Berne: 24-01-1956, surhústerfean

Adri de Boer is in trûbadoer dy't Frysktalich eigen wurk sjongt. Hy begeliedt himsels op piano en gitaar. Syn repertoire bestiet út harksankjes, meisjongers en lietsjes mei in knypeach.

Libben en wurk

Adri de Boer waard berne yn 1956 yn in muzikaal fermidden. Oargelles hearde by de opfieding, en heit en mem songen omraak. Yn 1971 (hy wie 15 jier) wie er oargelist yn it koar De Shalom Singers yn Surhústerfean. Letter rjochte er mei sjonger Geert van der Velde de band Mirre op. Yn 1973 kaam er as 17-jierrige op Borneroord yn Beetstersweach te wurkjen dêr't oan de praat rekke mei kollega’s dy't de band Interlude hienen. Se koenen wol in oargelman brûke. Nei Interlude (top 40 muzyk) gie de band oer yn rockmuzyk mei Dead man’s handle. Nei fjouwer jier waard it hardrock en ûntstie De Lanterfant Rockband.

Adri de Boer wurke goed 40 jier yn de soarch mei ferstanlik beheinden, mar muzyk hat altyd in belangryk ûnderdiel fan syn libben west. Nei de Frysktalige band ADRI&SA (yn 1991 oprjochte mei Johan Cnossen, Ad Bos, Leo Sluimer en Martin Krist) is er yn 1999 solo de boer op gien. Om’t er it lestich fûn om syn lieten achter syn keyboard wei te sjongen, learde er himsels gitaarspyljen. Hy makket ferskes dy’t minsken by it hert pakke, mar ek wol luchtige ferskes.

De trûbadoer sjongt sûnt 1987 yn it Frysk. Hy skriuwt syn lieten sels, mar sjongt ek teksten fan oaren, bygelyks fan Giny Bastiaans, Hessel van der Wal, Jurjen van der Meer en Simy Sevenster. It projekt Boudewijn de Groot YN IT FRYSK waard yn 2019 in grut sukses. Mei Arvan Blok spilet er it programma Oer de grins, mei bekende hits oerset yn it Frysk (nûmers fan û.o. James Taylor, Daniel Lohues, Paul McCartney en Lou Reed). Hy giet ek geregeld muzikale gearwurkingen mei brassband, fanfare, harmony of in kwintet. En hy sjongt by útfearten. 

Yn 1998 wûn hy it Frysk sjongfestival Liet mei it nûmer 'Soan' (liettekst fan Giny Bastiaans). Yn 2001 wûn er it festival foar de twadde kear, no mei it sels-skreaune leafdesliet 'Wy', yn 2021 wûn er nochris, diskear mei it liet 'Bliuw mar by my'.

Yn 2002 waard er nominearre foar de Bernlefpriis. 

WURK

Publikaasjes
Albums
1991: Breedút (A3nSA)
1998: Yn murch en bonken (ADRI & SA)
2000: Tinzen en fantasy
2002: De waarmte fan desimber
2005: Jongesjierren
2011: Oer alles skynt de sinne
2015: Tiid
2017: Oer de Grins
2021: Geandewei

Prizen
1998: Liet (mei 'Soan')
2002: Liet (mei 'Wy')
2021: Liet (mei 'Bliuw mar by my')

Nominaasjes
2002: Bernelefpriis

Mear ynformaasje
Webside Adri de Boer
Spegels oer Liet, Omrop Fryslân 28-08-1998
Jacob Haagsma, LC 9-10-2015 (fraachpetear)
Jacob Haagsma, LC 07-04-2022 (fraachpetear)

Foto Piet Douma (PDF-Grafie)

©Tresoar, 14-05-2022