Berne: 14-06-1951, Heemstede
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Irene Bal is berne yn Heemstede. Sy hat de Pedagogyske Akademy (no Pabû) folge en dêrnei Wiisbegearte studearre oan de UvA.
Yn 2005 begûn Irene Bal mei it skriuwen fan berneboeken, dy’t troch Liuwe Westra oerset waarden yn it Frysk. Yn 2007 dûke yn De ferdwûne fibula de romanfigueren Daam en Ferhipke op, in aventoerlike twilling dy’t bern yn oanrekking bringt mei eleminten út de Fryske skiednis. It boek is opnommen yn de Fryske Kanon (tredde finster) by de jeugdboeken. Yn de tekst steane ek ferskes ‘klear om neffens Maria del Grosso [2] sa yn in lytse musical of toanielstik brûkt wurde te kinnen'. De twilling belibbet nije aventoeren yn De babybeam, dat yn 2008 ferskynde. ‘Mei it wurd babybeam en it begrip ‘babyboom’ giet Bal op aardige wize oan de slach', lit Maria del Grosso [3] yn har besprek witte.
Boarnen by dit artikel
[1] Fryske Kanon
[2] Maria del Grosso, LC 12-10-2007
[3] Maria del Grosso, LC 13-03-2009
Bibliografy
Berneboeken
2005: De ûle, de slange en de stiennen (Ek yn it Nederlânsk: De uil, de slang en de stenen)
2007: De ferdwûne fibula/De verdwenen fibula.
2007: De avonturen van Daam en Verhipke.
2008: De babybeam
Poëzy
2010: De genade van een krimpende geest - De genede fan in krimpende geast
2011: Kaap de Goede Hoop
Mear ynformaasje
Irene Bal, eigen webside
©Tresoar, 24-10-2018