Berne: 13-10-1893, Ferwert
Ferstoarn: 01-01-1968, Frjentsjer

Libben en wurk

Eeltsje Boates Folkertsma waard berne yn Ferwert. Syn heit en mem, Boate Eeltsjes Folkertsma en Meiltsje van Dijk hiene dêr in krudenierswinkel.

Hy hat yn Ferwert wenne oant er as jong skoalmaster yn 1915 nei Drachten ferhuze. Oan de kristlike kweekskoalle fan Dokkum learde er ta ûnderwizer, syn earste baan yn it ûnderwiis hie er ek yn Dokkum, oan de kristlike mulo. Nei inkelde jierren yn Drachten wurke en wenne te hawwen, krige er in beneaming yn De Gaastmar (1921-1926). Folkertsma hat yn it ûnderwiis nea hielendal op syn plak west, yn 1926 hat er syn baan opjûn om dêrnei syn tiid en ynset alhiel oan de Fryske beweging wije te kinnen. Al op jonge leeftyd wie E.B. Folkertsma rekke troch de idealen fan de Fryske beweging, yn 1911 waard er lid fan it Kristlik Frysk Selskip (KFS), dêr’t er yn 1924 foarsitter fan waard. Al yn 1913 ferskynde syn oersetting fan de Johannesbrieven yn it tydskrift fan it KFS, De stim fan Fryslân. Yn 1915 sleat er him oan by de doe krekt oprjochte Jongfryske Mienskip fan Douwe Kalma. Syn ideeën oer de kulturele en politike takomst fan Fryslân en oer de ûntwikkelingen yn taal en tsjerke koe er kwyt yn De stim fan Fryslân.

Folkertsma kaam al gau yn de redaksje fan it blêd, earst as redakteur, letter as haadredakteur. Amperoan fjirtich jier hat er lieding jûn oan it blêd, dêr’t er sels in grut tal artikels foar skreaun hat. Dêrnjonken wie er aktyf as kursuslieder. Nei de oarloch krige Folkertsma wer in regulier ynkommen; doe as redakteur fan it Friesch Dagblad, al waard dat nea in folsleine baan. As minske wie Folkertsma in man fan grutte tsjinstellingen, hy wie tagelyk lieder en tsjinner, ienfâldich en grutsk. Doe’t him yn 1959 de Gysbert Japicxpriis takend waard foar syn essay-bondel Eachweiding, hat er dy priis wegere. Nei bûten ta joech er dêrfoar as reden op dat syn wurk dochs net mear lêzen waard, mar oan syn freon Geart Jonkman bekende er dat syn heechmoed him ferbea om de priis oan te nimmen. Syn hiele libben hat Folkertsma in inerlike striid fierd mei it fraachstik fan de antiteze: is, yn tsjinstelling ta it minsklik ynsjoch, it kristlik begjinsel rjochtline foar it hiele, dus ek politike libben, en as dat sa is, wat foar konsekwinsjes hat dat dan? Fan de otterdokse kristen Folkertsma moast dy fraach ynstimmend beantwurde wurde, mar fan de Frysk-nasjonaal tinkende Folkertsma late dat ta fragen as hoe’t yn dat ljocht de Fryske naasje besjoen wurde moast en ta hokker útkomsten dat dan liede moatte soe. Neffens syn betinken wie de natio frisica troch God sels ordonearre. Yn syn artikel It begjinsel fan it Kristlik Selskip (Yn ús eigen tael, xx98), skriuwt er: ‘Hjir wurde de djipste fragen fan de natio frisica dien en antwurde. Wêr komt Fryslân wei? En hoe bestiet it? En wêr giet it hinne? Wat is syn oarsprong, syn wêzen, syn takomst. Gjin minske kin it antwurd jaan, mar God hat ienris antwurde en antwurdet altiten, mei de kleare stim fan it wurd, dat net leagenje kin.’ Yn it earstoan koene Folkertsma en Kalma inoar wol fine yn har Frysknasjonale idealen, sa’t it like. Al gau kaam lykwols ferwidering yn de opfettings fan de beide mannen en gyngen har wegen útelkoar. Kalma rjochte him benammen op de Fryske kultuer, wylst Folkertsma as kristen-nasjonalist fan betinken wie dat ek de politike striid in rol spylje moast. Yn 1920 sette Folkertsma út ein mei in eigen tydskrift, Tsjûgenis, dêr’t er syn ideeën yn kwyt koe. Der stiene net allinnich artikels fan syn eigen hân yn it tydskrift, mar ek oare lykas guon fan Fedde Schurer en R.P. Sybesma. Lang hat Tsjûgenis net bestien, al yn 1922 hold Folkertsma der wer mei op.

E.B. Folkertsma, bekend ûnder syn inisjalen E.B.F.,  ûntjoech him ta essayist mei in grut stilistysk fermogen. De ûnderwerpen dêr’t  er oer skreau leinen op it mêd fan de Fryske beweging, polityk, tsjerke, keunst en literatuer en dan benammen yn relaasje mei Fryslân en de Fryske taal. Se waarden wurdearre om har literêre wearde, ynhâldlik hawwe se ûnderwerp fan skerpe krityk en fûle diskusje west. Histoarikus Durk Nota skreau dêr in spesjaalnûmer fan it literêre tydskrift Hjir (septimber 1984, nûmer 4) oer, mei de titel: De ivige kroanprins fan it Fryske nasjonalisme – De tragyk fan in wrâldfrjemd Messias (1893-1968) – Ta de ideology fan ’e Fryske Beweging. Hy konstatearre dat Folkertsma it liedersbegjinsel, ferankere yn in autoritêre steat, syn libben lang ferdigene en ferkundige hat. Tweintich jier earder hie Bauke de Jong yn Asyl (1965, nûmer 2), in opstel publisearre ûnder de titel: E.B. Folkertsma, de doarpsidioat as essayist. Beide auteurs wiisden ek op de rassistyske en antisemityske kant yn it tinken fan Folkertsma. De fyzjes fan De Jong en Nota wiene op har bar ek wer ûnderwerp fan fûle diskusjes. Abe de Vries referearre yn syn rige artikels oer Douwe Hermans Kiestra, dy’t er publisearre yn ynternet-tydskrift  Farsk (2004, nûmer 35) oer de artikels fan beide hjirfoar neamde publisisten. Hy konkludearre, ‘Beide auteurs hienen lykwols net folle each foar de spanningsfjilden yn Folkertsma syn tinken en syn opinys waarden te min setten yn it ramt fan syn tiid.’

Folkertsma hat mei G.A. Wumkes lange jierren wurke oan de Fryske oersetting fan de bibel, de oersetting waard yn septimber 1943 oanbean. Hoewol’t Folkertsma in soad publikaasjes op syn namme stean hat, hat er sels nea fiksje publisearre; hy hat twaris besocht in roman te skriuwen (Breid fan Kristus en Yn it skaed fen ’e tsjerke),  mar beide binne net ôfkaam. Hy hat inkelde gedichten en koarte ferhalen skreaun, in seleksje fan troch him sammele en bewurke Fryske folksferhalen binne yn 1967 postúm ûnder de titel Wite en reade roazen, ferskynd. Seleksjes út syn essays binne geregeldwei yn boekfoarm bondele: Toer en Tsjerke (1934), Swier Lok (1938) en Eachweiding (1950).

Yn 1970 kaam der in bondel opstellen oer libben en wurk fan E.B. Folkertsma út, ûnder de titel Man en wurd. De bondel Hûs op wyn en brânwacht ferskynde yn 1983, it boek befettet in seleksje fan essays skreaun troch Folkertsma, útjûn ûnder einredaksje fan L.H. Bouma.

Folkertsma ferstoar op nijjiersdei 1968 yn Frjentsjer, 74 jier âld.

Wurk (in seleksje út syn publikaasjes)
1934: Toer en tsjerke (samling essays)
1938: Swier Lok (samling essays)
1946: De Christen Gysbert Japicx (Frisia rige, 38-39)
1950: Eachweiding (samling essays)
1967: Wite en reade roazen (samling Fryske folksferhalen, postume útjefte)
1983: Hûs op wyn en brânwacht (samling essays, postume útjefte)

Prizen
1959: Gysbert Japicxpriis foar bondel essays Eachweiding (priis wegere)

Mear ynformaasje
Doeke Sijens, Fryslân (jiergong 17 - maaie 2011, bls. 4 en 5)
Eeltsje Hettinga, eigen webside 10-02-2015

©Tresoar, 06-02-2019