Berne: 22-04-1920, TSJERKGAAST
STOARN: 04-07-2014, BOALSERT
-
BOEKEN, AV MATERIAAL, ARTIKELS
- DIGITALE BIBLIOTHEEK NEDERLANDSE LETTEREN
-
Gedichten
-
BYLDMATERIAAL
-
biografy nl
Jan Bouwhuis waard berne yn 1920 yn Tsjerkgaast. Hy wie boer en skreau syn libben lang stikjes 'foar de aardichheid'. Yn 2007 ferskynde in boek mei folksferhalen en yn 2019 postúm in ferhalebondel oer syn ferbliuw yn it fersoargingshûs.
Libben en wurk
Jan Bouwhuis waard berne yn 1920 yn Tsjerkgaast. De legere skoalle folge hy yn Sint-Nyk, de ulo en Lânbouskoalle op It Hearrrenfean. Yn de oarloch helle hy de Fryske akte by Jan Piebenga. Hy joech twa jier les Frysk letterkunde en skiednis.
Hy wie boer yn Parregea en hie dêrneist tal fan bestjoersfunksjes. Sa siet er 14 jier yn it bestjoer fan de Koöp. Suvelfabryk ‘De Goede Verwachting’ yn Warkum, wêrfan 11 jier skriuwer. Hy wie foarsitter fan de gersdrûgerij Warkum, fan de C.A.F Boalsert en it ‘Rode Kruis’ Wûnseradiel en ferfolle fierder sa’n bytsje alle bestjoersfunksjes yn Parregea, útsein tsjerke en skoalle.
Foar it 75-jierrich bestean fan ‘De Goede Verwachting’ yn 1976 skreau hy yn opdracht fan it fabryk it boekje Troch waar en wyn, in oersjoch gearstald oer it ûntstean en groei fan de suvelkoöperaesje yn de Súdwesthoeke.
Hy skreau syn hiele libben al om’t hy der aardichheid oan hie, fan âlde folksferhalen oant haikûs. In soad nocht hie hy ek oan gelegenheidswurk op rym wêrfan in soad ferskes. Nei syn pensjoen wie de tiid dat hy alle folksferhalen optypt hat. Hast alle ferhalen, de measten dêrfan út Gaasterlân, hie hy meikrigen fan heit Tjitte Bouwhuis en mem Durkje Hooghiemtsra. It wie in echte fertellersfamylje en der waard in soad songen. De measte ferhalen hiene in moraal. Yn stee fan de Bibel waard yn dit roomske fermidden it folksferhaal ferteld. Yn 2007 is in boekje útjûn mei in samling fan 121 folksferhalen, It kin wier wêze. De presintaasje fûn plak yn ‘Meerzicht’ tusken Balk en Wikel, dêr’t syn pake en beppe Age en Otsje wenne ha.
De lêste jierren fan syn libben brocht Bouwhuis troch yn in oanleunwenning fan it fersoargingshûs Huylckenstein yn Boalsert. Hy skreau dêr hûndert ferhalen oer it libben en de minsken, mei humor en selsspot. It boekje mei dy ferhalen, De Trochreed, is postúm útbrocht yn 2019.
WURK
Publikaasjes
1976: Troch waar en wyn
2007: It kin wier wêze
2019: De Trochreed
Mear ynformaasje
Sietse de Vries, LC 27-12-2019
©Tresoar, 29-03-2021
Byld: Eigen foto