Berne: 18-09-1901, Burgumerheide
Ferstoarn: 18-03-1985, Frjentsjer
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Abe Brouwer waard berne op 18 septimber 1901 op Burgumerheide (no: Noardburgum). Syn heit wie strjitmakker; fierder leare koe yn dy tiid foar arbeidersbern neat fan komme en as jonge fan alve jier gyng Abe der al mei syn heit op út om te 'straten'.
Strjitmakkers binne nea net lang op itselde plak en sadwaande kamen hja yn suver alle hoeken fan Fryslân en learde Abe it Fryske folk goed kennen. De jonge naam alles goed yn him op en syn heit fertelde him yn eltse streek wat oer de skiednis fan it gea. De leafde foar Fryslân gie sa fan de heit oer op de soan. Fan 1920 oant 1925 hat Brouwer yn Eindhoven tahâlden. Hy wurke dêr yn in gesticht foar swaksinnigen. Mar bûten it libben yn it gesticht waard it him dêr yn Eindhoven dúdlik, hoe'n grutte betsjutting Fryslân foar him hie, ja, dat er net mear sûnder Fryslân koe. De ûnwennige jongfeint stjoerde in grut gedicht, dêr't er syn langstme nei it heitelân yn utere, nei de Hepkema-krante.
It wie ek yn Eindhoven dat er echt begûn te skriuwen. Hy socht ôflieding; hy begûn te toanielspyljen, hy skreau ferskes en sketsen yn it Hollânsk, almeast oer seden en brûkmen yn Fryslân, dy't opnommen waarden yn pleatslike bledsjes en Het Volk. It wie benammen syn âldste suster dy't him oantrune om syn tinzen op papier te setten. Sa rekke er 'los'.
Brouwer mocht graach toanielspylje en waard al gau lieder fan in toanielselskip. Hy makke stúdzje fan fakliteratuer. Gjin niget, dat syn earste pinnefruchten toanielstikken binne. Yn 'e rin fan 'e jierren skriuwt er in hiele rige lange en koarte sketsen, meast fleurige stikken, mar dochs sa, dat de lju der ek wat 'fan mei nimme kinne'.
Wurk
Romans
1941: De Gouden Swipe (8ste pr.1972, 9de pr.1975, 10de pr.1978, 11de pr.1985; 13de pr. 1993, 14de pr. 1995; yn Nederlânske oersetting: De Gouden Zweep, 1941, 8ste pr.1967, repr.1974, repr.1976, repr.1993, yn Amerikaanske oersetting The Golden Whip)
1943: Marijke (4de pr.1962, 5de pr.1978; ek oerset yn it Nederlânsk, repr.1976; yn 1970 ferskynd as 'Grote letter-boek')
1946: Tusken dea en libben
1947: De nijboer fan Lycklamastate (3de pr.1979; ek yn Nederlânske oersetting as De nieuwe boer van Lyklamastate, repr.1976)
1949: Syn greate kammeraet (repr.1976)
1954: De zandduivel
1958-1970: Springtij (repr.1976, 2e pr. 1993-1994)
1970: De sânduvel (repr.1976)
1975: Weerklanken
1976: Koperen boeien (oers. fan "Gods bidlers", Grootdruk 1997)
1977: It wûnder fan Terherne
1977: Fjouwer fan de Jouwer
1978: It Paed troch it libben
1979: Jinke fan Sape
1985: Ik wol dy de wei wize
1989: De ramp (diel 1 fan Springtij, werpr.)
1991: Gods Bidlers (diel 2 fan Springtij, werpr.)
1993: Thúsreize (diel 3 fan Springtij, werpr.)
1994: De ramp (diel 1 fan Springtij, werpr.)
1997: Springtij (Nederl. oersetting, Grootdruk)
Novelles, ferhalebondels
1949: Trou
1970: Gelok mei de keap, segen mei it jild (2de pr.1973)
1974: Fan juster nei hjoed
Fersen
1941: Klinkerts
Berneboeken
1941: Siderius, de granaet
1971: Siderius, de granaet (Opnij ferteld, 2de pr.1973, 3de pr.1985)
2022: Siderius de Granaet (oersetting yn it Dokkumers troch Warner B. Banga)
Toaniel
1940: De kening skaek
1947: Mefrou de Kaptein
1949: De kronyk fan Freija (mei Anne Wadman)
Ferskaat
1970: Sorry, mister Shakespeare
Prizen
1970: Berneboekepriisfraach (foar: Siderius, de granaet)
Literatuer
1957: J. Piebenga. Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, s.186, 261, 267, 272, 277
1977: K. Dykstra. Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, s.105-106
1977: Sj. van der Schaaf. Skiednis fan de Fryske Biweging, s.393
1978: G.R. Zondergeld. De Friese beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen, s.230, 381, 412, 444-445, 512, 521, 543, 549-550
1984: Tekst en Utlis (A. Zantema)
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Rynk Bosma, Nieuwsblad NOF 01-11-2022 (oer Siderius de Granaet yn it Dokkumers)
Ate Hoekstra, FD 04-11-2022 (oer Siderius de Granaet yn it Dokkumers)
Tim Fierant, LC 04-11-2022 (oer Siderius de Granaet yn it Dokkumers)
©Tresoar, 09-11-2022