Berne: 30-04-1891, Blije
Ferstoarn: 18-08-1966, Ljouwert

Libben en wurk

Watze Cuperus waard berne yn Blije en ferkearde syn libben lang yn 'e Noardeasthoeke fan Fryslân. Hy kaam út in ienfâldich fermidden, syn heit wie earst boerearbeider en dreau letter in winkeltsje yn Blije.

As jonge dreamde er al fan it skriuwerskip en dy dream hat er wier makke. Hy kaam al jong by de boer oant wurk, letter waard er terpgraver, modderfarder en swalke, neidat er yn ’e mobilisaasje as soldaat opkomme moatten hie, yn de krisisjierren hiel Fryslân troch mei in slattersploech. Cuperus troud yn 1914 en mei in oanwinnende húshâlding begûn er mei lapkes en klean te suteljen en hie letter in winkel. Yn 1928 wurdt er jildopheller  en meteropnimmer by it elektrisiteitsbedriuw te Marrum. Oant syn sechstichste ta is Cuperus amtner yn ’e bûtentsjinst bleaun en swalke er op ’e fyts troch it gea by huzen en pleatsen del.

Yn 1931 rekke er oan it skriuwen yn Us Fryske Rebryk yn it Friesch Dagblad, in rubryk dy't fersoarge waard troch it Grifformeard Frysk Selskip. Jierrenlang hat er it folholden alle wiken foar de krante te skriuwen earst ûnder de skûlnamme Bauke fen Skeanebûrren, en fan 1934 ôf ûnder syn eigen namme.

Yn 1933 debutearre er mei it boek Skeanebûrsterfolkslibben ek ûnder de skûlnamme Bauke fen Skeanebûrren en omfettet twa earder yn it Deiblêd publisearre ferfolchferhalen. Hy soe dêrnei noch fyftjin romans, twa berneboeken, mear as twahûndert ferhalen en fiif toanielstikken skriuwe, njonken noch gâns gelegenheidswurk foar brulloften, jubilea en betinkingen.

Hy wie in `protestantsk-kristlik' folksskriuwer, mei in sterke sosjale belutsenheid en kennis fan saken fan de "kleine luyden" . Watse Cuperus hat der nea in geheim fan makke, dat er it skriuwen fan Fryske boeken as in opdracht fan God beskôge en syn skriuwen op de keper besjoen evangelisearjen wie. Hy woe dêrmei alderearst in maatskiplik doel tsjinje. Troch oer de earmoed fan de arbeiders te skriuwen woe er de eagen iepenje fan de better bedielden, sadat hja it wol as har plicht fiele moasten de situaasje te feroarjen. De driuw nei gelikense rjochten foar eltsenien waard tagelyk syn driuw om te skriuwen. Hy sels sei dêroer: 'Ik hie wat mei te dielen en dat moast ik kwyt. Rûnom wie 't earmoede en ik woe mei myn skriuwen oandacht freegje foar de mindere man en him sa helpe'.

In grut part fan wat Cuperus skreaun hat, berêst op wiere feiten. Al syn wurk spilet yn de omkriten fan Blije, Westernijtsjerk en Marrum, de doarpen, dêr’t er wenne hat. It measte is situearre yn arbeidersfermiddens, omdat er dat út eigen ûnderfining fan binnen út beskriuwe koe, mar hy hat him ek weage oan de útbylding fan dûmny’s en middenstanners.

Cuperus is nea yn ’e beneaming kommen foar in grutte literêre priis, mar njonken bekroaningen yn de romanpriisfragen fan de KFFB hat er ien kear in Rely Jorritsmapriis wûn. Nei’t er de lêste jierren fan syn libben al hast net mear skriuwe koe, troch lichaamlike klachten dy’t it gefolch wiene fan syn oanboazjende sûkersykte, is Watse Cuperus op 18 augustus 1966 yn âldens fan 75 jier yn Ljouwert ferstoarn.

Literatuer
1951: Anne Wadman. Kritysk Konfoai, s.105-122
1956:  L.W. Nauta yn De Tsjerne, 1956, s. 105-109
1957: J. Piebenga. Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, s.262, 267-277
1959: E.B. Folkertsma yn De Tsjerne, 1959, s. 29-30
1977: Klaes Dykstra. Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, s.105
1978: G.R. Zondergeld. De Friese beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen, s.179-180, 382, 543
1978: A. Zantema. Tekst en Utlis  
1999: Tineke Steenmeijer-Wielenga, Oer de skriuwer, boek en útjeften yn Swart mar leaflik, Fryske Klassiken: nû. 4

Wurk

Proaza
1933: Skeanebûrster folkslibben 
1937: Lânstoarm XI
1941-1950:  De gouden tried (trije dielen: 1941, 1942 en 1950)  (1982 yn de titelroas-rige)
1943: Oarreheite erfskip
1946: Sa't lân opjowt
1947: De pipegael (2de pr.1969)
1948: Doeke Daen
1949: Swart, mar leaflik (2de pr. 1969, 3de pr. 1998)
1955: Hoeder en skiep
1958: Striid en segen (autobiografyske roman)
1964: De sierlike kroan
1966: Jild en eare

Berneboeken
1936: Oarreheite pet (2de pr. 1941; 3de pr. 1948) 

Toaniel
1955: Do silst net stelle, toanielstik yn fjouwer bidriuwen
1956: Libbensropping, toanielstik yn fjouwer bidriuwen
1966: De gouden tried, toanielstik yn fjouwer bidriuwen, op nij biwurke nei deselde roman

Oersettingen
1959: Zwart maar lieflijk (oersetting fan Swart mar leaflik)

Prizen
1955:  Rely Jorritsmapriis (ferhaal: S.D.G.)

Mear ynformaasje

Wikipedia Nederlânsk

©Tresoar, 23-01-2019