Berne: 09-05-1941, Easternijtsjerk
Ferstoarn: 20-07-1998, De Rottefalle
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
De skriuwster Froukje Annema-Noordenbos is op 9 maaie 1941 berne yn 'e Dongeradielen op in boerepleats ûnder de reek fan Easternijtsjerk.
Nei de legere skoalle gong hja nei de mulo yn Dokkum en dêrnei nei de oplieding ta beukerliedster yn Ljouwert. Har earste baan wie oan de beukerskoalle yn Ternaard. Nei har trouwen wenne hja in skoftlang om utens, mei't har man wurk krige yn 'e Saanstreek en letter yn Drinte. Letter binne de Annema's yn 'e Wâlden te lâne kommen en hawwe hja tweintich jier yn Drachten en letter yn de Rottefalle wenne. Op 20 july 1998 is hja dêr ferstoarn.
Mei't Froukje Annema ein sechstiger jierren in 'Hollânske' skriuwkursus folge, begûn hja yn it Nederlânsk te skriuwen, mar dat foldie har net. Doe't hja har nei twa skriftlike AFUK-kursussen wat wisser fielde yn de eigen taal, is hja - op oantrún fan har begelieder Jan Stienstra - yn 1972 begûn koarte ferhalen yn it Frysk te skriuwen foar it Frysk Lânboublêd en foar Frysk en Frij. Hja debutearre yn boekfoarm yn 1977 mei in bondeling fan dy ferhalen ûnder de titel "Birop: gjin". Njonken fiksjoneel wurk publisearre Froukje Annema ek in grut tal fraachpetearen yn Frysk en Frij, it blêd, dêr't hja as part-time sjoernaliste oan ferbûn wie. Sûnt septimber 1993 wurke hja ek foar de Friesland Post.
Underwilens wie hja ek begûn foar bern te skriuwen en dat hat der ta laat, dat hja fan 1980 oant 1986 de Fryske Bernekrante redigearre. Tusken 1982 en 1987 binne der sân berneboeken útkommen.
De iennige dichtbondel, Snypsnaren, foel der by it publyk sa goed yn, dat der yn 1985 in werprintinge makke waard, mar de literêre krityk wurdearre de poëzy fan Froukje Annema net sa geunstich.
Dat hja in skriuwtalint wie, dat hiel wat sjenres treast wie, blykt út it sukses, dat hja mei har wurk foar toaniel en kabaret hie. Se skreau in grut tal jûnfoljende stikken en ienakters. Guon jûnfoljende stikken hat se ek oerset yn it Nederlânsk.
Dochs binne de romans dy't hja op har namme brocht hat it wichtichste yn it oeuvre fan Froukje Annema. Mei't hja in maklike, flotte manier fan skriuwen hie, sprutsen har boeken in breed lêzerspublyk oan en omdat it benammen relaasjes en relasjonele problemen wiene dy't hja oan 'e oarder stelde, binne it yn haadsaak froulju dy't har wurk tige wurdearje. Har meast persoanlike en dêrtroch faaks bêst slagge boek is Sûnder garânsje (yn 1992 twa kear printe) dat de teheistering beskriuwt fan in frou dy't kanker blykt te hawwen. Yn it koarte ferhaal Dyn kânsen binne goed hie se itselde tema al yn 1990 sa knap útwurke, dat se foar dat ferhaal in Rely Jorritsma-priis krigen hat.
Bibliografy
Romans
1988: Twasprong (2de pr. 1989)
1990: Maleur yn maaie
1992: Sûnder garânsje (2de pr. 1992, 3de pr. 1999)
1993: It fiifde tsjil
1996: Kearpunt
1997: Heit
Ferhalebondels
1977: "Birop: gjin"
1981: Diggelguod (2de pr. 1986)
1983: Utferkeap
1986: Gefaar op 'e dyk en oare ferhalen
1991: Mei in fleurich sin
1995: De trein fan 15.13
Berneboeken
1982: In kat is gjin hûn
1983: Gjin flat foar Jelke
1984: Bargebiten
1984: It slot yn 'e sleat
1987: Noch in ferhaaltsje (berneferhalen)
1987: Snobbersguod (knipprinten fan G. IJsselstein-Terpstra mei ferskes fan F. Annema-Noordenbos)
Poëzy
1984: Snypsnaren (2de pr. 1985)
Ferskaat
1987: Libelle it grutste frouljusblêd fan Nederlân(en Fryslân) yn 'e FRYSKE TAAL (oerset mei Hylkje Goïnga, Akky van der Veer, Baukje Wytsma) Bylage: Fiif koarte ferhalen
Prizen
1990: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Dyn kânsen binne goed)
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Opnamen by Operaasje Fers
©Tresoar, 24-10-2018