Berne: 21-03-1982, ljouwert
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
byldmateriaal
-
biografy nl
Libben en wurk
Janneke de Boer wennet mei Piet Douma, de eardere sjonger fan de groep Ramsk, en haren trije bern yn Weidum.
Se folge de opliedingen Aktiviteitebegelieding en Sosjaal Pedagogysk Wurk. It skriuwen hat foar har altyd in wichtich plak ynnommen, oft it no om ferhalen giet of om reklameteksten, sa't se tsjintwurdich docht as meiwurkster PR. Mei de mear persoanlike ferhalen sette se útein doe't se hjirfoar frege waard troch de redaksje fan streekblêd Op 'e Skille. Dat waard it startskot foar mear: se waard ZZP'er en begûn mei it skriuwen fan fiksje.
In bysûnder part fan har ûnderfining leit by in online boartersguodwinkel dêr't se fiif jier lang reklameteksten foar skreau. Dat betsjutte dat der ûnder tiidsdruk levere wurde moast, in weardefolle learskoalle foar wat se fan 2015 ôf opset hat: in eigen ûndernimming yn tekst en kommunikaasje. Dêrneist is se warber foar it blêd Keats! fan de KNKB, it blêd Heit en Mem en as blogger op in ferskaat oan websiden, lykas Doarpswurk [1].
Om it skriuwen foar bern better ûnder de knibbel te krijen, folge Janneke de Boer in pear kursussen by Lida Dykstra. Nei't se 2015 mei in koart ferhaal in skriuwwedstriid wûn hie, folge in jier letter har earste berneboek Rôversguod. It ferhaal draait om de bân dy't haadpersoan Fekke mei in roek opbout, in relaasje dêr't er yn kwyt kin wat him dwaande hâldt. Fan Rôversguod makke Tsjerk Kooistra in bernefoarstelling foar Harmonie Weidum, dy't seis kear op ferskate lokaasjes spile waard.
Yn 2017 folge de publikaasje fan it printeboek Stikel en it koartste paad nei Lange Prins, in kombinaasje fan proaza, poëzy en eigenmakke yllustraasjes, al is se neffens eigen sizzen [3] 'net in tekener'. Tjitske van Dijk [2] konkludearre oer dit boek: 'Al mei al is Stikel en it koartste paad nei Lange Prins in fleurich printeboek om foar te lêzen, om te lústerjen, om te rimen, om te rieden, om te kleurjen, om te tellen, om yn te sykjen en om mei te boartsjen'.
Geheimen út 'e Boskberch kaam út yn 2018. Bysûnderheid is dat Janneke hjirfoar in eigen útjouwerij [4] oprjochte: De Boekebei. Yn it ferhaal slút se oan by de ûntdekking fan in fjouwerhûndert jier âlde iik yn it Drintsk-Fryske Wâld. Trije slakken nimme de lêzer mei de grûn yn om wat him dêr ôfspilet te ûntdekken. Tjitske van Dijk [5] priizge dit boek fanwege de yllustraasjes en ek it ynformative aspekt as it giet om bygelyks bijen. Tagelyk, en miskien ek dêrtroch, hie se it gefoel dat Geheimen út 'e Boskberch takind hie mei krekt wat minder tekst.
Neist har berneboeken publisearret Janneke de Boer ek geregeld koarte ferhalen, û.o. yn it blêd Tsjek.
Boarnen foar dit artikel
[1] Doarpswurk, blogs
[2] Tjitske van Dijk, Tante Tjits 14-09-2017
[3] Rynk Bosma, De Moanne 28-09-2017
[4] De Boekebei (webside)
[5] Tjitske van Dijk, Tante Tjits 23-09-2018
Wurk
Berneboeken
2016: Rôversguod
2017: Stikel en it koartste paad nei Lange Prins
2018: Geheimen út 'e Boskberch
2022:De Bleate Bille Binde (Boppe!) - it Spulwike Kompleks (foar Spulwike Littenseradiel 50 jier)
Prizen
2015: Ferhalewedstriid Skriuwersboun, FD en OF (1e priis foar ferhaal Rjochtdei)
Mear ynformaasje
Ferhalewedstriid, Omrop Fryslân 27-03-2015 (fideo)
Tjitske van Dijk, Tante Tjits 12-09-2016 (besprek Rôversguod)
Tjitske van Dijk, Tante Tjits, 14-09-2017 (besprek Stikel en it koartste paad nei Lange Prins)
Elizabeth Hietkamp, FD 03-11-2018 (besprek Geheimen út 'e Boskberch)
Rixt Oenema, LC 25-09-2018 (oer Geheimen út 'e Boskberch)
Sokiets, eigen blogspot fan Janneke de Boer
©Tresoar, 03-08-2022
Foto auteur: Haye Bijlstra, Tresoar.