Berne: 14-08-1821, Froubuorren
Ferstoarn: 15-01-1914, Holwert

Libben

Waling Dykstra waard op 14 augustus 1821 berne yn Froubuorren yn in bakkershúshâlding. Mear oplieding as de legere skoalle siet der net yn. Hy soe sels ek bakker wurde, mar nei't er yn 1840 nei Spannum ferhuze wie om heite saak oer te nimmen, krige er al rillegau syn nocht fan dat fak ôf. Hy joech it bakken stadichwei oer en begûn om 1850 hinne mear en mear te suteljen mei allerhanne guod. Yn 1838 wie er op 17-jierrige leeftyd al begûn mei it skriuwen fan fersen en ferhalen en syn literêr wurk soe úteinlik fan tiidferdriuw ta kostwinning wurde.

Hy troude yn 1850 mei Hinke Huizinga út Spannum en krige in soan, Gerrit. Mar in jier letter kaam syn frou te ferstjerren en net lang dêrnei syn soantsje ek. Yn 1855 troude er foar de twadde kear, mei Afke Jans de Boer fan Wjelsryp. Se soenen úteinlik alve bern krije. Dat jier ferhuzen de Dykstra's fan Spannum nei Frjentsjer, dêr't er efkes letter oan 'e slach koe as meiwurker yn de boekhannel, útjouwerij en printerij fan Tseard Telenga.

Yn de maitiid fan 1861 ferhuze de húshâlding nei Holwert en begûn er foar himsels. Dêr hat Dykstra oant syn dea op 15 jannewaris 1914 in bestean hân as skriuwer, dichter, foardrager, sjoernalist, folklorist en Frysk taalkundige. As iennichste Fryske skriuwer ea koe er fan syn pinne libje, mar in rom bestean wie it foaral yn letter jierren net. Dykstra hat fan 1870-1904 yn it haadbestjoer fan it Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse in sit hân, fan 1897 ôf as foarsitter. Yn 1904 waard er beneamd ta eare-foarsitter.

Wurk

Waling Dykstra hat yn syn hast 75-jierrige skriuwerskip mear as 120 boeken en boekjes skreaun; dêrûnder twa romans, fiif lietebondels, mear as tritich toanielstikken en net te tellen safolle gedichten en ferhalen. Sa likernôch 10 persint fan al it skreaune Frysk yn de twadde helte fan de 19e iuw is fan syn hân. Dêrby wie er de samler (redakteur) fan de literêre tydskriften De Byekoer (jierboek; 1846-1895), De Fryske Húsfreon (twamoanliks; 1851-1869), De Fryske Nijsboade (wykblêd; 1864-1865), Sljucht en Rjucht (wykblêd; 1890; 1897-1914) en de Fryske Skuor-Almanak (fan 1882 ôf). Fan 1876-1882 wie er boppedat ien fan de twa redakteuren fan it wykliks ferskinende Friesch Volksblad.

Syn redakteurskippen brochten mei dat er in protte levere hat dat betitele wurde kin as breaskriuwerij, sûnder fierdere literêre wearde. Sok wurk is te sjen as in produkt fan de Fryske taalstriid: in protte Friezen moasten noch leare har eigen taal te lêzen, ûnderwiis waard der net yn jûn. Fermeits ('koartswyl') en it werkenber deistich libben fan 'gewoane' minsken stienen dêrby foarop (realisme). Stikjes oer it Fryske ferline wienen dêrneist ek bedoeld om de lêzers yn 'e kunde te bringen mei yn de romantyk woarteljende ideeën oer it Frysk-eigene. Sa hat Dykstra syn skriftlik wurk fan grut belang west yn de Fryske subnasjonale identiteitskonstruksje fan de njoggentjinde iuw.

As fuortsetter fan de Halbertsma-tradysje leveret er literatuer en lektuer foar 'it folk': noflik te lêzen, net dreech te begripen, mei werkenbere types dy't men sels tsjinkomme kinne koe. As folksopfieding stiet syn skriuwerij yn de tradysje fan it Nut (Maatschappij tot Nut van 't Algemeen) en propagearret it ferljochting, emansipaasje en liberalisme. Fan 1860 ôf bringt er yn it saneamde 'Winterjûnenocht' sokke ideeën ek nei foarren yn doarpskafees en op boppesealen. Earst tegearre mei Tsjibbe Gearts van der Meulen, letter mei Gerben Colmjon en Auke Boonemmer, en úteinlik noch tsien jier lang (oant 1885) allinnich, reizget er stêd en lân ôf mei lietsjes en foardrachten. Tsientûzenen Friezen hat er op dy wize foar it earst yn 'e kunde brocht mei kultuer yn de eigen taal.

Fan ûnwittend grut belang, ek wittenskiplik, foar de Frysktalige kultuer binne de beide standertwurken út de hjerst fan syn libben, de Nederlânsktalige folksferhalesamling Uit Friesland's volksleven (1892-1896) en it Friesch Woordenboek (1911).

Romans
Waling Dykstra is de auteur fan twa boeken dy't as romans oantsjut wurde kinne, al binne it winliken mear breed útwurke folksferhalen: De sulveren rinkelbel (1856) en De Fryske Thyl Ulespegel (1860). It earste, histoaryske fiksje út de Stienzer patriottetiid, krige acht werprintingen, de lêste noch yn 2003 yn de rige Fryske Klassiken II mei in neiwurd fan Philippus Breuker. Yn 1857 ferskynde in Nederlânske oersetting fan de hân fan Dykstra sels.

De Fryske Thyl Ulespegel ferskynde yn twa dielen: it earste yn 1860, it twadde twa jier letter. Dat diel waard skreaun op fersyk fan útjouwer Telenga. Yn 1869 ferskynde de sammelútjefte. Dykstra knopet yn de titel oan by it bekende midsiuwske folksferhaal út Dútslân, mar set it tema yn in rige anekdoates fierder folslein nei syn hân. 'Der is ien ding dat Dykstra der altyd trochskuort, by al de beswieren dy't men tsjin de opset, de ynhâld en de geast fan syn boek hawwe kin', skreau Jan Wybenga. 'Hy is in ferteller, en ien fan it boppeste buordsje.' It boek is fiif kear werprinte, de lêste kear yn 1953.

'Rym en onrym'
Syn earste súksessen boekt Dykstra mei boeken dy't, nei it foarbyld fan de tydskriften út dy tiid, sawol poëzij en dichtstikken as proaza befetsje: 'rym en onrym'. It heamiel by Gealeboer (1850) en Winterjounen by Gealeboer (1851), beide twa kear werprinte, bringe literatuer dy't ek gaadlik is om foar te dragen of troch te fertellen (sekundêr-orale literatuer). Fan 1870 ôf sil  Dykstra seleksjes meitsje út eigen wurk yn dy formule, oanfolle mei nij materiaal.

Lieten
Syn debút yn boekfoarm makket er yn 1848 mei de lietebondel Doaitse mei de Noardske balke. De bondel befettet Fryske teksten op besteande, faak út Hollân oerwaaide lieten en meldijen. It doel is om de Hollânsktalige strjittelieten te ferkringen mei Frysktalige. De teksten binne likegoed as gedichten te beskôgjen; faak binne se te lang om hielendal út te sjongen.

Opfolgers ferskine yn 1857 (De boeresjonger), 1860 (Mink mei 't oargel), 1874 (Fryske sang), 1882 (Tolve brulloftsangen) en 1890 (Rom om 't hert). Foaral Fryske sang is mei syn oanknoopjen by de Dútske Lieder-tradysje, en ek om't foar it earst noaten by de teksten ôfprinte wurde, fan belang foar de ûntjouwing fan it Fryske liet. It grutte, troch it Frysk Selskip gearstalde It lieteboek (1876) is basearre op deselde formule.

Frysk foar bern
Waling Dykstra wie de earste Fryske skriuwer dy't boekjes útjoech spesjaal mei it doel om ek bern fertroud te meitsjen mei it Frysk. Yn dat ramt kaam er mei Blommekrânske foar de Fryske berntsjes (1851), Hûsnocht foar de bern (1852), Learsum tiidferdriuw foar de bern (1852) en De blide berntsjes (1862). By ienfâldige teksten bedoeld om foar te lêzen en te sjongen giene kleureprintsjes.

Toaniel
Tagelyk mei it Winterjûnenocht kaam ek de Fryske toanielskriuwerij op gong. It earste stik fan Waling Dykstra is In útfanhûzer by de bakker, in klucht út 1860, folslein skreaun yn aleksandrinen. Dykstra hat mear as tritich toanielstikken skreaun, meast kluchten en blijspullen. Syn bekendste stik is Oebele Glûper (1875), in ferfrysking fan it blijspul Tartuffe fan Molière. De titel ûntliende Dykstra oan in ferhaal fan de troch him bewûndere Sint Jabuurster skriuwer Wopke Jakobs de Jong.

Oant it midden fan de tachtiger jierren fan de 19e iuw wie trijekwart fan it op 'e planken brochte Frysktalige toaniel yn Fryslân fan de hân fan Dykstra. Mei troch syn krewearjen waard dêrnei yn Fryslân mear Frysk- as Nederlânsktalich toaniel spile.

Folkloaresamling en wurdboek
Op fersyk fan de Ljouwerter útjouwer Hugo Suringar kaam Dykstra yn de njoggentiger jierren mei in twadielige folkloaresamling: Uit Friesland's volksleven. Folksferhalen, sagen en mearkes dy't er út boeken helle of heard hie by syn Winterjûnenochtreizen lei er foar de neiteam fêst yn wat noch altyd jildt as it standertwurk op dat mêd.

Nei de dea fan Gerben Colmjon (1884) krige Dykstra fan de provinsje de opdracht om fierder te wurkjen oan in Frysk wurdboek. Joast Halbertsma wie mei de missy út ein set. Foar it sammeljen fan wurden krige er as koördinator help fan ûnderskate meiwurkers lykas Johan Winkler, Foeke Buitenrust Hettema, Lucius Murray Bakker en Sake Knilles Feitsma. It Friesch Woordenboek, it earste folsleine wurdboek fan de Fryske taal, kaam úteinlik klear yn 1911. 

Earbewizen
Net ien Fryske skriuwer hat by syn libben safolle earbewizen krigen as Waling Dykstra. As primus inter pares ûnder de Fryske auteurs hold er yn 1894 yn de Harmonie yn Ljouwert de 'feestrede' by it fyftichjierrich bestean fan it Frysk Selskip. Hy foarsei dêr de ûndergong fan it Frysk, mar woe ek 'stride salang't ik stride kin'. Tsientallen skriuwers hawwe earefersen skreaun op syn jierdagen. Yn 1911 krige er fan syn skriuwfreonen in earebondel oanbean. 

Nei syn dea is yn 1916 yn Ljouwert in monumint foar him oprjochte, dêr't in troch Pier Pander byldhoud medaljon yn ferarbeide is. Neiteam rjochte nei de Twadde Wrâldoarloch de Waling Dykstra Stifting op om syn neitins yn eare te hâlden.

Benammen Abe de Vries hat him sterk makke de oantins oan Waling Dykstra yn libben te hâlden, mei as resultaat in tentoanstelling en de publikaasje fan Duvelskeunstner en Folksskriuwer, twa boeken dy't de betsjutting fan Waling Dykstra ûnderstreekje.

Literatuer
1949: J.W. Dykstra yn Waling Dykstra, syn libben en syn wurk.
1984: Tekst en Utlis (Freark Dam).
2003: Ph.H. Breuker yn De silveren rinkelbel (út de rige Fryske Klassiken) in artikel oer skriuwer, boek en útjeften.
2019: Ynlieding 'Feinten, fammen, hear nei my!' troch Abe de Vries, yn: Waling Dykstra, Duvelskeunstner. Gedichten. Besoarge en ynlaat troch Abe de Vries (Utjouwerij DeRyp, Blauhûs 2019).

Kar út syn wurk

Proaza
1856: De silveren rinkelbel (2de pr. 1866; 3de pr. 1887; 4de pr. 1908; 5de pr. 1930; 6de pr. 1950; 7de pr. 1987; 8de pr. 2003)
1860: De Frîske Thyl Ulespegel (2de pr. 1879; 3de pr. 1895; 4de pr. 1908; 5de pr. 1953)

Teltsjes yn rym en ûnrym
1850: It heamiel by Gealeboer (2de pr. 1854; 3de pr. 1860)
1851: Winterjounen by Gealeboer (2de pr. 1854; 3de pr. 1879)
1871: Ald en nij (2de pr. 1893)
1877: For de praetstoel en de hirdshoeke (2de pr. 1897)
1886: Wintergrien
1912: Net nij, ek net wei

Lieten
1848: Doaitse mei de Noardsce balke (2de pr. 1848; 3de pr. 1850; 4de pr. 1853; 5de pr. 1858; 6de pr. 1897)
1857: De boeresjonger (2de pr. 1857; 3de pr. 1875; 4de pr. 1876)
1860: Mink mei 't orgel
1874: Frîske sang (2de pr. 1875)

Bern
1851: Blommekrânske for de Fryske berntsjes
1852: Hûsnocht for de bern
1853: De blide berntsjes

Toaniel
1860: In útfenhûser by de bakker (2de pr. 1870; 3de pr. 18??; 4de pr 18??; 5de pr. 1900)
1886: Sabeare dokter (2de pr. 1895; 3de pr. 1904)
1875: Oebele Glûper (2de pr. 1884)

Tydskriften en kranten
1850: De Frysce Huesfrjeun (tydskrift oant 1869)
1864: De Frîske Nysbode (Fryske krante, oant 1865)
1876: Friesch Volksblad (mei 0. Stellingwerf, yn 1883 lit Waling Dykstra him útkeapje)
1890: Sljucht en Rjucht (1890 en 1897-194l; Waling Dykstra bleau oant syn dea ta redakteur)

Ferskaat
1852: Krelis Regtuut syn rais na Ljuwt (Biltsk)
1891: En rare koridon (Biltsk)
1892: Uit Friesland's Volksleven (1892-1896)
1895: Friesch Woordenboek (oant 1911)

Oer Waling Dykstra
2019: Waling Dykstra. Duvelskeunstner (gedichten, besoarge en ynlaat troch Abe de Vries)
2020: Waling Dykstra. Folksskriuwer (ferhalen, besoarge en ynlaat troch Abe de Vries)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite (ek mei besprekken fan de blomlêzingen Duvelskeunstner en Folksskriuwer)
Abe de Vries, Fers2 06-05-2018 (Essee mei as titel: Konstruksje fan sosjale identiteit yn it Fryske realisme: It betide wurk fan Waling Dykstra (1848-1860))
Abe de Vries, FD 22-06-2019 (oer de posysje fan froulju yn de Fryske literatuer)
Abe de Vries, FD 03-08-2019 (oer de tredde soan fan Waling Dykstra)
Sietse de Vries, LC 13-09-2019 (oer blomlêzing Duvelskeunstner - Waling Dykstra)
Abe de Vries, Seedyksterfeartfisk 20-11-2020 (lêzing útsprutsen by de presintaasje fan Folksskriuwer)
Goffe Jensma, DeRyp 20-11-2020 (lêzing útsprutsen by de oanbieding fan Waling Dykstra Folksskriuwer)
Janneke Spoelstra, FD 11-12-2020 (besprek Folksskriuwer)
Abe de Vries, De Nije jrg 3-1 (It Winterjûnenocht. Hoe't Waling Dykstra it Frysk populêr makke)
Skriuwers yn byld, Omrop Fryslân, 24-03-1988
Abe de Vries, FD 14-08-2021 (n.o.f. 200e bertedei Waling Dykstra)
Asing Walthaus, LC 14-08-2021 (wente Waling Dykstra wurdt skriuwershûs)
Goffe Jensma, LC 16-08-2021 (n.o.f. 200e bertedei Waling Dykstra)
Abe de Vries, Seedyksterfeartfisk 25-07-2022 ('It meniste-komôf fan Waling Dykstra')
Iepenloftspul oer Waling Dykstra, 02-2023

©Tresoar & Abe de Vries, 03-02-2023