Berne: 01-02-1942, It Hearrenfean
Ferstoarn: 29-06-2002, Ljouwert

Libben en wurk

Sikke Doele waard berne op 1 febrewaris 1942 op It Hearrenfean. Hy wie in soan fan Halbe Doele, meioprjochter fan it bewegingsblêd De Stiennen Man en fan de Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge.

Halbe Doele foarme, tegearre mei syn frou, it earste direkteursechtpear fan de folkshegeskoalle. Sadwaande waard Sikke grut op Skylge, it eilân dat letter yn syn literêre wurk in grutte rol spylje soe.
Doele hat tritich jier keunstkritiken skreaun foar de Leeuwarder Courant; mei op syn inisjatyf krige de LC in keunstredaksje en kaam der in keunstbylage by de krant. Op 29 juny 2002 is Sikke Doele te Ljouwert ferstoarn, op de leeftyd fan 60 jier.

Tematyk en resepsje
Sikke Doele liet foar it earst fan him hearre as skriuwer mei it ferhaal In frou mei in blau kofferke, dat ferskynde yn in spesjaal jongereinnûmer fan De Tsjerne (1965).

Hy debutearre as dichter yn 1976 mei it fers Houliksreis yn it moanneblêd De Strikel (nûmer 5/6). In jier letter ferskynde syn earste fersebondel It swiet geniet. Nei de publikaasje fan dy bondel like it oft syn literêre ynspiraasje foarearst ta stilstân kaam wie. Dy ynspiraasje wie hielendal werom doe't yn 1999 de ferhalebondel De gouden teeman útkaam, in bondel dy't posityf ûntfongen waard. Yn 2001 kaam fan Sikke Doele in koarte roman, De messeslikker, út en yn 2002 wer in ferhalebondel mei de titel It apparaat. Postuum ferskynde fan syn hân de dichtbondel Longereilân.

Yn dy bondel beskriuwt Doele syn langst nei en syn leafde foar Skylge. By de oanbieding fan de bondel neamde Geart de Vries de fersen in poëtyske leafdesbetsjûging oan it eilân dat sa'n grutte betsjutting foar him hân hat. Skylge is ek faak it dekôr yn syn proaza, de koarte roman De messeslikker spilet him ôf yn in simmerfakânsje yn de jierren sechtich. Yn It apparaat steane de bernejierren sintraal; it grut wurden yn in Frysksinnige húshâlding en it ferliezen fan de berne-ûnskuld. It is opmerklik dat ien sa iepenlik oer it opgroeien yn in Frysksinnige húshâlding skreau, in bysûnder ferskynsel yn de Fryske literatuer.

Yn de ferhalen fan Doele barre gjin drama's, mar dochs wit de skriuwer yn elk ferhaal in spanningsbôge op te bouwen. Hy skriuwt yn in losse, flotte styl en mei mylde humor. Elske Schotanus skreau yn har besprek fan It apparaat (Farsk, 2003): 'Foar alle dielnimmers oan skriuwkursussen soene dizze ferhalen ferplicht op de literatuerlist kinne: deistige en werkenbere barrens wit Doele om te smeien ta hechte en helder konstruearre ferhalen, noflik om te lêzen en fan te genietsjen.' De generaasjegenoaten fan Doele, de saneamde babyboomers, sille syn proaza as in soarte fan sentimental journey ûndergean; yn in pear sinnen ropt er de sfear op fan de jierren fyftich en sechtich. It libben yn dy jierren en syn jeugdjierren op Skylge binne sintrale tema's yn it literêre wurk fan Sikke Doele.

Wurk

Poëzy
1977: It swiet geniet
2002: Longereilân

Ferhalebondels
1999: De gouden teeman
2003: It apparaat

Roman
2001: De messeslikker

Ferskaat
2004: Swartwite tiden – jazzfoto's Piter Doele, teksten Sikke Doele

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Josse de Haan, 'It flechtige fiksearje en dêrtroch yn libben hâlde' yn: Kastanjes poffe s.79-95 (2005) oer It swiet geniet

©Tresoar, 23-01-2019