Berne: 16-02-1955, Ljouwert
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Marga de Jong is op 16 febrewaris 1955 berne yn Ljouwert en hat dêr oant har sânde jier ta wenne; dêrnei ferhuze se nei Easterein.
Oan de Pedagogyske Akademy ‘De Him’ yn Snits folge se de ûnderwizersoplieding. Yn 1987 waard se weryntredend en krige se wurk by de Stichting Basiseducatie Zuidwest Friesland, letter opgien yn it Friesland College. Der folge in post-hbû stúdzje folwoeksene-edukaasje. Op dit stuit jout se as taalstiper Nederlânsk oan it Friesland College. Fierder fersoarget se as ZZP'er lessen yn autobiografysk skriuwen. Se hat in dieltiidbaan, de rest fan har tiid brûkt se om te skriuwen en te lêzen. Marga Claus is mem fan trije bern. Har man Hans Claus stoar yn april 2011. Sûnt 2017 wennet se yn Winsum.
Skriuwen
Al op jonge leeftiid begûn Marga Claus mei it skriuwen fan koarte ferhalen; lêze en skriuwe binne foar har like wichtich as ite en drinke. Sels sei se dêroer: ‘As ik it libben eefkes net oankin, as it in gaos yn myn holle is, pak ik de pinne. Ik bin hiel emosjoneel, troch de dingen fan my ôf te skriuwen hâld ik grip op ’e wrâld. Lêze en skriuwe foarmje in twa-ienheid foar my’.
Yn 1990 wûn se de twadde priis mei in ferhaal by de Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen. Se seach dat as in oanwizing dat se skriuwe koe. Claus skriuwt bewust yn it Frysk, omdat dat de taal is dy’t har it neist oan it hert leit.
Debút: dokumintêre roman
Under de skûlnamme Grethe v.d. Geest debutearre se yn 1999 yn Trotwaer mei in autobiografysk ferhaal Leave Henri of Brief oan ’e Himel. Nei dat ferhaal sloech se nije wegen yn. Under har eigen namme skreau se datselde jier yn Trotwaer in kritysk-humoristyske kollum.
In skoftsje letter kaam se yn ’e kunde mei in Oekraynske flechtling. It libbensferhaal fan dy flechtling fertelde se yn har debútroman Oxzana, ferhaal fan in flechtling, dy’t ferskynde yn 2000. Oxzana is in saneamde dokumintêre roman: de feiten binne wier bard, mar Claus hat nammen feroare en it ferhaal yn in eigen foarm getten.
De besprekken wiene troch de bank posityf. Jabik Veenbaas [1] stelde fêst dat de foarmjouwing fan it ferhaal ‘fertsjinstlik’ is: ‘Se lit Oxzana yn ’e notiid ferslach dwaan fan har ferline, yn ienfâldige, heldere wurden, en nimt de lêzer fan it begjin ôf oan mei.’ Tagelyk hie Meinou Piebenga [2] neist de kompliminten foar de prachtige beskriuwingen fan guon situaasjes krityk op de manier dêr’t Oxzana mei delset is. Piebenga fûn dat úttekenjen net ‘konsistint’ genôch en wiisde boppedat op in oantal flaterkes, lykas de bern fan Oxzana dy’t ynienen opdûke wylst se it lân al út binne. Gerbrich van der Meer [3] wie neist krityske opmerkingen oer wat sy seach as irritante kanten yn de beskriuwing fan de haadpersoan dochs yn grutte halen posityf: 'It boek skuort jo mei yn de werklikheid fan in frou dy't troch in beskate kear yn de skiednis feroardiele waard ta flechtsjen'.
It boek sloech wakker oan by de lêzers. Nei fjouwer moanne wie de earste printinge al útferkocht. Yn totaal ferskynden der fan de Fryske edysje trije printingen, fan de Nederlânsktalige ferzje twa. Nei it ferskinen fan Oxzana krige Marga Claus alle dagen brieven, mailtsjes en telefoantsjes fan lêzers dy’t har witte lieten hoe’t it ferhaal har rekke hie.
Papûa
De earste roman wie noch mar amper klear doe’t de skriuwster de stoffe fan har folgjende boek al fûn hie. Yn Boalsert trof se in pater Fransiskaan dy’t tweintich jier op Papûa yn de missy wurke hie. De ferhalen dy’t se fan de pater hearde, brûkte se as útgongspunt foar har folgjende roman De heit fan Serafyn. Claus wurke har twadde boek op in oare manier út as it earste: der wie mear fiksje yn bemongen. Yn in fraachpetear yn De Moanne [4] sei se: ‘Ik ha it gefoel dat ik my mei it twadde boek dûbeld wiermeitsje moat. It is in oar boek, wat dreger as Oxzana. It is foar in wat lytser publyk, mar dat makket my neat út. Ik skriuw net om it publyk te behaagjen, mar om’t ik it gefoel ha dat guon ferhalen ferteld wurde moatte.’
De heit fan Serafyn waard op himsels posityf ûntfongen. Eric Hoekstra [5] koe him goed ynlibje yn it leed dat yn it boek beskreaun wurdt: 'Ik bin ymmún wurden foar de measte foarmen fan morele manipulaasje troch twadden dy't my mei it leed fan tredden beynfloedzje wolle, mar yn dit boek libbe ik dochs ek mei mei it leed fan de Papûa's en it fielen fan machteleazens by de haadpersoan foar it sosjaal ûnrjocht oer. Knap wurk dus!' Tagelyk hie er graach wold dat Claus wat skerper út 'e hoeke kommen wie: 'Wat ik miste yn dit boek fan Marga Claus is sinyske en ûnmeilydsume humor. Ik wit dat se yn stikjes yn Trotwaer minsken op in briljante en spikerhurde manier ôfmeitsje kin. Dy kant fan de skriuwster is folslein ôfwêzich'. Ek Jabik Veenbaas [6] hie in ‘grimmitiger boek’ sjen wold, foaral ek fanwege de ferteller, dy’t neffens him oan de kant fan fan de ûnderdrukkende partij stiet. Veenbaas fûn dat Claus mei dat aspekt te ‘ûnkritysk’ omgongen wie. Tagelyk seach er in boek mei in heldere styl en in moai slutende komposysje. Foar Jelma Knol [7] wie it simpel: 'Mei De heit fan Serafyn hat Claus harsels op de earste rang fan de Fryske literatuer setten'.
Tichter by hûs
Yn it tredde boek, Lytse do, bleau de skriuwster tichter by hûs. It boek hat in persoanlike ynslach. De haadfiguer Kike hâldt in deiboek by wylst dochter Gitte, sûnder dat it sa bedoeld wie, yn ferwachting is. De lêzer belibbet de tinzen en fielings fan in mem dy’t beppe wurde sil en tagelyk sels tangele sit mei har oergong. It giet ek oer har beppesizzer, tsjin wa’t se praat (‘lytse do’), oer de wederwaardichheden fan Gitte, dy’t breed oan de oarder komme, en oer dat wat der bart mei har tún, it waar, it greidlân, har hûn en har wurk as taallearaar by it flechtelingewurk. Leauwe, libbensfragen en de spirituele kant fan it libben komme ek gauris oan de oarder, en allyksa komme yn de tekst de boeken dy’t se lêzen hat, werom. Ut en troch tinkt Kike werom oan hoe’t har eigen mem wie, sadat it boek fjouwer generaasjes froulju beslacht.
Jetske Bilker [8] fûn yn har resinsje dat Lytse do in oantreklik boek wie ‘foar jonge beppes yn spee’, mar ek dat de útwurking tefolle yn it persoanlike hingjen bleau. Yvonne Dijkstra [9] seach Lytse do as ‘in hiel aardige roman’, mar ek as in boek dat har net werklik reitsje koe. Jelle van der Meulen [10] seach it sa: 'Hoewel er veel gevoel in het boek zit, is het absoluut niet sentimenteel. De schrijfster, die ongetwijfeld veel autobiografische gegevens in dit boek verwerkte, heeft goed afstand genomen en de juiste toon gevonden, wat een intense roman oplevert'.
Travesty
De fjirde roman Bollman & Bollman draait om it ferskynsel fan crossdressing, oftewol travesty. Claus keas op ’en nij foar minsken mei in eigen en apart libbensferhaal, mar dizze kear net ophongen oan de kapstok fan feitlike gegevens. It boek is in alhiel fiktyf ferhaal oer in net-alledeisk ûnderwerp. It ferskinen fan de roman ein maaie 2009 waard begelaat mei in yntinsive publisiteitskampanje, alhiel troch de skriuwster sels op tou set, mei help fan minsken út har freonenetwurk.
Jetske Bilker [11] stelde dat Claus it ûnderwerp goed ta syn rjocht komme liet. Tagelyk fûn se ek dat it allegear de swiere kant neist wie, se hie graach wat mear humor of relativearring sjoen: ‘Dat hie wat mear lucht jûn’. Elske Schotanus [12] ûnderskreau dat lêste. Fierder hie se wurdearring foar de ynset fan myten en teksten út it Heechliet om haadpersoan Yasper treast fine te litten yn syn syktocht. Boppedat waard neffens har goed dúdlik makke dat travesty noch altyd net akseptearre wurdt. Jaap Krol [13] fûn it boek net pakkend genôch, mei in te iensidich delsette haadpersoan. Hy frege him ôf oft Bollman & Bollman net mear potinsje hân hie as non-fiksje boek.
Kleaster
De roman Kompleten ferskynde yn 2013. It is in ferslach oer in frou dy’t acht dagen yn in kleaster trochbringt. Dêrneist giet it troch it brûken fan brieven fan in pater út Brazilië oer wûnders dêr’t Maria mei anneks wêze soe, wylst yn de tredde laach beskreaun wurdt hoe’t de man fan de haadpersoan oan kanker kaam te ferstjerren. Doeke Sijens [14] skreau oer ‘de moaie observaasjes fan oare gasten’. De djippere lading fan it boek siet neffens him yn de laach oer it ferstjerren fan de man: ‘Koarte stikjes tekst, sober en yntins’. Jaap Krol [15] wie ek loovjend oer dat aspekt fan it boek: ‘Marga Claus lit de autobiografyske roman Kompleten op boeiende wize balansearje tusken folksdevoasje en hope, nijsgjirrigens en besinning en de ûngrypbere wreedheid fan sykte’. Martsje de Jong [16] waard troffen troch de symbolyk en de hieltyd weromkommende rituelen dy't treast en hâldfêst oan de ik-figuer jouwe: 'Krekt dy kombinaasje fan faktoaren makket it in hiel bysûnder en waarm boek om te lêzen. Ut en troch brûkt de skriuwster sitaten fan oare minsken, dy ’t de haadpersoan en de lêzer oan it tinken sette oer de mystearjes fan it libben. It belûkt de lêzer op in tûke wize by wat der yn it boek bart. Kompleten kin wat my oanbelanget oanslute yn it rychje klassikers fan de Fryske literatuer'.
Kadoboek
Yn 2016 skreau Marga Claus tegearre mei Aggie van der Meer it kadoboek Neiskrift. Omdat beide skriuwsters yn de maitiid fan 2011 harren partners ferlearen, makken se de ôfspraak om fan juny 2011 ôf in jier lang mei elkoar te briefkjen en elkoar te fertellen wat har dwaande hold. Dat se harren fertriet mei-elkoar diele koene, kaam ek troch de freonskip dy't nei in lêzing fan Marga Claus [17] tusken beide skriuwsters ûntstien wie. Jaap Krol [18] neamde Neiskrift in hiel persoanlik boek 'dat op trochkringende wize in faze ôfslute wol' en dêrmei in soarte fan 'lottering' foarmet. Doeke Sijens [19] hie ek each foar de ferskillen tusken beide skriuwsters: 'Claus sit fol emoasjes', wylst er Van der Meer mear 'berêstend' fynt en ek 'wat mear relativearjend'.
Boarnen foar dit stik
[1] Jabik Veenbaas, LC 15-09-2000
[2] Meinou Piebenga, Trotwaer nûmer 4 - 2000
[3] Gerbrich van der Meer, FD 18-10-2000
[4] Martha Kuitert, De Moanne nûmer 3 - 2002
[5] Eric Hoekstra, Farsk 18-2003
[6] Jabik Veenbaas, LC 24-10-2003
[7] Jelma Knol, Hjir, nûmer 5, s. 7-11 2003
[8] Jetske Bilker, LC 19-01-2007
[9] Yvonne Dijkstra, FD 25-08-2007
[10] Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
[11] Jetske Bilker, LC 26-06-2009
[12] Elske Schotanus, (oarspr. De Moanne) 14-09-2009
[13] Jaap Krol, FD 27-06-2009
[14] Doeke Sijens, LC 18-10-2013
[15] Jaap Krol, FD 21-12-2013
[16] Martsje de Jong, Ensafh. 30-07-2014
[17] Sietse de Vries, LC 09-09-2016
[18] Jaap Krol, FD 15-09-2016
[19] Doeke Sijens, LC 09-09-2016
Bibliografy
Romans
2000: Oxzana, ferhaal fan in flechtling
2003: De heit fan Serafyn
2006: Lytse do: dei- en nachtboek foar in stjerrebern
2009: Bollman & Bollman
2013: Kompleten
Ferskaat
2015: Mariamonologen (tolve fraachpetearen om Maria van Sevenwouden hinne)
2016: Neiskrift (brieveboek mei Aggie van der Meer; kadoboek 2016)
2016: Hans Claus; skilderijen, ikoanen
2020: Wonderlijk, Bolswards mirakelboek ontsloten voor iedereen (Arjen Bultsma, meiwurking Marga Claus)
Oerset wurk
2005: Oxzana's vlucht
2006: De vader van Serafyn
2016: Completen
Prizen
1990: 2e priis mei ferhaal Rivalen by de Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen
Nominaasjes
2015: Longlist Gysbert Japicxpriis, Kompleten
Mear ynformaasje
Webside fan de skriuwster
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Rouadvertinsje Hans Claus, Mensenlinq
©Tresoar, 23-05-2018