jonge útfanhûs wie op de Grauwe Kat, in buorskip ûnder Wytmarsum. Ek de proazastikken oer Warten binne mei ynmoed skreaun, benammen as de heit fan Boersma dêr in rol yn spilet.
Ik wol hjir lykwols in pear aforistyske útspraken oer it skriuwen sels nei foaren helje:

          As ik skriuw, libje ik. (p. 5)

          Hoe’t ik it my foarstel: ik skriuw en wilens ûntmaskerje ik wat ik skriuw, ik lit sjen hoe’t ik my klaai. (p. 8)

          Wat ik skriuw, is de stok dêr’t ik wetter mei út ’e rots slach. (p. 34)

          Ik skriuw foar mysels. Allinne foar mysels. Want as ik skriuw, bin ik net iensum, fiel ik my net fan de minsken ôfsûndere, libje ik net yn
          skyn, mar wier mei har. Allinne as ik skriuw, kin ik wat foar har betsjutte. (p. 76)

Dizze sitaten binne frijwat paradoksaal. Pas as de skriuwer skriuwt, dan libbet er. Boppedat skriuwt de skriuwer allinne foar himsels. Mar as er skriuwt, is er tagelyk mei de minsken. Pas dan kin er wat foar de minsken betsjutte. Dyselde tsjinstelling sit ek wer yn de folgjende gedachte:

          Ik ha pas it gefoel dat ik werklik yn de wrâld om my hinne tahâld, der werklik kontakt mei ha, as ik neitink oer mysels. (p. 187)

Op de lêste bledside fine wy de titel fan it boek.

          In boek jout gjin ynsjoch, it biedt útsjoch. (p. 235)
 
It boek fan Boersma jout my, lykwols, just wol ynsjoch: yn it skriuwerskip fan de skriuwer, yn de geast fan de minske en yn de absurditeiten fan it libben. Troch sjen te litten, troch útsjoch te bieden, dat is wier. Mar dat útsjoch kin neffens my ta ynsjoch liede. Ik hie it Piter Boersma freegje moatten. Litte wy hoopje dat de skriuwer noch tweintich jier libbet. Dan ha ik alle tiid om it him noch ris foar te lizzen.

Lês hjirre part 1 en part 2 werom. Dit wie it lêste part. Yn literêr tydskrift Ensafh ferskynt meikoarten noch in stik fan Hein Jaap Hilarides oer Piter Boersma.