Berne: 26-05-1979, dokkum

Joke Corporaal is berne yn Dokkum en groeide op yn Damwâld. Se studearre Nederlânsk oan de Rijksuniversiteit Groningen.


Yn 2009 promovearre se op in stúdzje nei libben en wurk fan Anne Wadman (1919-1997) en yn 2018 ferskynde fan har hân in koarte skiednis fan de Fryske literatuer. Se wennet mei har gesin yn Denemarken en wurket as skriuwer, redakteur en projektkoördinator op it mêd fan literatuer, skiednis en wittenskip.

Libben en wurk
Yn har stúdzjetiid folge Corporaal byfakken Frysk. As stazjêre by de Fryske Akademy makke se in bibliografy fan Anne Wadman. Har ôfstudearskripsje gie oer de iere kritiken fan Anne Wadman oer Nederlânske en Fryske literatuer. De kâns om har fierder yn de persoan en it wurk fan Anne Wadman te ferdjipjen, krige se doe’t it ûndersyksplak fan Babs Gezelle Meerburg by de Fryske Akademy frijkaam. Yn 2009 promovearre se yn Grins op Grimmig eerlijk, in biografyske stúdzje oer Anne Wadman oant 1963, it jier dat De smearlappen ferskynde.

Anne Wadman makke earst diel út fan Fryske en Nederlânske literêre fermiddens, mar keas yn 1948 foar de Fryske literêre wrâld. Wêrom die er dat, wylst er yn it Nederlânsk mear lêzers berikke koe? De kar foar it Frysk kaam neffens Corporaal fuort út idealisme: Wadman woe de Fryske literatuer fernije en bekender meitsje yn Nederlân. Ek woe er de Fryske lêzers kritysker meitsje. Wadman hat yn de emansipaasje fan de Fryske literatuer in wichtige rol spile.
 
Yn 2011 wurke Corporaal mei oan it sammele wurk fan Tjitte Piebenga (1935-2007). Se skreau ûnder oare in biografysk essee foar de ynlieding.

Yn it jier fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd, 2018, ferskynde fan har hân Salang’t de beam bloeit. Dizze koarte skiednis fan de Fryske literatuer rint fan de rune-ynskripsjes út de achtste iuw oant de skriuwers dy’t no gedichten, ferhalen en romans op ’e merk bringe. It boek ferskynde ek yn it Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk.

Foar Farsk en de Leeuwarder Courant skreau se jierrenlang (2006-2014) kollums oer har libben en wurk.
 

WURK

Publikaasjes

2009: Grimmig eerlijk: Anne Wadman en het probleem van de Friese literatuur (dissertaasje)
2011: Sammele wurk fan Tjitte Piebenga
2018: Salang’t de beam bloeit (koarte skiednis fan de Fryske literatuer)

Mear ynformaasje
www.jokecorporaal.nl
Sietse de Vries LC 04-12-200, earste side en twadde side (ynterview)
Sietse de Vries LC 11-05-2018 (ynterview)

©Tresoar, 24-03-2020

Foto auteur: Suzanne Reitsma