Berne: 04-05-1946, Leiden

Rients Aise Faber wie learaar Nederlânsk. Nei syn oplieding ta ûnderwizer studearre er Nederlânsk en Frysk en dêrnei oan de Open Universiteit kultuerwittenskippen. Oan de Vrije Universiteit fan Amsterdam promovearre er op de Fryske dichter en taalkundige dr. Lucius Columba Murray Bakker (1822-1911).
Fierder skreau er ferskate kultuerhistoaryske artikels en in tal boeken. Anno 2020 is er warber as skriuwer en spilet er mei nocht piano.

Libben en wurk

Rients Aise Faber waard berne op 4 maaie 1946 yn Leiden. Om’t syn heit dêr wurk fûn hie as timmerman wiene syn âlden fuort nei de oarloch ferhuze nei Leiden. Syn mem koe yn Hollân as Frysk doarpsminske mar min wenne en dêrom kamen se in pear jier letter al werom yn Huzum ûnder Ljouwert. Yn Huzum hie de skriuwer in moaie bernetiid mei de romte dy’t dêr foar de stedsútwreiding noch wie. En mei min waar koe er mei syn kammeraten altiten wol boartsje yn de timmersaak fan syn pake.
Nei de middelbere skoalle gong Faber nei de Rykskweekskoalle yn Ljouwert, earst op it Skavernek en letter oan de Julianaleane. Sa’n skoalle yn ’e binnenstêd hie wol syn foarkar. Dat wie it plak fan it studintelibben, mei net sa fier fuort de Prinsetún. Op ’e kweekskoalle waarden syn eigen iepene foar de ûnderwurdearre posysje dy’t it Frysk yn ’e Fryske mienskip hie. Dat wie oanlieding foar him om syn stim sa út en troch oer it Frysk hearre te litten yn in ynstjoerd stik yn ’e Ljouwerter krante. As redakteur fan de skoalkrante Monocle skreau er as ien fan de iennichsten dêrom ek yn it Frysk.
Yn 1968 waard op in feestwike ek de Fryske kultuer de skoalle yn helle. Sa waard troch de skoalkluppen MONO en CON BRIO (beukerliedsters) in keunstwike organisearre fan 25 oant en mei 29 maart yn ’e aula fan de skoalle mei ferskate aktiviteiten. Net allinnich film, it Frysk jeugdorkest en byldzjende keunstners, mar ek de Fryske dichters Meindert Bylsma, Josse de Haan en Geart van der Zwaag kamen del. En op woansdeitejûn 27 maart fertelde Trinus Riemersma oer syn eigen wurk. Earder hie al in fraachpetear mei him yn Monocle stien.
Yn it Monocle-nûmer fan maart hold Rients Faber in petear mei Bauke de Jong, doetiids learaar biology op ’e kweek, oer syn Fryske literêre aktiviteiten. Wichtich om te neamen binne ek de fraachpetearen oer de rebûlje om ’e Tsjerne dy’t troch Monocle as taheakke publisearre binne. Philippus Breuker, doetiids learaar Nederlânsk, wie dêrta adviseur.
Nei de kweek kaam Faber as ûnderwizer telâne op ’e iepenbiere skoalle yn Ferwert. In Frysk doarp wie in bewuste kar foar him, mar it foel him ôf dat der gjin spesjaal omtinken foar it Frysk wie, behalve dan wat Fryske lietsjes en ferskes. Wol wie der yn it bledsje Historische Kring Terpengebied omtinken foar E.B. Folkertsma en die dat blêd wiidweidich Frysk ferslach fan in lêzing oer de skiednis fan Ferwert dat Oepke Santema dêr op 10 maart 1970 hold. Santema wie bibliotekaris en hie oer alle Fryske doarpen materiaal sammele. In moanne letter troude Faber en koe er him tegearre mei syn frou nestelje yn in hûs foar harren sels. 
Gauris gong Faber op woansdeitemiddei mei in kollega fan de herfoarme skoalle foar genealogysk ûndersyk nei de Kanselarij yn Ljouwert dêr’t it Ryksargyf doe noch siet. By in útfanhuzerij by in nicht fan Faber syn mem, helle dy in stel âlde skriften foar it ljocht fan Faber syn oerpake Jouwert Jouwertsma: Frysktalige teksten en fersen. Doe begriep er wêr’t yn ’e famylje syn driuw wei kaam om’t er him drok makke om saken dêr’t de oare famyljeleden dat fonkje lang sa sterk net libbe. Hiel aardich fûn er dan ek dat yn Trotwaer nû 5 fan 1972 de Soldate-brieven fan Jouwertsma opnij publisearre waarden. Sels skreau er derta in koart libbensferhaal fan Jouwertsma. 
Yn dyselde jierren wie er yn ’e jûnsoeren drok dwaande mei de stúdzje foar mû Nederlânsk, de akte lû Frysk hie er earder al helle. Doe’t der yn 1973 in learkrêft frege waard foar de mytylskoalle Lyndensteyn, ferhuzen se dêr hinne. Mar om’t er dochs ek wat dwaan woe mei syn akte Nederlânsk ferhuzen se yn 1975 nei Ljouwert dêr’t er no learaar Nederlânsk waard op it m.h.n.û. By dit ûnderwiis, it middelber beropsûnderwiis, mei al syn fúzjes en turbulinsje, soe er wurkjen bliuwe oant yn 2007 doe’t er mei pensjoen gong.
Yn de jierren dêrnei hie Faber de drokten mei syn wurk, twa jonge soannen en die er in mannich ferfolchstúdzjes, û.o. skiednis, mû Frysk, ferskate kursussen kultuerwittenskippen oan de Open Universiteit en in dokteraal Frysk oan de Vrije Universiteit yn Amsterdam (1988-1990). Underwilens besocht er gearkomsten fan it Literêr-histoaryk  en Nammekundich wurkferbân fan de Fryske Akademy en letter fan de Oarkonderûnte. Yn dyselde tachtiger jierren siet er yn it bestjoer fan de Afûk, de redaksje fan de Stiennen Man en Fryx. Yn dy tydskriften ferskynden ferskate koartere teksten fan him.
Doe’t yn jannewaris 1978 de 'Stúdzjerûnte skiednis doarp Huzum' oprjochte waard, fielde Faber, dy’t him alris wat ferdjippe yn ’e skiednis fan Huzum, him fuort op syn plak. Durk Heddema fersoarge kreas yn it Frysk de ferslaggen fan it selskip. Yn 1992 waard it selskip ferbrede mei de oare doarpen út it Sudertrimdiel en ûntstie de stichting 'Stúdzjerûnte it Sudertrimdiel'. It tiidrek mei dizze stúdzjerûnte waard tige produktyf troch de twajierlikse útjefte fan de rige Tusken Potmarge en Jokse mei artikels oer de pleatslike skiednis. Nêst dy rige joech de stúdzjerûnte noch in tal oare boeken út. Faber siet al dy tiid mei wikseljende funksjes yn it bestjoer en yn de redaksje fan de earderneamde rige.
Syn belangstelling foar de midsiuwen en benammen de bestjoerlike organisaasje wie oanlieding foar him om yn ’e rin fan ’e 90-er jierren mei in promoasjeûndersyk te begjinnen oer in gritenij dêr’t de wilkerren (15de iuwske wetsteksten) fan bewarre bleaun wiene. Tagelyk sammele er ek it dichtwurk fan de 19de-iuwske Huzumer dokter Murray Bakker en op in bepaald stuit kaam er ta de konklúzje dat er dochs mear foldwaning fine soe yn it kultuerhistoarysk ûndersyk. Syn promotor Henk Meijering joech him mei as kopromotor Tony Feitsma de romte om dêr fierder mei oan ’e slach te gean.
Faber syn motivaasje wie dat, los fan alle aktiviteiten fan Murray Bakker as dichter en wurdboekman, hy mei syn kontakten midden yn de ûntjouwing fan de Fryske kultuer fan ’e 19de iuw stien hie. Yn 2003 promovearre Faber oan ’e Vrije Universiteit yn Amsterdam. Ek dêrnei bleau hy warber as ûndersiker en fan 2004 oant en mei 2016 wie er redakteur by it wittenskiplike tydskrift It Beaken fan de Fryske Akademy.
 
WURK

Roman
2019: Helia en har wrâld mei Chopin

Proaza (skôgjend en ferheljend)
1987: Miracle au val d’enfer (in Fries foar Fryx yn de Provence)
2012: Pianoles, 1957-1964, en zovele musici
2020: Het biografische: vergeten of weten

Dichtbondels
2013: Brutsen bestean

Fryske literatuerskiednis
1994: De midfryske dispút- en promoasjefersen: in eigen literêre tradysje foar de 17e en 18e ieu
2003: Lucius Columba Murray Bakker, master fan it Fryske wurd (diel I, dissertaasje) 
2003: Samle wurk fan L.C. Murray Bakker, fersen en ferhalen (diel II)
2003: Boarnemateriaal Murray Bakker, brieven, fersen, farianten, ferhalen en oare stikken (diel III)
2020: Jouwert Jouwertsma, fersen en teksten 1857-1889

Midsiuwske Fryske skiednis
1992: It patronaatsrjocht fan de tsjerke fan Tearns
1993: Leeuwarderadeel en zijn trimdelen. Een verkenning van middeleeuwse bestuurlijke verhoudingen 
1995: Hillebrandus Goffredus
1998: De 15e eeuwse landeigenaren te Birstum
 
Fryske skiednis
2004: De Wesselii: in Fryske dominysfamylje yn 'e republyk
2009: Geen Wilhelmus, maar Fries volkslied. Uit het leven van de anarchist Sjoerd Aukes Tolsma (1853-1936)
2013: De reis van Tiesema (biografysk-histoarysk ferhaal)
2018: Stimmen út in doarpsferline, 1854-1954 (syktoch nei it libben fan guon foarâlden)
 
Fryske taalsosjology
1989: It Oksitaansk en it Frysk
2008: Bali and Fryslân, aspects of their vernaculars

Fryske nammekunde

1996: Huzumer nammen: in oersjoch fan toponimen tusken Swette en Alddeel
1999: Nammen út in ferdwinende wrâld (Himpens en Tearns)

Nederlânske skiednis

2016: Dwalen door een familiearchief, rijkdom en verval tussen 1700-1850 (prosopografisch familieverhaal)
2017: Patrick Barnewall, een Iers kasteelheer in de Nederlanden (biografysk-histoaryske stúdzje 17de iuw)

Mear ynformaasje

Sietse de Vries, LC 22-11-2003 (ynterview n.o.f. de dissertaasje)
Wikipedia

Foto Tresoar - Haye Bijlstra

©Tresoar, 04-05-2020