BERNE: 25-04-1820, LJOUWERT
FERSTOARN: 29-05-1862, LJOUWERT
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
byldmateriaal
-
biografy nl
Libben en wurk
Tiede Roelofs Dykstra is berne yn Ljouwert yn 1820. Hy wie soan fan in keapman.
Hy studearre letteren yn Frjentsjer (as ien fan de lêsten) en rjochten yn Grins. Hy waard yn 1843 privee-learaar (yn âlde talen) yn Ljouwert en wie argivaris-bibliotekaris fan Fryslân (1858-1862). Dykstra wie, mei Harmen Sytstra en Jacobus van Loon, mei-oprjochter fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse (1844). Hy wie in typyske romantikus mei in sterk nasjonalistyske- grutfryske oertsjûging. Hy is stoarn yn 1862.
Hy wie redakteur fan Iduna (mei Harmen Sytstra), Swanneblommen en de Nieuwe Friesche Volksalmanak (1857-1862). Hy makke oersettingen fan wurk fan de Sweed Erik Gustaf Geijer, Deen Hans Christian Andersen en Dútser Johann Peter Hebel. Ek skreau er Fryske lieten.
WURK
List fan wurk (seleksje)
1840: Foarjiersblomkes (dichtbondel)
1842: Fryske Sankjes (dichtbondel)
1853: Oan ’t Noarderhôf (gedicht)
Mear ynformaasje
Wikipedy
©Tresoar, 22-01-2020