Berne: 1690, frjentsjer
stoarn: nei 1757
-
Boeken, AV materiaal, artikels
- DIGITALE BIBLIOTHEEK NEDERLANDSE LETTERENDIGITALE BIBLIOTHEEK NEDERLANDSE LETTEREN
-
Gedichten
-
BYLDMATERIAAL
-
biografy nl
Simen Jans Althuysen wie in skriuwer yn it Midfrysk.
Libben en wurk
Simen Althuysen wie wolkjimmer en in begoede boarger fan akademystêd Frjentsjer. Hy skreau in soad gelegenheidsdichten en foarfallen út it libben fan de stedhâlder en fan syn kunde. Se binne oerlevere út de jierren 1734-1750. Under syn anonym útjûne debút út 1734, in gedicht op it houlik fan stedhâlder Willem Karel Hindrik Friso, stiet dat it skreaun is troch leafhawwers fan de stedhâlder. Yn it meartal dus. Mooglik wie it syn soan Jan Althuysen (1715-1763) dy't him holp.
Heit en soan hawwe de psalmberiming fan Gysbert Japicx ôfmakke. Se folgen de doe gongbere beriming fan de psalms fan Datheen sa't dy doe yn tsjerke songen waarden. Doe't it klear wie, is in bondel fan gedichten, mei as titel Fryske Rymlerije fan de beide Althuysens en fan Gysbert Japicx útkommen. Dêroan tafoege harren beriming fan de 100 psalms mei as titel David my dy oare lofsangen.
WURK
Publikaasjes
1755: Friesche Rymlery, yn twaa dielen bestaende, wier sin it ierste bystiet yn Forjyeringsrymmen, Brulloftsrymmen, Forstaerrringsrymmen in Mingelrymmen; it oorde diel bystiet uwt dy 150 Psalmen sin David mey dy oorre Lôfzangen.
©Tresoar, 16-06-2020