Berne: 14-08-1952, StaRUM
FERstoarn: 18-03-2018, starum

Doede Bleeker wie in sjonger, trûbadoer en dichter. Hy song yn syn memmetaal, it Staversk. Syn bynamme wie de 'Staverse misthoorn'. Hy neamde himsels in Stedfryske trûbadoer, of ek wol de Singende Fisboer.  

Libben en wurk

Doede Bleeker waard berne yn 1952 yn Starum, de stêd dêr't er syn hiele libben wenne. Hy hie in fiskhannel, mar begûn begjin jierren tachtich, doe't er gjin wurk hie, mei it skriuwen fan ferskes, gedichten en ferhalen, benammen yn it Starumer dialekt fan it Stedsk, dat syn memmetaal wie. Hy hie it muzykmeitsjen himsels oanleard, as akoestysk singer-songwriter makke er muzyk yn de styl fan Americana en blues. In earste optreden op strjitte yn Snits smakke him nei mear, en hy begûn faker as sjonger op te treden. Hy waard bekender en syn muzyk waard draaid op de radio en hy spile op ferskate festivals lykas it Frysktalige Aaipop.

Hy makke ferskate albums. Yn syn lietsjes siet faak humor, lykas de nûmers 'Switsokken' en 'Skouderham', mar ek serieuze saken gie er net út de wei. Hy skreau oer ûnderwerpen ticht by hûs, oer it libben sels, en doarde him kwetsber op te stellen. Yn 2007 brocht er syn lêste cd út mei inkeld serieuze nûmers, wêrûnder 'Bliif Nyt Soa Lang Fut', oer in freon dy't út it libben stapt wie, en 'Sij Ging Fut', oer de ein fan in relaasje. Hy wie der ûngelokkich mei dat syn serieuzere muzyk negearre waard en sette de lêste tsien jier fan syn libben syn artystekarriêre op in leech pitsje. Hy lei him benammen ta op syn fiskhannel. Op Omrop Súdwest hie er it radioprogramma Buutenstaanders, dêr't er 'ûnderwurdearre' muzyk draaide dy't net op lanlike stjoerders te hearren wie. 

Oer syn skriuwen sei er: "Ik skriif myn leven lang al ferhalen. Froeger op skoal al, ik had un map fol en ik wist nyt wat ik der met doën sú. Toen hew ik se mar in ut asfat goaid, mar dêr het oans mem se wear útfist." Hy skreau anekdoatysk oer moetingen en ek oer selsbetochte typkes. Hy skreau ek in skoft in 'Kòllum in ut Stavers' yn it tydskrift Frysk en Frij.

Yn 2018 kaam er hommels te ferstjerren oan hertproblemen.

WURK

Publikaasjes

Muzyk
1984: Foor de fatsoensrakkers (lp)
1987: Rauwkost (lp)
1991: Ik bin een brulkikker (cd)
1994: Ontspoard (cd)
1997: Mengde gefoelens (cd)
1998: Sweefteef (cd
2007: Omarmd op Texel (cd)

Boeken
1987: Pretletters op de klaagmuur (dichtbondel)
2007: Kopziekte (ferhalebondel)

Mear ynformaasje
Reportaazje oer 'Mengde gefoelens', Omrop Fryslân 18-03-1987
It Petear, Omrop Fryslân 18-04-1995
Jacob Haagsma, LC 20-03-2018 (in memoriam)
Jacob Haagsma, LC 03-04-2018 (earbetoan op Aaipop)
www.streektaalzang.nl

Foto: Simon Bleeker

©Tresoar, 25-05-2021