Berne: 23-11-1931, Ljouwert
Ferstoarn: 27-01-2021, It Hearrenfean

Libben en wurk

Jan J. Bylsma groeide op yn Ljouwert, hy hat him dan ek altyd mear thúsfield yn de stêd as op it plattelân. Nei it gymnasium helle er oan de Rykskweekskoalle de ûnderwizersakte.

Neidat er in tal jierren as ûnderwizer foar de klas stien hie, en yn de tuskentiid Nederlânsk en Frânsk studearre, waard er learaar Nederlânsk oan de Ryksskoallemienskip op It Hearrenfean. Dêr bleau er oant syn pinsjoen ta. Bylsma hat lange jierren aktyf west yn de Frysk literêre wrâld. Hy wie redakteur fan it tydskrift De Strikel fan 1967 oant 1978. By gelegenheid fan de 90ste jierdei fan âld-meiredaksjelid Reimer van Tuinen hat Jan Bylsma, yn ’e mande mei oaren, it boekje Myn moaiste fersetsje: Reimer van Tuinen en De Strikel, gearstald. Foar Rients Gratama hat er kabaretteksten skreaun, wêrûnder it bekende Dit Lân. Yn 1970 sette er de bekende novelle De fûke fan Rink van der Velde oer yn it Nederlânsk. Fan Bylsma wie ek it idee om it skriuwersalmanak, Rym en Unrym, om te bouwen ta in kalinder gearstald neffens in tema.

Dichter
As dichter debutearre Jan J. Bylsma yn 1967 mei de bondel Striptease. Yn dy tiid, healwei de jierren sechtich, wie de perioade fan de eksperimintele dichtkeunst fan de earste desennia nei de oarloch al wer oan it bestjurjen. De poëzy waard direkter, helderder, de taal ûntdien fan stilistyske franje. It wurk fan Jan J. Bylsma lit in beynfloeding fan dy wize fan dichterlik tinken sjen; syn doel wie, neffens eigen sizzen, poëzy skriuwe foar de proazalêzer en de analfabeet. Bylsma hat dy wize fan wurkjen yn al syn bondels tapast. Tusken 1967 en 1992 binne der seis bondels fan syn hân ferskynd. ‘Wat opfalt by de dichter is in konsekwint fêsthâlden oan deselde fersfoarm. Dy is konkreet en direkt nei te kommen. Bylsma is fij fan yngewikkelde bylden en symboalen, hy brûkt gjin moaiskyn fan rymfoarmen, de fersrigels binne koart, al wurde se yn it lettere dichtwurk krekt wat langer, en der sit gjin inkeld bewiis fan konstruksje yn. Dat lêste wol net sizze dat de fersen net beslipe binne’. (Teake Oppewal – ‘Al 25 jier klublid’, Trotwaer nû. 2, 1992). In tal tema’s komme yn de fersen fan Bylsma hyltyd werom; syn sympaty foar dyselden dy’t net meidwaan kinne, syn argewaasje tsjin de meirinders, deselden dy’t net better witte en net better wolle, it learaar- en dichter wêzen en it âlder wurden. Syn fersen binne noait lang, de rigels koart, sûnder punten of komma’s; ‘lyts mar krigel’ sa as de dichter dat sels neamt yn syn bondel mei deselde titel, Lyts mar krigel, (1992).

Skriuwer
Njonken poëzy hat Jan Bylsma ek proaza skreaun. Yn 1968 ferskynde fan syn hân de koarte roman It fersin. It boek kaam út yn in perioade fan fernijing yn ’e Fryske romankeunst. Bylsma set yn de roman it selsfoldiene libben fan in learaar-skriuwer mei it literêre tydskrift Poadium ôf tsjin it artistike muzikantelibben yn Amsterdam. Bylsma kin as amateur-jazzmuzikant beide miljeus út eigen wjerfarren. De roman waard net goed ûntfongen troch de kritisy en krige mar in bytsje belangstelling fan de lêzers, foar Bylsma in reden om net wer in roman te skriuwen. Syn folgjende projekt wie, tegearre mei skriuwer/plysjeman Anne Hellinga, it útbringen fan de plysjeroman Moard op ’e Himrik (1973). It twadde diel fan dy saneamde Benedictus-rige, neamd nei de haadpersoan brigadier-resjersjeur Jannes Egbert Maria Benedictus, Moard mei muzyk, ferskynde in jier letter en it jiers dêrop kaam it tredde en lêste diel, Benedictus pakt troch, út. It tegearre skriuwen fan in boek wie nij yn de Fryske literatuer. De detektives waarden goed ûntfongen, mar it sukses hat de skriuwers net oanset ta it skriuwen fan mear as trije dielen yn de searje.


List fan belangrykste wurk


Poëzy

1967: Striptease
1971: Altyd like fleurich
1976: Jan Krukje en syn maten
1979: As wie der neat te rêden
1984: Machtich as de miggen
1992: Lyts mar krigel

Roman
1968: It Fersin

Detektives (tegearre mei Anne Hellinga)
1973/1974: Moard op ’e Himrik
1974: Moard mei muzyk
1975: Benedictus pakt troch

Ferskaat
2006: Myn moaiste fersetsje: Reimer van Tuinen en De Strikel (gearstaller, mei oaren)

Prizen
1967: Rely Jorritsmapriis (fers: Sankje)

Mear ynformaasje
Gedichten út Operaesje Fers:




Friesch Dagblad, 01-02-2021 (oer syn ferstjerren)
Willem Winters en Anneke van Renssen, De Moanne 11-02-2021 (in memoriam)

©Tresoar, 25-02-2021