Berne: 11-07-1947, Warten

Libben en wurk

Piter Ymkes Josef Boersma is berne op 11 july 1947 yn Warten. Hy folge de rooms-katolike ûnderwizersoplieding yn Stienwikerwâld en joech dêrnei sân jier les oan de Bonifatius-skoalle yn Ljouwert. Sûnt maaie 1977 makket er diel út fan de wurdboekstêf fan de Fryske Akademy. Hy ferfolge de stúdzje en helle de middelbere akten Frysk A en B.

Yn syn kweekskoalletiid begûn er te skriuwen, ynearsten foar himsels en yn it Nederlânsk. Yn Fryslân werom – Boersma wennet al wer lange jierren yn Wiuwert - ûntduts er, dat er him yn de memmetaal dochs better en foaral spontaner útdrukke koe.
Hy debutearre yn boekfoarm yn 1974 mei de fersebondel Net to kearen emoasje, dy't twa jier letter al folge waard fan ferhalen yn Hwat der bart (1976). De earste roman, De reis fan Labot, ferskynde it jier dêrop. Ut sa'n produktiviteit sprekt de ambysje om yn alle sjenres te wurkjen en sadwaande in eigen foarm en útdrukkingsmooglikheid te finen. Skriuwe is foar Piter Boersma yn it foarste plak in tinkproses en ek in ferwurkingsproses, omdat er syn emoasjes yn syn skriuwerij kwyt kin. Hy besiket ûnder wurden te bringen, wêr't er mei ompakt en wat er om him hinne waarnimt. It hâlden en dragen fan manlju en froulju, âlderein en jongelju, bern en folwoeksenen yn harren ferskillende relaasjes ta elkoar fassinearret him. It tema fan de fundamintele ienlikheid fan it yndividu, ek al ûnderhâldt in minske kontakten mei oaren en libbet er yn harmony mei syn neisten, is yn omtrint al syn wurk werom te finen. Yn de fersen fan Piter Boersma treft jin deselde tematyk as yn syn ferhalen en romans: isolemint en leafde ferkeare mei elkoar yn in spanning dy't om ûntlading siket. Foar de sinleazens fan it bestean stiet de taal oer dy't treastryk wêze kin. De iere poëzy fan Boersma hat in frije foarm, dêr't de parlante styl yn oerhearsket. Mei de jierren waarden syn fersen strakker, oant er yn de bondel Under it twangjok de emoasje besocht te beswarren yn koarte sinnen mei in fêst ritme. Boersma syn poëzy is evokatyf: de dichter beneamt, hy riddenearret net, mar wol de lêzer meinimme troch syn observaasjes wer te jaan yn wurden, lûden en bylden.

Belibbe de auteur foarhinne it skriuwen fan proaza en poëzy as twa hiel ferskillende wizen fan wurkjen, de lêste jierren slagge it Boersma om poëtyske eleminten yn syn ferhalen en romans te yntegrearjen. Hy ûntwikkele dêr in alhiel eigen foarm by mei koarte sinnen en in fragmintaryske ferteltrant dy't fan de lêzer ferget, dat er aktyf meiwurket oan de (re)konstruksje fan wat ferhelle wurdt. It nije proaza ferskynde foar it earst yn de lytse roman Sniebalfokstrot dy't Piter Boersma yn 1995 op fersyk fan de stifting It Fryske Boek skreau as boekewikegeskink.

Njonken it kreatyf en skôgjend skriuwen sels is Piter Boersma ek op oare fronten tige warber foar de Fryske literatuer. Hy set(te) him yn foar it Skriuwersboun, it Literêr-histoarysk wurkferbân en de redaksje fan de literêre rigen fan de Fryske Akademy en benammen foar de Koperative Utjowerij.

It ynstânhâlden fan in libben en krêftich literêr blêd neamde er yn 1994 in ropping en mei syn warberens foar it tydskrift Hjir bewiisde er him dy ropping persoanlik bewust te wêzen. Mei syn sweager Bonne Stienstra hat er it blêd yn 1972 oprjochte. Yn 1978 naam er (tydlik) ôfskie fan de redaksje, mar yn de funksje fan útjouwer en administrateur bleau Piter Boersma belutsen by Hjir. Sûnt 1990 is er ek wer redaksjelid. Troch de jierren hinne bleau Hjir eins syn iennichst poadium, inkeld ferskynde fan him ek wurk yn Trotwaer en De Strikel. Sûnt 2004 skrieau er kollums foar Farsk. Doe't dat blêd ophold te ferskinen, stapte er oer nei Ensafh, dêr't er haadredakteur fan is.

Dêrneist is er warber as útjouwer. By syn útjouwerij Hispel wurdt sawol proaza as poëzy publisearre. Folgje foar mear ynformaasje de link ûnder oan dizze side.

Ek as oersetter fan toanielstikken út de wrâldliteratuer yn it Frysk hat Boersma in grutte steat fan tsjinst. Yn 1987 waard oan de oersetters dy't geregeldwei foar Tryater teksten levere hiene, de provinsjale Dr. Obe Postmapriis takend. Omdat hja net as kollektyf wurdearre wurde woene, wegeren Boersma en oaren de priis en dêrnei hat it Provinsjaal Bestjoer besletten om him dat jier net ta te kennen. Yn 1998 waard oan Boersma de Gysbert Japicxpriis takend foar It libben sels. De advyskommisje priizge de nijsgjirrige en tagelyk tragykkomyske wize, dêr't Boersma yn dy roman it tema fan mislearre relaasjes op behannele hie en achte it boek dêrom en troch de opset en it boartlik taalgebrûk it meast opfallende en meast slagge Frysk literêre produkt út de jierren 1995-1997.

Literatuer
1982: Sybe Krol yn Hjir, 1982/5, s. 4-9. ‘It proaza fan Piter Boersma
1983: Tekst en Utlis (Sybe Krol)
1993: Bouke Oldenhof yn Hjir, 1993/3, s.3-12. ‘Oer it dichterskip fan Piter Boersma
2003: Abe de Vries yn Farsk jierboek 2003- 2004, s.154-158. ‘De dingen te plak sette, Tûzenpoat Piter Boersma oer it literêre jier 2003’. (fraachpetear)

Bibliografy

Romans
1977: De reis fan Labot
1983: Skuor
1984: Keatsroman
1995: Sniebalfokstrot (Boekewikegeskink 1995, yn 'e mande mei Stichting It Fryske Boek)
1995: Sakramintsdei (útkommen yn 'e rige Ljochtmoanneboekjes, nû. 13)
1997: It libben sels
2000: De klûs fan Copmanshurst
2005: It útsjoch
2012: De krêftproef
2017: Molwrot

Ferhalebondels
1976: Hwat der bart
1980: De skjirre

Poëzy
1974: Net to kearen emoasje
1983: Printkrassen; gedichten (tekeningen Beb Mulder, fersen Piter Boersma)
1985: Op weagjende grûn
1988: Under it twangjok
1992: It swurd út 'e stien
2003: Bûten
2005: Ritueel
2010: Stjoer de strjitmakker
2014: Liet fan it fjild - Sineeske gedichten
2020: Under Hildegards tsjoen

Toaniel
1984: Freed (út it Hollânsk oerset nei Hugo Claus, oersetting fan ‘Vrijdag’)
1984: Twa hittepetitten om’e hite kofje (út it Ingelsk oerset nei John Ford Noonan, oersetting fan ‘A coupla white chicks sitting around talkin’)
1985: Wy binne dochs freonen? (út it Ingelsk oerset nei Alan Ayckbourn, oersetting fan ‘Absent friends’)
1987: Boeren stjerre (út it Dútsk oerset nei Franz Xaver Kroetz)
1988: Tramwein Begearte (út it Ingelsk oerset nei Tennessee Williams, oersetting fan ‘A Streetcar named desire’)
1989: Mephisto (út it Dútsk oerset nei Ariane Mnouchkine)(nei "Mephisto": roman fan in karriêre troch Klaus Mann)
1992: In healegeare hear (út it Frânsk oerset nei  J. B. Molière)
1997: Kearewear (út it Frânsk oerset nei de roman ‘Les jeux sont faits’ fan Jean Paul Sartre)
1998: Wêr giet it oer? (út it Hollânsk oerset nei Wim. T. Schippers)
2003: Par (musical)
2010: Lucky Manuela (oersetting)

Ferskaat
1996: Levensboom der lage landen = Libbensbeam fan 'e lege lannen = Lowlands' tree of life (Binne Lútsen Boarnstra; Fryske oers. Piter Boersma; Inglish[!] transl. Klaas Bruinsma; mei byldwurd[!] fan Gerrit Terpstra)
2003: Jacob Klaver - it libben fan in keatsferiening

Prizen
1972: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Rêch wriuwe)
1973: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Botke)
1998: Gysbert Japicxpriis foar It libben sels

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Utjouwerij Hispel
Sjueryrapport Gysbert Japicxpriis 1998
Josse de Haan, 'Eksistinsjeel proaza fan Piter Boersma' yn: Kidelstiennen heine en slaan s. 150-209 (2007)
Skriuwerslibben Piter Boersma, Omrop Fryslân, 25-02-2001

Tresoar, 25-07-2018