Berne: 27-08-1954, enschede

Gerrit Breteler is keunstskilder, tekstdichter, toanielskriuwer en sjonger/muzikant.

Libben en wurk

Gerrit Breteler is berne yn Enschede dêr't er ek opgroeide. Yn 1967 ferhuze de húshâlding (Breteler hie in Fryske mem en in Hollânske heit) nei Hurdegaryp. Hy studearre yn 1975 ôf oan de Vredeman de Vries keunstakademy. Dêrnei lei er him ta op de techniken fan de masters út de Gouden Iuw. Hy neamt himsels in romantysk realist.

Hy wie as sjonger en multy-ynstrumintalist aktyf yn de muzyk. Hy wie sjonger yn de band Kneppelfreed. Hy spile mei Ernst Langhout op fluit, gitaar en fioele yn Haggis en wie akkordeonist, fluitist en sjonger yn The Hones. Mei de troch him mei oprjochte muzykgroep Fling trede hy oant 2002 op as fertolker fan bynammen Ierske folksmuzyk. Dat die er as sjonger, gitarist en toetsenist. Tsjintwurdich makket Breteler poëtyske Fryske lieten, dy't er sels sjongt en begeliedt. Ek treedt er op mei foardrachten.

Mei de bewurking en ferfrysking fan Moortje (toanielstik fan Bredero) begûn er mei toaniel. It blijspul waard yn 2004 opfierd yn Dokkum. Yn 2008 skreau er teksten en muzyk by Opus Exit. It rekwyem 'Oer de Seedyk' by Peazens-Moddergat wie in oade oan de fiskersramp yn 1883 doe't 83 fiskers ferdronken. Foar it Iepenloftspul De Harkema skreau Breteler it toanielstik De Oerbliuwers. Hy makke ek fjouwer 'kroechteäterstikken' dêr't syn frou Anke Bijlsma yn spile mei Gerrit Haaksma, kroechbaas fan it kafee. Katarsis, Kredo, Krimp en Kredyt.

WURK

Publikaasjes

Teäter
2004: Moortje
2007: Kataris
2008: Opus Exit
2011: Kredo 
2013: Krimp
2015: Kredyt

Muzyk
2004: Lit ús dêrom drinke 
2005: Katarsis
2017: Still

Mear ynformaasje
www.gerritbreteler.nl
Sietse de Vries, LC 02-02-2018 (ynterview n.o.f. Still)

Foto: Marcel van Kammen

©Tresoar, 27-05-2021