Berne: 27-05-1929, Ljouwert
Ferstoarn: 30-08-2001, Brest (Fr)

Libben en wurk

Marten Brouwer is berne yn Ljouwert, hy wie de jongste soan fan Jelle Hindriks Brouwer en Adriana I. Prakke. J.H. Brouwer wie fan 1941 oant 1956 heechlearaar Goatysk en Fryske taal- en letterkunde oan de Universiteit fan Grins.

Yn 1956 waard er de earste wittenskiplik direkteur fan de Fryske Akademy te Ljouwert en mei-oprjochter fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum te Ljouwert (1969). Marten Brouwer folge yn Grins it gymnasium en studearre oan de gemeentlike universiteit fan Amsterdam politike en sosjale wittenskippen. Nei syn ôfstudearjen waard er wittenskiplik meiwurker fan de troch him bewûndere heechlearaar massapsychology Baschwitz. Brouwer promovearre yn 1968 yn de politike psychology en waard dernei heechlearaar massa- en politike psychology oan de universiteit fan Amsterdam. Mei dichtsjen wie Marten Brouwer al yn syn gymnasiumtiid begûn, syn grutte foarbylden Marsman, Achterberg en Hendrik de Vries stiene thús yn de boekekast, ynspirearre troch har skreau er sels skriften fol mei fersen. Tidens syn stúdzjetiid yn Amsterdam wie er mei oare studinten as Hessel Miedema en Sybe Sybesma de driuwende krêft achter it kabaret fan studinteselsskip Cygnus Resurguns, Skûmkop. Mei Sybesma publisearre er yn 1950 it bondeltsje mei kabaretteksten Swannesangen (1950).

Brouwer debutearre as dichter yn it literêr tydskrift De Tsjerne (1948), hy publisearre dêrnei geregeld yn dat blêd en yn It Heitelân. Syn earste fersebondel, blauwe riten, ferskynde yn 1952. Marten Brouwer hat him as dichter nea ta ien foarm beheind, hy skreau tradisjonele fersfoarmen lykas kwatrinen en sonnetten, mar ek frije fersen. Oan de fersen yn blauwe riten, is de ynfloed te merken fan jazz en blues. Marten Brouwer, dy’t sels ek in fertsjinstlik pianist wie, wie grut bewûnderer fan jazzmuzikanten as Nat ‘King’ Cole en Duke Ellington.

Yn 1954 waard yn Amsterdam it literêr tydskrift Quatrebras oprjochte, it al earder neamde trijemanskip Brouwer, Miedema en Sybesma wiene ek anneks mei dat inisjatyf. Har literêre foarkar gie út nei dy fan de fyftigers en de Cobra-beweging, har doel wie it fernijen fan de Fryske literatuer. Yn tsjinstelling ta de meiwurkers fan De Tsjerne, foar wa’t it einprodukt it belangrykste wie, wie foar de skriuwers fan Quatrebras it proses fan it meitsjen fan in fers it wichtichste. It lange gedicht ‘De wrakseling’ fan Hessel Miedema is in dúdlik eksponint fan dat tinken.

Hoewol’t Marten Brouwer as dichter nea stilsitten hat, kaam er tidens syn wurksume libben net mear ta publisearjen fan syn gedichten. 44 jier nei syn debútbondel ferskynde by de Koperative Utjouwerij (KU) syn twadde bondel Reade kater tsjin har hoksen. De bondel befettet poëzy fan Brouwer dy’t noch net earder publisearre wie, skreaun yn de perioade 1952-1995, en fersen en oersettings fan syn hân dy’t yn Quatrebras (1952-1965) stien hiene.

Oer de ûntjouwing fan syn dichterskip yn dy perioade sei Brouwer yn in fraachpetear mei Pieter de Groot [1] dat syn poëzy soberder wurden wie en yn guon opsichten kryptysker.
Doe’t de twadde bondel fan Marten Brouwer útkaam, hie er al ôfskie naam as heechlearaar en wenne er yn Bretanje. Dêr is er op 30 augustus 2001 ferstoarn.

Boarnen foar dit artikel
[1] Pieter de Groot, LC 24-05-1996 diel 1 en diel 2

Wurk

Poëzy

1949: Swannesangen (mei Sybe Sybesma)
1952: blauwe riten: fersen
1996: De reade kater tsjin har hoksen : (fersen fan doe en no ynklusyf oersettings út Ingelsk, Bretonsk, Yndonesysk en Hollânsk)

Mear ynformaasje
Opnamen van Marten Brouwer bij Operaesje Fers

©Tresoar, 24-09-2019