Berne: 08-09-1893, Boazum
Ferstoarn: 16-02-1922, Ljouwert
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Pyt van der Burg wie de soan fan Jan Linses van der Burg, dy’t bekend waard as skriuwer fan it liet It heitelân. Opgroeid yn in Frysksinnich miljeu rekke er sels ek oan it skriuwen en krige er bekendheid as dichter. Hy waard net âld. Yn 1911 gie er al foar in kuer nei Davos, yn 1922 ferstoar er oan de gefolgen fan tuberkuloaze.
Pyt van der Burg lei him ta op natoer- en leafdeslyryk. Yn 1934 joech de Fryske Bibleteek syn wurk út ûnder de titel Fersen. It wurk yn dy bondel wie fakentiids al earder publisearre yn Frisia. Yn De Tsjerne fan desimber 1957 ferskynden letter net earder publisearre gedichten fan Van der Burg, mei in ynlieding fan Dr. Y. Poortinga. It gie dêr om mear yntym wurk dat Van der Burg oarspronklik skreau foar Meike Steenstra, de direktrise fan it Ljouwerter Stedsssikehûs. By einsluten waarden se bondele yn Van der Burg syn Samle fersen (2012). Poortinga skreau oer Van der Burg: ‘It wurk fan Pyt van der Burg is in swietlûdich treurliet, krekt as de skriezerop. It is foar in grut part natuerlyryk, mar troch de blydskip om it belibjen fan de natuer hinne brekt hieltiten wer de klacht oer it eigen net te hieljen leed.’
Douwe Kalma priizge it wurk om syn suverens. Yke Boarnstra gie yn syn bondel Waeksen ark (mei in ferskaat oan neilitten literêr wurk) yn op de muzikaliteit yn de gedichten fan Van der Burg. Derneist seach er it sa: ‘Wat de fersen fan dizze dichter fierder allinnich al ta hege keunst stimpelet, is de grutte ienheid dy’t hy konstatearret en oars skept tusken itjinge hy uterlik oanskôget en ynderlik trochlibbet.’
In priuwke:
No is it heechste lok my jûn,
Dat ea in minske op ierde fûn;
Ik fiel it om my hinne
En dochs soe ’k skrieme kinne.
Boarnen foar dit stik
Artikels by dit stik en materiaal yn knipselmap Tresoar
Bibliografy
Poëzy
1934: Fersen
1957: Unbikende fersen fan Pyt van der Burg (besoarge troch Y. Poortinga yn De Tsjerne nr. 12)
2012: Samle fersen
Oersettingen
1957: Acht gedichten fan Klaus Groth, yn De Tsjerne
Mear ynformaasje
©Tresoar, 16-01-2019