Berne: 02-05-1934, De Grinzer Pein

Libben en wurk

Hindrik Jeens Baron waard berne yn De Grinzer Pein (Opende) as middelste yn in grifformearde húshâlding, twa jonges, trije famkes. Heit Jeen en mem Afke hiene in lyts boerespul mei in foeraazjehannel derby. Heit wie in man fan jinsels ûntwikkelje, muzyk en mienskipssin.

Yn de jierren tweintich rjochte er it kristlik fanfarekorps Crescendo op. Yn 1948 emigrearre de húshâlding nei Amearika en kaam yn Lynden telâne, yn de steat Washington yn it uterste noardwesten fan de FS. De motiven foar dy emigraasje (heit wie al oer de fyftich) binne noch altyd net dúdlik (sjoch Hylke Speerstra yn It wrede paradys it haadstik ‘Crescendo’).

Yn Amearika waard Hindrik Henry. Hy gie noch in jier nei skoalle en woe graach fierder leare - mar earst moast er meihelpe heit syn nij boerespul op ’e kluten te krijen. Hy folge de highschool fia skriftlike kursussen. Doe’t er yn tsjinst wie skipe er tb, in ‘blessing in disguise’, dy’t him de kâns joech te studearjen foar it talittingseksamen oan Western Washington University fan Bellingham by Lynden, dêr't er it begjin fan syn bachelor's stúdzje die. Sa rekke er yn de besnijing fan Shakespeare en fan de Amerikaanske literatuer, wat syn fierdere profesjonele rinbaan bepale soe. Baron folge de lange wei fan wurkje yn it ûnderwiis en wilens trochstudearje. Fan 1957 ôf wie er twa  jier skoalmaster. Yntusken troud en heit wurden, ferhuze de húshâlding yn 1959 nei Grand Rapids (Michigan), dêr't er yn 1960 syn bachelor's ôfmakke oan Calvin College. Hy wie sân jier learaar Ingelsk en Dútsk oan in highschool en yn 1966 helle er syn master's oan de Universiteit fan Michigan, yn 1972 folge troch in promoasje (Ph. D.) oan de Universiteit fan Illinois. Wilens wie er op Calvin College begûn kolleezjes te jaan, en starich klom er dêr op ta heechlearaar Amerikaanske en Kanadeeske literatuer.

Yn Grand Rapids learde er prof. Bernard Fridsma kennen, ‘Frysk propagandist om utens’, dy’t him oerhelle om yn Grand Rapids ‘interim courses Frisian’ te jaan, dat binne koarte yntinsive kursussen fan ien moanne yn jannewaris. Sa kaam Baron wer by syn memmetaal en de Fryske literatuer út. Hy sette in oantal byldbepalende Fryske proazawurken oer en hy skriuwt al mear as tweintich jier resinsjes fan Frysk literêr wurk foar it tydskrift World Literature Today. Broer Sid (Sietse) wie suskesfol as technikus yn saken. De bruorren droegen yn 2012 by oan de bou fan in nij teater yn De Grinzer Pein, dat de bewenners sels bouden.

Wichtichste wurk op Frysk mêd

Resinsjes
Alle resinsjes fan Frysk literêr wurk

Oersettingen
1995: Rink van der Velde, The trap (oersetting fan De fûke)
2000: Lowland tales (oersetting fan ferhalen fan Hylkje Goïnga, Hylke Speerstra en Rink van der Velde)
2005: Hylke Speerstra, The cruel paradise (oersetting fan It wrede paradys)

Mear ynformaasje
Prof. Baron en de Friese taal, LC 08-08-1984, diel 1 en diel 2
Frysk yn Amearika, LC 14-06-1991, diel 1 [NB Baron promovearre yn 1972 oan de Universiteit fan Michigan, net yn 1982 oan Calvin College, sa't yn dit krantestik stiet; sjoch biografyske skets hjirboppe] en diel 2
‘Crescendo’, haadstik út It wrede paradys yn de DBNL
Henry Baron, 'It longerjen om derby te hearren', taspraak Harmonie Ljouwert 5-10-1999
Halbe Hettema, ferslach jûn yn de Harmonie, LC 6-10-1999
Henry Baron oer Simmer 2000, LC 01-09-2000
Oer hoe't it is om nei safolle jier wer yn it lân fan de jeugd om te stappen, Trotwaer jg. 32, 2000, s. 250-251 [noch net digitaal beskikber]
‘The Baron Brothers’ theater, LC 10-02-2012
BaronTheater nieuw onderkomen Crescendo, Nbl v NO Frl 13-02-2012

©Tresoar, 24-10-2018