Berne: 07-05-1924, Achlum
Ferstoarn: 09-02-2005, Ljouwert

Libben en wurk

Boukje Fokkema is berne op 7 maaie 1924 yn Achlum, se is ferstoarn op 9 febrewaris 2005 yn Ljouwert.

Se hat fan 1960 oant 1985 as stipeferlienster wurke foar it WFT (Wurdboek fan de Fryske Taal) by de Fryske Akademy yn Ljouwert Har spesjale taak wie it ekserpearjen, dat wol sizze it selektearjen en útknippen fan artikels út tydskriften. Yn 1985, op har ienensechtichste is se opholden mei wurkjen en gie se mei de VUT.

Skriuwster
De literêre produksje fan Boukje Fokkema is net grut, hoewol't se al jong mei skriuwen út ein sette. Yn it begjin fan de jierren fyftich ferskynde der in pear kear in ferhaal fan har yn De Tsjerne. Yn 1954 krige se de Rely Jorritsma-priis foar it ferhaal Twa susters. Har debút Bisiden de wei, in bondel mei in novelle en koarte ferhalen, kaam út yn 1957. Dat earste boek soe tagelyk ek har lêste wurde.Yn literêr tydskrift De Tsjerne waard yn 1964 noch it ferhaal De kaei fan har opnaam. De bondel Bisiden de wei hie de belofte fan in ûnthjittend skriuwerskip yn him.

De stêd Boalsert liet har wurdearring foar de bondel blike, troch har dêr yn 1958 de saneamde Burgerprijs foar ta te kennen. Hoewol't net alle ferhalen like goed binne steane der inkelde yn dy't opfalle troch de sfear- tekening en it byldzjend taalgebrûk. Dat jildt benammen foar it ferhaal 'Dûbele went' dat sterk is yn de beskriuwing fan karakter en sfear. Anne Wadman sei dêr yn syn besprek foar it Literair kwartier fan de RONO, fan: 'Een suggestief verhaal waar werkelijk geen woord te veel of te weinig in staat. Strak, sober, dwingend, in vaak beeldend rake taal en met een knappe stroomversnelling aan het slot, wordt hier de biecht gegeven van een arbeidersvrouw die uit amper bewuste wrok over eigen kinderloosheid er toe komt werkloos te blijven als het enig kind van haar buurvrouw in de vaart voor het huis loopt en voor haar ogen verdrinkt'.

It ferhaal Dûbele went út de bondel Bisiden de wei waard yn it Fryslân-nûmer fan Delta (1969) opnommen yn in Ingelske oersetting; yn 1991 ferskynde in Hongaarske oersetting yn it blêd Helikon, wylst it al yn 1961 troch Sibe Sipke de Jong yn it Esperanto oerset  en publisearre wie. Har ferhaal De kaei is fertaald yn it Skotske Gaelic en publisearre yn it blêd Gairm (1982-1983).

Boukje Fokkema hat yn 1991 in autobiografyske skets skreaun foar de Ljouwerter rûnte, in fermidden fan minsken mei niget oan it Frysk en de Fryske kultuer. Dat stik is nei har ferstjerren yn syn gehiel opnaam yn it yn memoriam Boukje Fokkema, dat Jelle Krol skreaun hat foar it earste nûmer fan Letterhoeke, it nije perioadyk fan 'Tresoar'.

Wurk

Ferhalebondel
1957: Bisiden de wei

Prizen
1954: Rely Jorritsmapriis foar ferhaal Twa susters
1957: De Burgerprijs fan de stêd Boalsert foar Bisiden de wei 

Oer har
1985: Dach Boukje - ekstra edysje fan Op ' e Doele ta gelegenheid fan it ôfskie fan Boukje Fokkema fan de Fryske Akademy
1985: Beheind ferskaat - bibliografy fan Boukje Fokkema, auteur Bouke van der Veen

Mear ynformaasje
Sjoch boppe-oan dizze side

© Tresoar, 06-02-2019