Berne: 31-05-1886, Terwispel
Ferstoarn: 29-08-1944, Hilversum
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Goaitzen Burgy is berne yn Terwispel, syn heit wie dêr timmerman-oannimmer. De hûshâlding hie it net rom, der wie gjin jild foar in fierdere skoaloplieding foar de jonge Goaitzen.
As jongfeintsje kaam er dêrom by heit yn de saak oan it wurk. Om njonken de praktyk ek noch teoretyske kennis op te dwaan, folge er op ’e Gerdyk de jûns-tekenskoalle. Burgy hat sels ek in koarte tiid oannimmer west. Mar hy wie ûngeduerich en socht wat oars. Nei wat koartere ferbliuwen op oare plakken yn Fryslân, en in besite fan in jier oan Kanada, festige er him as kafeehâlder en winkelman yn Hoarnstersweach. Hy fielde him thús yn dy kontreien en hie in skerp each foar de earmoedige omstannichheden fan de bewenners dêr. Burgy hat as frijsinnich-ûnôfhinklik riedslid fan 1923 ôf diel útmakke fan de gemeente Schoterland. Neidat de gemeente yn 1934 in fúzje oangie mei dy fan It Hearrenfean, gie Burgy út de ried.
Skriuwe die Goaitzen Burgy al op jonge leeftyd, op syn sechttjinde publisearre er syn earste fersen yn it tydskrift Sljucht en Rjucht fan Waling Dykstra (1821-1914). Foar syn trouwen, yn 1909, wie er al as toanielspiler en skriuwer aktyf yn it Terwispeler selskip ‘Sizze en dwaan’. Ynspiraasje as skriuwer krige er benammen neidat er him yn Hoarstersweach nei wenjen set hie. De ûnminsklike tastannen by de earme befolking op ’e heide dêr, rekken him djip. Hy hie grutte bewûndering foar dy minsken, dêr’t er fan sei: ‘Gjin ien op ’e heide lijt honger, salang de oare noch in byt iten oer hat’. Burgy wie in flot dichter, syn fersen litte har maklik lêze. Se ûntstige net it nivo fan de folksdichtkeunst, dêr’t er lykwols ek net nei stribbe. Syn sketsen, fersen en ferhalen waarden publisearre yn ferskeidene kranten en tydskriften, werûnder Sljucht en Rjucht,It Heitelân en Fen Fryske Groun.
Nei 1925 ûntwikkele er him as skriuwer fan toaniel en iepenloftspul. Syn earste iepenloftspul, ‘Kliuwende dregens’ waard yn july 1927 opfierd yn Hoarnstersweach. Haadfigueren wiene ‘Jong Fryslân’ en ‘Wâldman’. Sy joegen tegearre oan wêr’t it hinne moast mei de ûntwikkeling fan de streek: ‘It lânoanmeitsjen is de stoarmram, dy’t de skiedsmuorre twisken earmoed en wolfeart, twisken stilstean en foarútgong, tsjin de groun keilt’. Sa as yn dy tiid wênst wie, wie it in grut opset stik mei sa’n 70 dielnimmers. It stik liet de krêft en de wil sjen fan de befolking om har te befrijen út de earmoede. It wie in geweldich sukses. Al hiene in soad minsken muoite mei de persoan fan de skriuwer en regiseur, Goaitzen Burgy. Syn skerpe pinne en net altyd like meien wize fan omgean, rôpen likegoed ynstimming as ferset op.
Burgy joech syn miening oer allerhande saken as skriuwer fan ynstjoerde stikken dy’t fan 1925 ôf ferskynden yn it Nieuwsblad voor Friesland (Hepkema’s krant). Hy skreau likegoed yn it Frysk as yn it Hollânsk. Njonken de ynstjoerde stikken skreau er skôgings, gedichten en ferhalen, dy’t pleats waarden yn de ‘Hepkema’.Yn 1932 pleatste de krante yn njoggen ôfleveringen it ferhaal: ‘Fen it hege sân. De Leechstra’s. Teltsje út it boerelibben’, fan de hân fan Burgy. Hy woe mei syn skriuwerij benammen it Frysk lêzen fan de jongerein stimulearje.
De histoaryske roman, Herman de streuper : histoarysk forhael út it jier 1672, dy’t yn boekfoarm útkaam yn 1938, hie dêrfoar ek al yn ôfleveringen stien yn De Jongs Nieuwsblad, dat ferskynde yn Boalsert en omkriten. It wie de bewurking fan syn iepenloftspul ‘Yn dagen fan striid’ dat yn 1933 op It Hearrenfean opfierd is.
Yn 1943 ferskynde syn jongesboek Yn en om de Koaibosk, it ferhaal spilet him ôf yn de omkriten fan Terwispel. Fan de stifting ‘Us Frysk Berneboek’ krige er in priis foar dat boek.
It bekendst soe Goaitzen Burgy lykwols wurde mei syn roman Biritsen fjûr : forhael út ’eFryske Wâlden, dy’t ferskynde yn 1942. Mei Wimer, de haadpersoan út it boek, woe Burgy de figuer fan de selsbewuste eigen boer stal jaan. Sa as er dat sels yn in lêzing ris nei foaren brocht: ‘In wilskrêftige keardel, sûn en geef, en dy’t de dingen fan it libben, goede en tsjoede, earlik belibbet. (...) In keardel, dêr’t djip op ’e boaiem fan syn grut hert in lyts, mar fûl fjoer yn smeult. Bedutsen fan de jiske fan syn izeren wil: Berutsen fjoer!’. It boek kaam yn ’e oarloch út en wie al nei in pear wike útferkocht. It soe meiinoar fiif printingen belibje. De lêste wie yn 1976. Yn 1944 hie it boek de twivelige eare om yn in Hollânske oersetting te ferskinen, ûnder de titel, Smeulend vuur. Werprintingen fan de oersetting kamen út yn 1950 en yn 1976.
De sammelbondel Tusken Boarn en Tsjonger, mei neilitten wurk fan Burgy, ferskynde yn 1950. In werdruk fan dy bondel kaam út yn 1976. Besoarge en mei in ynlieding fan S.J. van der Molen, dy’t ek de yllustraasjes fersoarge hat. Ta gelegenheid fan in jubileum fan pleatslik belang Ketlik-Mildaam hawwe Evert de Jong en Yme de Jong in bewurking foar iepenloftspul makke fan de roman Herman de streuper. It stik is ûnder de titel ‘Dagen fan striid’ yn 2004 opfierd yn Ketlik.
Goaitzen Burgy wenne de lêste jierren fan syn libben yn Hilversum. Syn houlik mei Egbertje Klijnsma waard begjin 1944 ûntbûn.
Wurk
Proaza
1938: Herman de streuper : histoarysk forhael út it jier 1672
1942: Biritsen fjûr : forhael út ’e Fryske Wâlden (2e en 3e printinge 1943, 4e 1949, 5e 1976)
1943: Yn en om de koaibosk (jongesboek) (2e printinge 1976)
1944: Smeulend vuur (oersetting Biritsen fjûr, 2e printinge 1950, 3e 1976)
1950: Tusken Boarn en Tsjonger (Sammelbondel mei neilitten wurk)
1976: Tusken Boarn en Tsjonger (werprintinge, besoarge fan S.J. van der Molen)
Toaniel (in seleksje)
1927: Kliuwende dregens (iepenloftspul)
1930: Sybren scil bihang plakke : blijspil yn ien bidriuw
1931: Sake de Wâldboer : oarspronklik toanielstik (mei sang) yn fjouwer bidriuwen
1933: Yn dagen fan striid (iepenloftspul) (hat Burgy letter bewurke ta de roman Herman de streuper)
1943: Pension ‘It Reaklif’ (2e printinge 1964)
1949: In tizeboel (2e printinge 1962, 3e 1976)
2004: Dagen fan striid : bewurking fan roman Herman de streuper, troch Evert de Jong en Yme de Jong
Mear ynformaasje
©Tresoar, 16-01-2019