Berne: 17-05-1945, Skingen

Libben en wurk

Pieter Breuker is berne yn Skingen (by Dronryp), yn in boerehúshâlding. Yn de tiid dat Pieter opgroeide, jierren fyftich, fermakken de jonges op it plattelân har foaral mei sport.
Yn Skingen wie dat simmerdeis keatsen en winterdeis reedriden, maitiids wie benammen aaisykjen populêr. Pieter Breuker wie fan alle trije in grut leafhawwer en is dat altyd bleaun. Keatsen beoefenet er net allinnich as sporter, mar ek as wittenskipper.

Breuker studearre yn Amsterdam Nederlânsk en Frysk oan respektivelik de Vrije Universiteit (V.U.) en oan de Universiteit van Amsterdam (UvA), hy wie yn 1973 de earste studint dy’t oan de V.U. syn doktoraal Frysk helle. Nei syn ôfstudearjen waard er learaar oan de Rykspedagogyske Akademy op It Hearrenfean, inkelde jierren letter krige er in beneaming as wittenskiplik meiwurker foar it Frysk oan it Frysk Ynstitút fan de Ryks universiteit Grins (RuG). Hy promovearre dêr yn 1993 op de dissertaasje Noarmaspekten fan it hjoeddeiske Frysk. De konklúzje fan Breuker yn syn proefskrift, dat it Frysk yn guon opsichten neffens foarm en funksje tichter by in dialekt as by in standerttaal stiet, makke hiel wat reaksjes los. Wikenlang lieten benammen de tsjinstanners fan Breuker syn opfetting har hearre yn soms fûle polemiken.

Pieter Breuker syn ynteresse yn keatsen hat ek laat ta in grut tal publikaasjes fan syn hân oer dy sport, gauris yn relaasje ta de Fryske taal, literatuer en kultuer. Keatserstaal ferskynde yn 1983. Breuker sammele yn dy stúdzje sa’n 1700 siswizen en sprekwurden oer it keatsen.
Yn 1987 publisearre er de bondel Boppe!; in blomlêzing út de Fryske keatsliteratuer. Dêryn hat Pieter Breuker in grut ferskaat oan literêre publikaasjes oer keatsen byinoar brocht op it mêd fan poëzy, lieten, proaza en toaniel. Sa as Keatserstaal yn it Fryske taalgebiet de earste folsleine beskriuwing fan terminology yn sport is, is Boppe! de earste sportblomlêzing yn it Frysk.
Boppe! krige yn 1987 de Liuweprint foar de bêst fersoarge Fryske literêre útjefte fan dat jier. Yn Oan de hang (1998) hat Pieter Breuker syn nijsgjirrichste keatsartikels, oanfolle mei lêzings, byinoar brocht. Yn dat boek leit er in ferbining tusken it keatsen en de Fryske taal, literatuer en kultuer yn it algemien. Boppedat beskriuwt er guon aspekten fan de histoarje fan it spul, yn Nederlân en dêrbûten. Josse de Haan skreau yn syn besprek fan de bondel (‘Keatsen, in foarm fan libjen’ – Trotwaer / 1998), oer it artikel: ‘It plak fan de sport yn de Fryske literatuer’ (side 106 – 127); ‘Wa’t as aktyf skriuwer sicht hawwe wol op de sport as metafoar fan it libben kin yn dit essee nijsgjirrige saken tsjinkomme. / ... it meast nijsgjirrige is de filosofy (psychology eventueel) dy’t er nei foaren bringt oangeande de sport yn it libben fan de mins’. Dêrneist hat Pieter Breuker, as auteur en as einredakteur, noch meiwurke oan ûnder mear de jubileumboeken fan it Keatsbûn (1997) en de PC (2003).
Breuker hat yn eigen behear it boekje mei ferhalen en gedichten Boarterskertier (2003), útjûn. Dêryn hat er in part fan de literêre publikaasjes sammele dy’t sûnt 1986 fan syn hân ferskynd wiene. It befettet ûnder oaren de ferhalen ‘De winner’ (1986) en ‘De rôze ko’ (1988). Foar beide waard er yn 1986 respektivelik 1988 beleanne mei de Rely Jorritsma-priis. Yn 2006 is, ûnder de titel Van Speelkwartier tot Break (Frysk Ynstitút RuG), in oersetting fan Boarterskertier yn it Nederlânsk, Frânsk, Dútsk en Ingelsk ferskynd.
Pieter Breuker hat ek literêr wurk fan oaren (ûnder mear Tsead Bruinja) (mei) besoarge.

Njonken it literêre wurk dat sammele is yn Boarterskertier hat Pieter Breuker noch in grut tal oare publikaasjes op syn namme stean: hy publisearre artikels, ferhalen en gedichten yn ûnder oaren Trotwaer, De Strikel, De Moanne en yn Wis-In, it orgaan fan it keatsbûn. Fierders skreau er artikels oar keatsen, aaisykjen en reedriden. Breuker is dêrnjonken aktyf as sporthistoarikus, artikels fan syn hân oer bgl. sporten as keatsen, mar ek croquet en tennis ferskine yn û.o. it tydskrift Sportimonium fan de Katholike universiteit Leuven en yn it sporthistoarysk tydskrift Sportwereld. Ek op it mêd fan de Fryske taal en literatuer hat er ferskeidene bydragen levere oan ûnderskate wittenskiplike organen.

Wurk
1973: J.H. Halbertsma, Gysbert Japicx en de Fryske dialekten
1982: Bydragen ta de didaktyk fan it Frysk yn it fuortset ûnderwiis (mei oaren)
1983: Keatserstaal
1984: 1899 Ontspanning 1984
1984: Foar de taalspegel; koart oersjoch fan Hollânske ynslûpsels yn it Frysk
1987: Boppe!; in blomlêzing út de Fryske keatsliteratuer
1993: Noarmaspekten fan it hjoeddeiske Frysk
1993: Tussen terp en toren. 1893 100 jaar VvV Sjirk de Wal Dronrijp 1993 (mei oaren)
1994: Fries en Nederlands in de basisvorming; overeenkomsten en mogelijkheden tot samenwerking (einredaksje)
1997: Kaatsen: lange traditie, levende sport; bij het eeuwfeest (1897-1997) van de Koninklijke Nederlandse Kaatsbond (mei oaren)
1997: Met de Friese slag
1998: Oan de hang; in samling skôgingen, artikels en lêzingen oer keatsen, keatshistoarje, keunst en kultuer
1999: 1899 K.F. Ontspanning Skingen-Slappeterp 1999
2001: Nieuwe perspectieven voor onderwijs en opleiding. Ontwikkelingen in het voortgezet onderwijs en in de professionalisering van leraren (mei oaren)
2003: De fiifde woansdei; 150 jier PC (1853-2003) (mei oaren)
2003: Fierder mei Frysk (3); lêzingen hâlden op de konferinsje 'Fierder mei Frysk' op 2 oktober 2003 (mei oaren)
2003: Boarterskertier (yn 2006 ûnder einredaksje fan Saakje van Dellen yn it Nederlânsk, Frânsk, Dútsk en Ingelsk ferskynd as: Van Speelkwartier tot Break)
2004: Sporthistorie: tussen feit en mythe (mei oaren)
2007-2009: Freemwurk (in taalmetoade Frysk foar it fuortset ûnderwiis) (mei oaren)
2009: Friese sport: tussen traditie en professie (mei oaren)
2012: Kostelijke koopwaar. De handel in Friese kievitseieren [1850-1900]. Met een heruitgave van De kunst van het eijer zoeken van Fokke Atzes Dijkstra
2013: Histoarje en kultuer fan it keatsen. Jierdeikalinder
2015: Ljip en aai yn hert en holle. Aaisykjen as folkssport, fêstlein yn wurden en bylden
2018: Lytse bal, grut spul. Artikels oer keatshistoarje en keatskultuer
2020: Van Parijs tot Pyeongchang (oer keatsen en Fryske medaljewinners op de Olympyske Spullen, yn twa dielen)

Prizen

1986: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: De winner)
1987: Priis Stifting It Fryske Boek (foar Boppe!; in blomlêzing út de Fryske keatsliteratuer)
1988: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: De rôze ko)
2004: Liuweprint (foar De fiifde woansdei; 150 jier PC)
2014: KFFB-jubileumpriis (foar koart ferhaal: ... 35 x 2)
2017: Sulveren Anjer (foar syn bydragen oan de keats- en sportskiednis)

Nominaasjes
2009: Je Maintiendrai-priis 'Regionale identiteit in Noord-Nederland' (foar essee: Een wereld van verschil)

Mear ynformaasje
Wikipedy
Fryslân1, 05-11-2017 (takenning Sulveren Anjer)
YouTube, 20-06-2017 (ta gelegenheid fan útrikking Sulveren Anjer)
Edward Jorna, FD 16-04-2020 (oer Van Parijs tot Pyeongchang)
Anne Roel van der Meer, LC 30-04-2020 (besprek Van Parijs tot Pyeongchang)
Beart Oosterhaven, It beaken 3/4 - 2019 (besprek Lytse bal, grut spul)
Pieter Breuker, FD 04-01-2021 (oer it klunen)

©Tresoar, 10-02-20210

Foto auteur: Haye Bijlstra, Tresoar.