Berne: 16-07-1961, It Hearrenfean

Libben en wurk

Lida Dykstra is berne op 16 july 1961 op It Hearrenfean. Se groeide op yn Skarsterbrêge. Nei’t se har ateneumdiploma helle hie, gie se nei Leiden om dêr oan de Reinwardt Akademie in hbû-oplieding foar museummeiwurker te folgjen.

Dêrnei studearre se keunstskiednis oan de universiteit fan Leiden, yn 1986 makke se dy stúdzje ôf mei in skripsje oer Fryske ambachts- en folkskeunst. Se kaam werom nei Fryslân en krige in baan as projektmeiwurkster by de Stichting Monument van de Maand, dêr't se ûnder oare de ferantwurdlikheid hie foar de einredaksje fan de boekerige. Yn 1989 waard se konservator fan it Museum Joure. Dy baan sei se yn 1992 op doe't se in dochter krige.

Neist it skriuwen jout Lida Dykstra kursussen, sit se yn literêre sjuerys, wylst se sûnt 2015 ek warber is as skoalskriuwer.

Skriuwster
Mei kreatyf skriuwen begûn Lida Dykstra al doe't se op de legere skoalle siet. Se stjoerde ferhaaltsjes en tekeningen nei de bernerubryk yn de Friese Koerier, dy't har bydragen geregeld opnaam.
Doe't har dochter noch lyts wie, folge se kursussen kreatyf skriuwen. By de SLAH (Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen) en it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD, letter opgien yn Tresoar) yn Ljouwert waard se op 'en paad holpen om te skriuwen yn har memmetaal. Benammen troch dosinte en skriuwster Akky van der Veer fielde se har stimulearre. Se folge ek kursussen Frysk by de Afûk, oant en mei de Afûkakte. Se die dat om it Frysk skriuwen en taaleigen te learen en mear te witten te kommen oer Fryske skiednis en literatuer.

Produktyf
Yn 1993 wûn Lida Dykstra mei it gedicht Mûzenêsten de earste priis yn de wedstriid om de Gouden Pinne, in doedestiids jierliks SLAH-evenemint. Dêrnei lei se har benammen ta op it skriuwen foar bern. Har debút as berneboekeskriuwster makke se yn 1994 mei Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid. It boek waard goed ûntfongen, likegoed troch har jonge lêzers as troch de besprekkers. Yn 1995 waard it nominearre foar de Simke Kloostermanpriis (de trijejierlikse priis foar Frysktalige jeugdliteratuer). Nei har debút folge der op syn minst alle jierren in nij boek fan Lida Dykstra. Earst allinnich yn it Frysk, mar fan 1997 ôf skreau se ek yn it Hollânsk. Ferskeidene fan har berneboeken binne yn beide talen ferskynd, wêrby't Dykstra sels ferantwurdlik wie foar de oersettingen.

Karakteristyk
De boeken fan Lida Dykstra falle op troch it kreatyf brûken fan de taal. Se is net bang foar sa no en dan in dreech begryp, fakentiids betinkt se sels nije wurden. Dêrby lit de skriuwster har graach ynspirearje troch bylden en ympresjes, bygelyks fan in skilderij. Se is frijwat fisueel ynsteld, sa't se oanjoech yn in fraachpetear [1] mei Sietse de Vries: 'Ik hear by de generaasje dy't grut wurden is mei de televyzje. Dêrtroch tink ik, krekt as de bern fan no, folle mear yn bylden as eardere generaasjes'.

Har belangstelling foar skiednis en de klassike âldheid is te fernimmen oan de kar fan har ûnderwerpen, lykas yn de histoaryske (jeugd)romans Spegelspreuk en Ik, Anna. Prachtich hat se dat ek útwurke yn it yn 2000 ferskynde boek foar jongerein Wolken fan wol. It boek is in bewurking fan seis ferhalen út de Metamorfoasen fan Ovidius. Yn in dûbele ramtfertelling wurde de myten fan û.o. de weefster Arachne, kening Midas, Phaëton en de leafdesskiednis fan Orpheus en Eurydice út de doeken dien. It boek is net in neifertelling, mar in hiel eigen ynterpretaasje fan de ferhalen, dêr't de keunsthistoaryske eftergrûn fan de skriuwster yn trochklinkt. Jabik Veenbaas [2] neamde it boek nei opmerkingen oer û.o. it weilitten fan wichtige details en it yn syn eagen soms wat al te 'Hollânske' taalgebrûk 'beslist ûnderhâldend'. Odile Jansen [3] sei oer dit boek, dat ûnder de titel Wachten op Apollo ek yn it Nederlânsk publisearre waard: 'In hexameters vertelt Ovidius over gedaantewisselingen van gewone stervelingen, (half)goden en nimfen. De achterliggende gedachte: ,,(...) er is niets in deze hele wereld dat blijft. Alles verglijdt, elk ding krijgt vorm en gaat voorbij.' Van die opvatting is misschien niet zo heel veel bewaard gebleven in Dijkstra's bewerking van Ovidius' rijke vertelstof. Maar ze doet wel op andere manieren recht aan de 'Metamorphosen'. In de eerste plaats door haar luchtig-ironische, soms ronduit kluchtige verteltrant die heel goed past bij Ovidius' eigen humor, maar ook door de haast ovidiaanse levenswijsheid die ze geregeld tentoonspreidt. En haar idee om de zes verhalen te laten vertellen door de babbelzieke bonte kraai Cornix die voor haar metamorfose een prinses was, is zonder meer een prachtvondst.'

Ek foar it skriuwen fan it mei de Simke Kloostermanpriis bekroande Lederwyntsje, bern mei krêften makke Lida Dykstra gebrûk fan eleminten út âlde folksferhalen. De sjuery [4] seach 'in nijsgjirrich ferhaal mei in eigen sfear'. Yn in fraachpetear mei Gerbrich van der Meer [5] joech Lida Dykstra oan dat yn har eagen in berneboek net allinnich in ûnderhâldende funksje hat, mar ek in edukative, yn dit gefal omdat bern amper mear wat witte fan de natuer: 'Dan haw ik it oer de leppeltsjedief, en dan witte se yn ’t earste plak net oer hokker plantsje ik it haw, yn it twadde plak net dat je it plantsje foar de grap ynsette kinne om derefter te kommen oft ien fereale is op je of net.' Se hope dan ek 'Dat paken en beppen, heiten, memmen, masters en juffen nei it lêzen fan dit boek mei de bern op sjou geane om harren de geheimen fan de natuer by te bringen.'

Deselde belutsenheid by de natuer is werom te finen yn Pykje Fjouwer / Kuikentje Vier, in ferhaal oer in skriezejong dat wat letter as de oaren út it aai krûpt is. Sels opgroeid mei it lûd fan fûgels om har hinne muoit it har, sa joech se oan yn in artikel fan Sippie Miedema [6], dat it no sa stil wurden is yn de Fryske greiden. Tagelyk bliuwt ek de skiednis har yntrigearjen, sa't te sjen is oan it ferskinen fan boeken as De huodsjes fan Mata Hari / De hoedjes van Mata Hari en Wenje yn in skilderij / Wonen in een schilderij oer keunstner Alma Tadema.

Yn 2019 waard har 25-jierrich jubileum as auteur fierd mei de útjefte fan It Spûkskip, in bondel mei in kar út har ferhalen. Ek waard se foar in perioade fan twa jier beneamd ta 'Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân', dit om it lêzen fan Fryske berneboeken te promoten [7]. Dizze perioade waard fanwege de pandemy mei in jier ferlinge.

Wurdearring
It wurk fan Lida Dykstra falt faak yn 'e prizen. Yn 2001 waard Wolken fan wol beleanne mei in Welpeprint (priis foar it bêstfersoarge Fryske berneboek) en yn 2002 kaam it op de IBBY-Honnourlist (The International Board on Books for Young People), wat betsjut dat it kwalityf ta de bêste berneboeken fan de wrâld rekkene wurdt. Yn 2001 ferskynde de Hollânske oersetting ûnder de titel Wachten op Apollo. Dat waard yn 2002 troch de Griffel-sjuery ûnderskieden mei in Vlag en Wimpel. Yn 1998 waard De skat fanJonker Jan nominearre foar de Simke Kloostermanpriis en yn 2001 barde datselde nochris mei Snotaapkes. Foar it yn 2003 ferskynde Mûske myn famke waard se yn 2004 beleanne mei dy priis. Mûske, mynfamke is oerset yn ferskate oare talen. Yn 2007 krige se opnij de Simke Kloostermanpriis, diskear foar Lederwyntsje, bern mei krêften. Yn 2012 krige se in Vlag en Wimpel fan de Griffelsjuery foar Verhalen voor de Vossenbroertjes, wylst yn 2020 Het beest met de kracht van tien paarden nominearre waard foar de Boekenleeuw. Schaduw van Toet (2021) waard nominearre foar sawol De Boon as de Woutertje Pieterse Prijs.

Dichtwurk

Yn de dichtbondel Frou Ule, dy't ein 2000 útkaam, steane njonken nije fersen ek guon dy't earder stiene yn de tydskriften Hjir, Trotwaer en Frysk en Frij. Sintrale tema's binne ûnderwerpen út de keunsthistoarje, mar ek magy, natoermystyk en mytology.

Boarnen foar dit artikel
[1] Sietse de Vries, LC 09-12-1994 (fraachpetear)
[2] Jabik Veenbaas, LC 09-06-2000
[3] Odile Jansen, Trouw 01-06-2002
[4] Sjueryrapport Simke Kloostermanpriis 2007
[5] Gerbrich van der Meer, FD 09-05-2007 (fraachpetear)
[6] Sippie Miedema, FD 11-04-2017
[7] Rianne Kramer, FD 06-07-2019

Wurk

Poëzy
2000: Frou Ule

Berneboeken
1994: Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid
1995: De billebiter
1996: De skat fan jonker Jan
1997: Pake past op Dideldeintsje
1998: Leaverikjes (Aksjeboek foar bern)
1999: Snotaapkes: de bêste aventoeren fan Boltsje de Boer
2000: Wolken fan wol
2002: De suertsjeplysje
2002: De aventoeren fan Boltsje de Boer (CD, ferhalen út Snotaapkes en De suertsjeplysje)
2003: Dideldeintsje wol nei skoalle
2003: Mûske, myn famke (Aksjeboek foar bern)
2005: Lederwyntsje: bern mei krêften 
2005: Tsien lytse hekskes (earst yn it Nederlânsk skreaun, doe oerset nei it Frysk)
2006: Oekebakke boem
2006: Skattich (earst yn it Nederlânsk skreaun, doe oerset nei it Frysk)
2007: Ik bin in optocht(earst yn it Nederlânsk skreaun, doe oerset nei it Frysk)
2007: Spegelspreuk (Aksjeboek foar bern)
2008: Ik wol gjin broerke! (earst yn it Nederlânsk skreaun, doe oerset nei it Frysk)
2009: Kiki fangt in pake
2009: De ridder fan Oei (studio F: taalmetoade Frysk)
2010: Ik hâld fan Pod
2012: Knipperke (Aksjeboek foar bern)
2014: De blauwe jonge (studio F: taalmetoade Frysk)
2014: Gewoan gek op skiednis - Geweldige, spannende en bysûndere ferhalen oer Fryslân (mei û.o. Erik Betten en Aart Cornelissen)
2016: Wenje yn in skilderij / Wonen in een schilderij (oer de skilder Alma Tadema)
2017: Pykje Fjouwer / Kuikentje Vier
2017: Ridder Jet
2017: De huodsjes fan Mata-Hari / De hoedjes van Mata-Hari
2018: De Weddenskip
2018: Sipke's Elfstedentocht / Sipke syn Alvestêdetocht(twatalich boek)
2018: Dweiltrochwiet / Kleddernat (twatalich)
2018: Nei de top (ferhalebondel, mei oaren)
2019: It Spûkskip
2019: Sipke gaat zeilen / Sipke sil sile
2019: De tún fan Trip (Sweltsje-rige)
2019: It Spûkskip
2020: Sipke vindt een kievitsei / Sipke fynt in ljipaai
2021: Sipke op het kaatsveld / Sipke op it keatsfjild
2022: Sipke leert fierljeppen / Sipke leart fierljeppen
2023: De letterfretter
2023: Sipke komt op stoom

Proaza
2009: Ik, Anna (histoaryske roman)
2012: De nije seemearmin

Oersettingen en wurk yn it Nederlânsk
1997: Poppennacht
1999: Sinto de Saurus
1999: Gefaar foar graaf Max (oersetting út it Nederlânsk fan Gevaar voor graaf Max - 1997)
2000: Vlieg naar de zon, Pip
2000: Sim loopt weg
2000: Koning Kind
2001: Wachten op Apollo (oersetting fan Wolken fan wol - 2000) (2e pr. 2002)
2001: Praat maar met duif
2001: Pootjes, pootjes, puf, puf
2002: Het kinderhotel van juffrouw Kummel
2002: Pip is op Snoes
2002: Maan en de Pixies
2003: De toverlantaarn van juffrouw Kummel
2003: Pin wil geen prik
2003: Little mouse (Ingelske oersetting fan Mûske myn famke - 2003)
2003: Muisie, my meisie (Súd-Afrikaanske oersetting fan Mûske myn famke - 2003)
2004: Muisje mijn meisje (oersetting fan Mûske myn famke - 2003)
2004: Geeske en de cirkel van drie (Lederwyntsje - 2005) (2e pr. 2006)
2005: Tien kleine heksjes
2005: Stoppen
2006: De DINKies: Herten in nood
2006: Slaap lekker, prinses
2006: Rollebollebom (Oekebakke boem - 2006)
2006: Schattig (fgl: Skattich - 2006) (ek ferskynd as Che carino! – Itaalje 2006, Cute – Amearika 2007, Trop mignon – Frankryk 2007, Fofo – Portugeesk foar Brazilië 2007, Guck mal, wie niedlich! – Dútslân 2008, Oulik – Súd-Afrika 2013 en yn it Sineesk 2014)
2007: Eén muisje kan geen optocht zijn (Ik bin in optocht 2007) (ek ferskynd yn it Japansk, 2008, Sineesk, 2009 en as 1,2,3,4… wer spielt mit mir? – Dútslân 2011)
2007: Juffrouw Kummel en de kikkerprins
2007: Spiegelspreuk (Spegelspreuk - 2007)
2008: Ik wil geen broertje (Ik wol gjin broerke - 2008) (ek ferskynd yn it Koreaansk - 2011)
2008: Aangeboden: 1 schoolhond
2008: Kom van die peer, mier!
2009: Vlokje ontvoerd
2010: Ik hou van Pad (Ik hâld fan Pod 2010)
2010: Kip is te gek
2010: Kaboutervoetbal
2010: Welkom op de dierderij (ek ferskynd yn it Koreaansk, 2013)
2011: Verhalen voor de Vossenbroertjes
2011: De DINKies: Dolfijn aangespoeld
2012: De toren van Harrewar
2012: Logeetjes op de dierderij
2012: Dutje (Knipperke)
2013: De moedhoed
2014: Willemijn wil een optocht zijn (Ik bin in optocht, 2007 en Eén muisje kan geen optocht zijn, 2007)
2014: Willemijn wil geen broertje (Ik wol gjin broerke, 2008 en Ik wil geen broertje 2008)
2014: Willemijn wil niet zwemmen
2014: De klas van mees bok: Pas op, big!
2014: Poepkasteel (kadoboek yn opdracht fan Friese Milieu Federatie)
2015: Rom bom big
2015: De klas van mees bok: Haas in de put
2015: Willemijn wil een superboom
2016: De klas van mees bok: Pup gaat te ver
2016: Dex Durfal: De schedel van kristal
2016: Dex Durfal: Op jacht naar de Yeti
2016: Cowboy Rik. Een paard voor Rik
2016: Cowboy Rik. De bankroof
2016: Cowboy Rik. De ramp van Goudgroef
2016: Cowboy Rik. De spookstad
2016: Wenje yn in skilderij / Wonen in een schilderij (oer de skilder Alma Tadema)
2016: De ring van koning Salomo
2016: Kuikens op de dierderij
2016: Alle hens! Stoere marineverhalen
(mei û.o. Bies van Ede en Peter Smit)
2017: De briefjes van Bing
2017: Pykje fjouwer / Kuikentje vier
2017: Het lekke luchtkasteel (kadoboek yn opdracht fan JOGG Heerenveen)
2017: De huodsjes fan Mata Hari / De hoedjes van Mata Hari (Aksjeboek foar bern)
2017: Klein Konijn wil met de trein
2017: Lang leve Klein Konijn
2018: Sipke's Elfstedentocht / Sipke syn Alvestêdetocht (twatalich)
2018: Goudkoorts (searje Cowboy Rik)
2018: De bizonjagers (searje Cowboy Rik)
2018: Lam, je bent top!
2018: Waar is Geelkapje? (serie Sprokia)
2018: De kat van Pip
2018: Min gaat naar zee
2019: De hut van das
2019: Het beest met de kracht van tien paarden
2021: Schaduw van Toet
2021: Sprokia. De boze stiefoma's
2021: Sprokia. Het probleem van juf Pieps
2022: Het ruilspel
2022: Dex Durfal. Herrie in het Mirakel Museum
2022: Sipke leert fierljeppen
2022: Sprokia. De test voor de Toverschool
2022: Sprokia. Het gat in de heg
2022: De bol van Lif. Mol ligt in zee
2023: Sipke komt op stoom

Prizen
1993: Tredde priis yn de proazawedstryd fan de SLAH mei it ferhaal Een zijtak aan de boom 
1994: Gouden pen (earste priis) yn de poëzywedstryd fan de SLAH mei it gedicht Mûzenêsten
1997: Earste priis yn de BFVW-poëzywedstryd mei it gedicht Gloarjedei
1999: Rely Jorritsmapriis (ferhaal De nije seemearmin)
2000: Welpeprint foar Snotaapkes
2001: Welpeprint foar Wolken fan wol
2002: Vlag en Wimpel foar Wachten op Apollo
2002: Pleatsing op de IBBY-Honourlist fan Wolken fan Wol
2004: Simke Kloostermanpriis foar Mûske, myn famke
2006: Welpeprint foar Lederwyntsje, bern mei krêften
2007: Simke Kloostermanpriis foar Lederwyntsje, bern mei krêften
2007: Leespluim van de maand febrewaris foar Schattig
2008: Earste priis fan de Vlaamse Kinder- en Jeugdjury foar Schattig
2008: Leespluim van de maand april foar Eén muisje kan geen optocht zijn
2008: NHL-Bongelboekepriis foar Spegelspreuk
2009: Rely Jorritsmapriis (ferhaal De lytse ik)
2010: Pleatsing op de IBBY-Honourlist fan Spegelspreuk
2011: Rely Jorritsmapriis (ferhaal De jonge dy't koraal neamd waard
2011: Leespluim van de maand maart foar Welkom op de dierderij
2012: Vlag en Wimpel foar Verhalen voor de Vossenbroertjes
2013: Rely Jorritsmapriis (ferhaal Dûnsflier fan 'e duvel)
2014: Rely Jorritsmapriis (ferhaal Flinteraikes)
2014: Priis fan de Leeuwarder Historische Vereniging Aed Levwerd mei it ferhaal Besiking
2017: Rely Jorritsmapriis (ferhaal Guggem)

Nominaasjes
1995: Simke Kloostermanpriis foar Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid
1998: Simke Kloostermanpriis foar De skat fan jonker Jan
2001: Simke Kloostermanpriis foar Snotaapkes
2010: Simke Kloostermanpriis foar Spegelspreuk
2013: Simke Kloostermanpriis foar Knipperke
2017: Woutertje Pieterse Prijs foar De ring van koning Salomo
2019: Simke Kloostermanpriis foar De weddenskip
2020: Boekenleeuw foar Het beest met de kracht van tien paarden
2021: De Boon foar Schaduw van Toet
2022: Woutertje Pieterse Prijs foar Schaduw van Toet
2022: Kleine Cervantesprijs foar Schaduw van Toet

Mear ynformaasje
Eigen webside
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Leesplein
Wikipedia
Lexicon van de jeugdliteratuur
Letterenfonds (besprek fan De ring van koning Salomo)
Jaap leest (besprek Verhalen voor de Vossenbroertjes)
Letterenfonds (besprek Wachten op Apollo)
De schoolschrijver: webside
Yntroduksje Buchmesse 2019
Portret yn Skriuwerslibben (Omrop Fryslân) út 2002
Toine Duijx, FD 13-11-2021 (besprek Schaduw van Toet)
Elisabeth Post, LC 26-03-2022 (vraaggesprek)

©Tresoar, 25-01-2023

Foto auteur: Haye Bijlstra, Tresoar.