Berne: 16-02-1962, Snits
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Helena de Boer is berne yn Snits, mar har jeugd brocht se troch yn Dokkum. Neidat se it Hafû-diploma helle hie, wist se in skoftlang net rjocht hoe’t se fierder moast. Se die frijwilligerswurk en song yn in muzykgroep. As bern harke se faak nei mearkes, wie sljocht op bisten en mocht graach tekenje.
Sa besjoen wie it net frjemd dat se terjochte kaam op de akademy foar byldzjende keunst Vredeman de Vries te Ljouwert, yn 1992 studearre se dêr ôf yn de rjochting Monumintale Keunsten. Se murk doe dat it net tafoel om as keunstner oan ’e slach te kommen. Har kânsen kearden doe’t de, doe noch nije (1994), televyzjeôfdieling fan Omrop Fryslân úteinsette woe mei in programma foar lytse bern. Helena de Boer makke in proefôflevering en mocht fierder gean. Sa ûntstie de tekenfilmsearje Bear Boeloe, de earste útstjoering wie op 2 jannewaris 1995.
De keunstneres en skriuwster jout yn har atelier ûnder oaren kursussen en workshops op it mêd fan tekenjen, basearre op esoteryske, religieuze en filosofyske tema’s.
Bear Boeloe
De Boer keas foar de tekenfilmsearje de figuer fan in bear omdat de measte bern dêr sljocht op binne. Se mocht de namme, Boeloe, brûke fan in famke yn Ljouwert dat har bear sa neamde. Helena is betinkster, skriuwster en tekenares fan de searje. Húsmaster/klusjesman Feije van der Meer fan Omrop Fryslân liende syn stim oan de bear en waard tagelyk regiseur fan it programma.
‘Bear Boeloe’ is in programma foar bern mei in knypeach nei de folwoeksenwrâld, de ferhaaltsjes geane oer de lokkige en soms minder lokkige saken dy’t yn in minskelibben foarfalle kinne. Se moatte dêrfan in simpele ôfspegeling wêze. Bear Boeloe, de haadfiguer, is in wat dommige bear dy’t sa no en dan fynt dat er it tige mei himsels troffen hat. Syn tsjinpoal, Sipke de Stikelbaarch, hat alle eigenskippen dy’t de bear mist; hy is tûk, fluch en skrander. Janny de Poes, dy’t ek fan it begjin ôf oan meidocht leveret kommentaar op it hâlden en dragen fan Boeloe en Sipke. Dêrnjonken binne der noch ferskate byfigueren dy’t sa no en dan opdrave yn in ôflevering.
Elke ôflevering sa as dy troch de Omrop útsjoerd wurdt is opboud fan seis oant acht tekeningen per kear. De stilsteande bylden moatte soargje foar in rêstpunt temidden fan alle drokke beweegjende bylden dy’t bern fan oare programma’s yn ’e mjitte komme. Ek út filosofysk eachpunt wei besjoen wol Bear Boeloe in rêstpunt wêze yn in wrâld weryn’t de iene feroaring de oare jaget. Dat it programma oanslacht blykt wol út it feit dat de searje yn 2005 har 10-jierrich jubileum op televyzje fierde. Yn dy tiid hawwe der mear as fjouwerhûndert ôfleveringen by Omrop Fryslân te sjen west.
Begjin 2020 waard der nei 25 jier en 875 ferhaaltsjes in punt set achter de searje Bear Boeloe.
Skriuwster
De ferhaaltsjes fan Bear Boeloe binne net allinnich op de televyzje te sjen, mar guon dêrfan ferskynden ek yn boekfoarm. De moai útfierde printeboeken yn mearkleuredruk, de yllustraasje hat De Boer ek fersoarge, waarden útjûn troch de Afûk, tusken 1995 en 2004 kamen der fiif ferskillende titels op de merk.
Yn 2002 kaam fan Helena de Boer, Maar die grijze klei, út. De bondel befettet neist poëzy ek tekeningen fan har hân. It spannende jeugdboek De tredde doar, dat De Boer skreau en yllustrearre, kaam út yn 2005.
Fierder krige se bekendheid as Druïde en Reiki Master (sjoch link ûnderoan)
Bibliografy
Berneboeken
1995: Bear Boeloe en de jonge poeskes
1997: Bear Boeloe, oer hoopkes en húskes
1999: Bear Boeloe, fûgeltsjes
2001: Trije protters op in prikje (mei oaren)
2002: Bear Boeloe, lytse poppe
2004: Bear Boeloe, broerke
2005: De tredde doar
Ferskaat
2002: Maar die grijze klei (gedichtebondel, yn it Nederlânsk)
2005: De tredde doar (jeugdboek)
Mear ynformaasje
Eigen webside
Wikipedia
Sietse de Vries, LC 17-04-2015 (fraachpetear n.o.f. 20 jier Bear Boeloe)
Omrop Fryslân, 12-01-2020 (oer it ophâlden fan Bear Boeloe)
GPTV, 23-07-2015 (oer har wurksumheden as Druïde en Reiki Master)
©Tresoar, 22-01-2020