Berne: 03-11-1917, Makkum
Ferstoarn: 24-04-1987, Barendrecht
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Wibren Altena waard op 3 novimber 1917 berne te Makkum, as soan fan in binnenskipper. Hy kaam út in rooms katolyk gesin, nei de legere skoalle gong er nei Sint Michielsgestel om dêr oplaat te wurden ta misjonaris. Letter gyng er oer nei de prysteroplieding yn Cadeer en Keer.
Krekt foardat er ynwijd wurde soe kaam er ta it ynsjoch dat pryster wurde dochs syn ropping net wie en luts er him werom. Yn 1938 wie er werom yn Makkum. Hy krige dêr in baantsje as behearder fan keunsthûs Statum, as opfolger fan Hein Faber. De fertsjinst wie lyts en Altena besocht fan alles om der wat by te fertsjinjen, meastal mei net al te folle sukses.
Yn de oarloch sette er him yn foar de yllegaliteit, hy wie ûnder oaren belutsen by droppings. Al yn 1937 wie er begûn mei it skriuwen en publisearjen fan fersen. Om better yn it Frysk skriuwe te kinnen folge er by de Afûk de kursus Frysk LU. Yn de oarloch skreau er ûnder inisiaal gedichtsjes dy’t publisearre waarden yn ûnder oaren it Leeuwarder Nieuwsblad en it Bolswarder Nieuwsblad, dêr sieten wol gauris anti-Dútske stikelstikjes by. Sels neamde er dat ‘ûndogenske dinkjes’.
Nei de oarloch begûn er mear en langere stikken te skriuwen. Mei dy lange gedichten, dy’t it bêste omskreaun wurde kinne as berime satire, gyng er de boer op. Yn koarte tiid boude er in grutte namme op as foardrager. Altena hie de jefte om allinnich al mei syn opkommen in hiele seal oan it laitsjen te krijen. Minsken dy’t in optreden fan him meimakke hiene, praten dêr jierren letter noch oer. Dr. Watze Hiddema fan Frjentsjer fertelde oer sa’n optreden: ‘Ik kin der sa gau gjin goed Frysk wurd foar fine, mar Wibren Altena wie in ‘begenadigd’ foardrager. (...) Dy man hie wat, wy wiene stapelgek mei him. Wy reizgen achter him oan. As hy ‘Kokedei’ die, dan leinen de minsken dûbel. En hy die neat...’ (Leeuwarder Courant, 28-04-1987).
De earste jierren nei de oarloch reizge Altena as foardrager troch de provinsje en nei de Fryske kriten yn de rest fan Nederlân. Benammen mei de ‘Ballade fan Longerhou’ en mei ‘Kokedei’ hie er in protte sukses. De humor fan Altena kaam net fuort út in licht gemoed, hy wie swiersettich en net maklik foar himsels en foar oaren. Yn syn humor siet selsspot en wat fan ôfstannelikens. Yn syn wurk naam er, sa’t it like ôfstân fan himsels en fan syn omstannichheden.
Altena troude yn 1952, al ridlik gau dêrnei namen syn optredens ôf. Doe’t de famylje yn 1956 ferhuze nei Barendrecht, dêr’t Altena in baan krigen hie as redakteur fan it personielsorgaan fan skipswerf Van Ommeren, hold er hielendal op mei syn wurk as Frysk entertainer. Hy sette tagelyk in punt efter de measte kontakten dy’t er hie yn Fryslân.
Wibren Altena is yn 1987, op de leeftyd fan 69 jier, ferstoarn nei in slimme sykte. By syn libben hat er nea tastimming jûn om syn wurk te publisearjen en yn boekfoarm út te jaan. Ferbean hie er it ek net, sadwaande hat syn dochter Carolien, yn ’e mande mei Douwe Tamminga war dien om syn neilitten wurk te oarderjen en printe te krijen. It is yn 1990 ferskynd yn in bondel dy’t as titel De laitsjende wierheid krigen hat. De titel ferwiist nei it satiryske wurk fan de Romeinske dichter Horatius.
Bibliografy
Ferskaat
1990: De laitsjende wierheid (sammelbondel)
2012: Bennie Huisman: Wibren Altena, swalker yn 'e geast (biografy)
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
©Tresoar, 24-10-2018