Berne: 20-03-1955, Arum
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Wim Beckers is in Fryske komponist, tekstskriuwer, dichter, gitarist en sjonger. Hy wie de foarman fan popgroep Om'e Noard en fan de folkgroep Wim Beckers Groep. Mei beide bands makke er meardere LP's, CD's en fideoklips. Hy spilet op it stuit yn de bands The Wannabeers, Well Done, de gelegenheidsband De Slopers en bringt ûnder syn eigen namme wurk út (te beharkjen op YouTube).
Wim Beckers waard berne yn Arum yn 1955. Nei’t dêr de legere skoalle (mei skriuwer Tjitte Piebenga as haadmaster) trochrûn hie kaam er fia de leao en meao op de Sosjale Akademy telâne. Dêr studearre er foar maatskiplik wurker. Yn 2012 slagge er foar de oplieding Teater Managemint. Hy wurke as kultueramtner by de gemeente Súdwest-Fryslân (earder Wûnseradiel). Yn 2018 wie er projektlieder fan Kulturele Haadstêd 2018 foar de Mienskipsprojekten yn Súdwest- Fryslân. Op dit stuit is er selsstanich kultureel ûndernimmer.
Hy spile yn groepen as Violate, Sinkel, Generaasje Kleau en by kabaretgroep Samar. Nei syn debút op it festival 'Frentsjip' yn Frjentsjer gie hy yn 1981 oer fan it spyljen fan Top-40 muzyk op folksmuzyk. Hy kaam yn de kunde mei akkordeonist, gitarist en banjospiler Cees Bouma út Ljouwert. Tegearre spilen se rûnom yn Fryslân, makken radio-opnames by Omrop Fryslân en spilen op Aaipop en oare festivals. Yn 1982 kaam dwersfluitist Bart Wijnen derby. Nei de komst fan Marijke Feenstra (sang) en Jan Ottevanger (bas/tuba) waard de namme Wim Beckers Groep keazen. Doe't Fryslân's soan yn 1993 útkaam op CD blykte de ynspiraasje op en kaam in ein oan de Wim Beckers Groep.
Wim Beckers en Jan Ottevanger gienen tegearre fierder yn de folkrockgroep Om'e Noard. Dizze band, mei û.o. Hans Kerkhoven, Bert Draaisma, Pytrick Bruinsma, Saskia Zoet, Froukje de Jong, Joop Jongbloed, Frederike Kleefstra, Griet Sieswerda, Roelov Kuiper en Rients Feenstra, bestie 20 jier. Yn 1997 hie Om’e Noard in culthit mei in liet oer aktrise Sylvia Millecam. Op it earste Liet-festival yn 1991 wie Beckers finalist mei 'In bytsje dea'. Yn 2006 waard Om’e Noard op datselde festival twadde mei it liet ‘De frou yn it ljocht’.
Beckers hat altyd lietteksten yn it Frysk en it Stedsfrysk skreaun.
Hy wurke ek mei oan tal fan muzikale en teätrale projekten. Foar Kulturele Haadstêd 2018 skreau en produsearre er it teäterstik 'Wy jouwe gjin krimp!'. Yn 2020 wie er as producer belutsen by de teäterfoarstelling 'Sherry Brandy' yn Makkum by de fiering fan 75 jier frijheid. Beckers hat in eigen lûdsstudio (Goed Lûd Productions) yn Wytmarsum. Hy is haadredakteur fan De Koepel (doarpskrante Wytmarsum), lid fan de advyskommisje Podiumkeunsten fan de provinsje Fryslân en bestjoerslid by St. Ekspedysje Wytmarsum.
WURK
Diskografy
1983: Bart, Wim en Cees – Bart, Wim en Cees (LP)
1983: Frisian live Festival – Bart, Wim en Cees (sammel LP)
1987: Fryslân's soan (oer Piter Jelles Troelstra) – Wim Beckers Groep (LP)
1991: By de skoaldokter – Wim Beckers (CD)
1991: Sankjes – Sinkel (CD)
1991: Alles of neat – Generaasje Kleau (CD)
1992: Aai-Pop – Om’e Noard (CD)
1993: Fryslân's soan (oer Piter Jelles Troelstra) – Wim Beckers Groep (CD)
1994: Tsjoch, noch mar ien! – Om’e Noard (sammel CD)
1997: De wei nei moarn – Om’e Noard (CD)
1997: Fan ’e Lemmer oant Lauwersmar – Samar (CD)
1998: Rûntsje nei rûntsje – Samar (CD)
1999: Maskerade – Om’e Noard (CD)
2000: De simmer fan 2000 – Om’e Noard (CD)
2002: Sûnder dy – Om’e Noard (CD)
2002: Fryslân Muzyklân 3 – Om’e Noard (sammel CD
2008: Nova Zembla – Om’e Noard (CD)
2008: It lok wacht ek op dij – Minke Maaike Band (CD)
2008: Auke de Sloper – De Slopers (CD)
2010: Far wol freon Wûnseradiel – Wim Beckers (CD)
2013: Laat my ut seegat maar útdrieve! – De Slopers (CD)
Skriuwerij
1996: Twaspan (mei Frâns Faber)
2003: Myn hert dat trillet my (sammelwurk)
2005: De fûgel yn dij (Beart Oosterhaven)
2007: Rûge Gids van de Friese Popmuziek (gearstaller / skriuwer)
2019: Nearnewâld – 50 jier Skriuwersbûn (sammelwurk)
2020: FeRstival – Cedin (meardere dichters)
2020: Fryske Scheurkalender (sammelwurk)
2021: Fryske Scheurkalender (sammelwurk)
Mear ynformaasje
Oer de bands fan Wim Beckers
Sietse de Vries, LC 26-09-2008
Media
Opnamen fan Wim Beckers by Operaesje Fers
©Tresoar, 10-03-2021