Berne: 27-4-1828, ljouwert
stoarn: 28-12-1884, ljouwert

Gerben Colmjon  wie in Frysk taalkundige, bibliotekaris, argivaris en oersetter.

 
Libben en wurk
Gerben (Germ) Colmjon wie de soan fan Pieter Colmjon en Pietje Edzerda. Yn 1855 troude er mei Marijke Groothelm, dy't foàr him stoar. Fan hûs út wie er boarstelmakker en boekferkeaper, mar yn syn frije tiid brocht er himsels troch iverige stúdzje skiednis, de klassike talen (Latyn en Gryksk) en ferskate moderne talen by. Dizze autodidakt wist in baan oan 'e Provinsjale Bibleteek te bemachtigjen, en yn 1868 waard er troch de Steaten fan Fryslân beneamd te argivaris en bibliotekaris fan Fryslân. Yn 1877 folge in beneaming ta ryksargivaris yn Fryslân mei it ferlof om it amt fan provinsjaal bibliotekaris derby te hâlden.
 
Njonken syn wurk wie er in fjurrich strider foar it Frysk. Yn 1849 waard er lid fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse, dêr't er fan 1862 ôf in fearnsiuw siktaris fan wie. Hy wie de útjouwer fan 'e werprintingen fan Rimen en Teltsjes fan 'e bruorren Halbertsma (1871 en 1881), siet yn 'e Staveringskommisje 1876 (en wurke as sadanich mei oan 'e gearstalling fan 'e earste offisjele stavering fan it Frysk, de saneamde "Selskipsstavering" fan 1879), en skreau gedichten en koarte ferhalen yn alderhanne tydskriften, somtiids ûnder de skûlnammen "Eelke" en "G. P.". Ek wie fan syn hân in Beknopte Friesche Spraakkunst (1863) en in oersetting fan it Evangeelje fan Lukas nei it Frysk (1879).
 
Fan amtswegen sette er útein mei de fiifdielige Systematische Catalogus van de Provinciale Bibliotheek van Friesland, mei in alfabetysk register, dat nei syn dea, yn 1887, foltôge waard troch syn opfolger Berns. Boppedat stalde er it Register fan Oarkunden, Dy't yn it Sjarterboek fan Fryslân Untbrekke, Oant it Jier 1400 gear (publ. 1883).
 
WURK


Publikaasjes
1862: Hwet de Leafde Net Dwaen Kin
1863: Beknopte Friesche Spraakkunst voor den Tegenwoordigen Tijd
1871-1881: Systematische Catalogus van de Provinciale Bibliotheek van Friesland (5 dielen)
1879: It Evangeelje fen Lukas 
1883: Register fan Oarkunden, Dy't yn it Sjarterboek fan Fryslân Untbrekke, oant it Jier 1400

Mear ynformaasje
Wikipedy

©Tresoar, 16-06-2020