Berne: 04-01-1948, HALLUM

KIaas van Tuinen waard berne yn 1948 en groeide op yn Hallum. Hy wurke as kondukteur en nei in skriuwkursus koarte ferhalen publisearre er twa romans.

 

Libben en wurk

Hy waard berne yn 1948 en groeide op yn Hallum. Nei acht jier oargelles wie er 1964 oant 1968 oargelist yn Hegebeintum. Yn 1977 kaam er by de NS te wurkjen as kondukteur. By it FLMD folge er in kursus koarte ferhalen skriuwen.

Yn 2002 ferskynde syn earste boek. Yn Libben, Leafde en Leauwe. Dêryn beskriuwt er hoe’t er opgroeide yn Hallum. Hy fertelt oer it deistich libben, syn fertriet en freugde, de lytse en grutte soargen en foaral ek de nocht en de wille. Hy slagget oan wurk yn it fabryk en rekket de earste kear fereale. Syn twadde boek Bliuwend oantinken is in libbens- en leafdesferhaal en tagelyk in famylje- en doarpsskiednis. It spilet him ôf yn Stobbegat, it lettere Vegelinsoard. 

Oer syn treinaventoeren skreau er yn 1997/1998 in kollum ûnder de skûlnamme: Gerard Gardenier, mei de titel: 'De Conducteur Vertelt...' Yn 2004 ferskynde it (Nederlânsktalige) De conducteur vertelt oer wat er meimakke as treinkondukteur.

WURK


Publikaasjes
2002: Libben, Leafde en Leauwe
2003: Bliuwend oantinken
2004: De conducteur vertelt 

Mear ynformaasje

 

©Tresoar, 10-03-2021