Berne: 14-07-1954, soerabaya (yndonezië)
-
Boeken, AV materiaal, artikels
- DIGITALE BIBLIOTHEEK NEDERLANDSE LETTERENDIGITALE BIBLIOTHEEK NEDERLANDSE LETTEREN
-
Gedichten
-
BYLDMATERIAAL
-
biografy nl
Melvin van Eldik is in alsidich muzikant, sjonger en dichter. Sûnt 2005 is er oan it optreden mei Liwwadder en Fryske teksten en presintearret er poëzyjûnen.
Hy treedt ek solo op en wikselet syn muzyk ôf mei gedichten. Neist eigen muzyk hat er muzyk gearstald foar dûnsfoarstellingen en moadeshows. Foar de gemeente Ljouwert makke er yn 1999 (mei Willo de Bildt) in cd mei foar de stêd kenmerkende lûden.
Skriuwerij
Op de lanlike gedichtedei yn 2004 wûn er de earste priis fan in fertaalwedstriid. Hy makke in oersetting fan John Lennon syn ‘Working Class Hero’ yn it Liwwadders ‘Un held út de Meenthe’. Yn 2006 waard er nominearre as stedsdichter fan Ljouwert mar dy titel gie oan syn noas foarby. Yn 2007 en 2008 begûn er mear as dichter op te treden (mei Nederlânsktalige gedichten). Hy organisearre de Leeuwarder Poëzie Avonden mei bekende en minder bekende dichters en hie yn Theater De Bres in iepen poadium foar begjinnende skriuwers. Ferskate jierren organisearre er de Poetry Slam yn Ljouwert. Op in stielen keunstwurk op it Wilhelminaplein (Saailân) is it gedicht ‘Onwemelbaar’ fan him oanbrocht. Hy makke ek ferskillende teäterfoarstelligen.
WURK
Diskografy
1980: Speeding my life away
1983: State of mind
1995: Iselmar
1997: It don’t mean a thing
1998: Ko Samet
2004: Cleaning windows
2004: Un held út de Meenthe
2006: Dryfsandforstinnen
Prizen
2004: earste priis fertaalwedstriid (útskreaun troch Leeuwarder Courant en St. Literaire Activiteiten Leeuwarden)
2018: Pommeranten Pries
2019: Winner Poetry Slam 058
Mear ynformaasje
www.melvinvaneldik.nl
Fedde Dijkstra, LC 1-12-2006
Bonne Stienstra, LC 11-7-2009 (diel 1) en (diel 2)
Tim Fierant, LC 29-03-2014
Foto auteur: Tresoar, Haye Bijlstra
©Tresoar, 05-04-2021