Berne: 17-02-1954, drachten
-
BOEKEN, AV MATERIAAL, ARTIKELS
- DIGITALE BIBLIOTHEEK NEDERLANDSE LETTEREN
-
Gedichten
-
BYLDMATERIAAL
-
biografy nl
Gurbe Douwstra is in Fryske sjonger en liettekstskriuwer.
Libben en wurk
Gurbe Douwstra is berne yn 1954 yn Drachten, dêr’t er opgroeide en op it Ichtus College syn gymnasium-diploma helle. Nei syn tsjinsttiid waard hy sjoernalist foar de Ommelander Courant. Doe't er wurk krige by de Leeuwarder Courant kaam er wer yn Drachten. Begjin tachtiger jierren gie er oan de slach by Omrop Fryslân, hy wie dêr ferslachjouwer en letter muzykredakteur, presintator en gearstaller fan it streektaalmuzykprogramma 'Radio Froskepôle', dêr't hy hast 2500 ôfleveringen fan makke hat. Yn 2018 gie Douwstra, nei in tsjinstferbân fan mear as 36 jier, earder mei pensjoen.
Al op de middelbere skoalle spile Douwstra yn ferskate skoalbands. Hy rjochte syn eigen band op (Ltd) en hat noch by in stik as wat groepen sitten (Managisha, Zenith en Maîtresse). Nei it skriuwen fan inkelde lieten foar de trouwerij fan freonen begûn er wer muzyk te meitsjen yn de folkgroep Bêdbuks. Sûnt 1999 sjongt er benammen solo. Yn 2001 makke er syn earste cd, mei dêrop it bekende nûmer 'Lit jim Gean Friezen'. Yn 2005 ferskynde de twadde cd, mei ûnder oare 'Cliffs of Moher', it nûmer dat sûnt 2008, mei twa kear in ûnderbrekking, yntusken tsien kear op it earste plak yn de Fryske top 100 stie. Douwstra is in sjonger/lietskriuwer, dy't syn ferskes bringt yn de styl fan de Fryske trûbadoers. Dat docht er dan ek meast yn it Frysk. Syn lietsjes fariearje fan mankelike harklietsjes oant fleurige ferskes oer de (eigen)aardige saken fan it libben.
Fan 2002 oant en mei 2017 foarme hy mei syn kollega-trûbadoers Doede Veeman, Jaap Louwes en Piter Wilkens de gelegenheidsgroep ‘de Fjouwer Trûbadoers’. Mei Marcel Smit en Piter Wilkens trede er earst op ûnder de namme Douwstra, Smit & Wilkens, mar yn 2017 ek mei it teäterprogramma Frisicana dat yn 2019 in ferfolch krige mei Frisicana II. Ek makke er syn earste teäter-lietsjesprogramma 'TePlak', in persoanlik libbensferhaal mei âlde en nije lietsjes út syn repertoire.
WURK
Publikaasjes
2001: Dizze stoarm (solo)
2004: Der tuskenút (De Fjouwer troebadoers)
2005: Myn eigen paad (solo)
2007: De âlde púndyk del (De Fjouwer troebadoers)
2010: Thús (solo)
2019: Op 'en paad (solo)
Mear ynformaasje
www.gurbedouwstra.frl
Jacob Haagsma, LC 24-01-2020 (ynterview n.o.f. teäterprogramma TePlak)
Foto: Maartje Roos, It Hearrenfean