Berne: 23-10-1904, Boalsert
Ferstoarn: 25-09-1970, Mullum

Libben en wurk

Hein Faber wenne nei Boalsert fan 1912 ôf yn Ynskedee, Gladbach, opnij yn Ynskedee, Lonneker, Wytmarsum, Grauwe Kat en Makkum. Sadwaande hat er as jonge op sân ferskillende legere skoallen sitten. Yn Wytmarsum krige er byles fan it haad fan de skoalle en troch him rekke er oan it wurk as notarisklerk yn Makkum.

Dat foldie him lykwols net en dêrom gie er nei de Seefeartskoalle yn Harns. In jier letter, op 20-jierrige leeftyd, ferhuze er nei Rotterdam foar in oplieding ta radiotechnikus en markonist. Hy waard oansteld by de Koopvaardij en fear as markonist in skoftke oer de wrâldseeën. Dêrnei kaam er yn tsjinst by Radio Holland, dêr’t er ynstrukteur en technysk ynspekteur waard. Yn 1937 krige er dêr syn ûntslach fanwegen de krisis. Wurk wie der net, kostjild koe er net betelje en dêrom swalke er, sykjend om ûnderdak, skoften om. Uteinlik fûn er foar in koarte perioade oanslach by de waarmwetterstokerij en branjehannel fan in âld-Harnzer fisker dy’t ek yn Rotterdam belâne wie. Sa sutele er op waskersdei hyt wetter yn amers út. Swier wurk foar Faber, dy’t dêr fanwegen de minne tiid eigentlik te min krêften foar hie.

Skriuwer
Op oantrún fan Hemelrijk, direkteur fan útjouwerij De Tijdstroom te Lochem, dêr’t Faber al fan earder tiid kunde oan hie, weage er him oan it skriuwen fan in jongesboek. Dat waard De PH 24 antwoordt niet!! It boek die it tige goed, helle in twadde printinge en krige as ferfolch De ondergang van de PH 24. Hy skreau dy boeken ûnder it pseudonym Hein van Makkum. It skriuwen foldie him goed. Yn syn Rotterdamske perioade begûn er mei it skriuwen fan eigen rubriken en koarte ferhalen foar it Ljouwerter Nijsblêd en de Ljouwerter Krante, mar ek foar de Telegraaf, de Nieuwe Rotterdammer Courant, het Nieuwsblad van het Noorden, de Hearrenfeanster Krante en It Heitelân.

Werom nei Fryslân
Notaris Bouke Tuinstra helle Faber yn dat drege jier 1937 werom nei Fryslân. Hy krige in oanstelling as behearder fan it Kunsthûs Statum te Makkum, dêr’t er frij wenje koe en trije gûne wyks fertsjinne. Sa sette Hein Faber him foar de twadde kear nei wenjen yn Makkum. Om’t er de fyfde Hein Faber yn ’e stêd wie, skreau er him tenei as Hein F.(rânses) Faber.

Letter naam er tegearre mei syn earste frou Gertrud Geertsje Hornstra (1911-2004) it Kunsthûs foar eigen rekken oer. Frou Faber-Hornstra spile letter as direkteur fan de Fryske Kultuerried (1952/3-1976) in grutte rol yn it Frysk-kulturele libben; ‘moeke Faber’ wie in begryp. Hein en Trude Faber krigen ien jonge.

Faber reizge stêd en lân ôf om folkskeunst te bestudearjen. It gie bygelyks om Hynljipper houtsnijwurk, Makkumer ierdewurk, koper- en tinwurk en byldzjend wurk. Wat kwaliteit hie, waard brûkt yn útstallings dy’t troch it hiele lân hâlden waarden. Letter waard de kolleksje opnommen yn dy fan it Coopmanshûs te Frjentsjer, doe’t Faber yn 1940 it fersyk krige om dêr as konservator lieding te jaan.
Nei 1945 gie er fierder mei syn reportaazjes foar de kranten en fersoarge dêr sels ek de foto’s by. Ek makke er tegearre mei Piet Suir films foar de fiskerij en oer doarpen en stêden om ’e Iselmar hinne. Hy wurke ek foar Profilti-film, in filmbedriuw dat yn 1922 yn Den Haach oprjochte wie.

Hein Faber wie ek antikêr en wenne op It Hearrenfean en yn Harns. De ynteresse foar antyk ûntstie nei oanlieding fan syn ûnderfinings mei de folkskeunst. Yn dizze rûnten learde er ek syn twadde frou Map Hablous van Eekum kennen, mei wa’t er yn 1954 troude.

Frysk skriuwer
Faber waard yn de jierren tritich oantrune ta Frysk skriuwen troch Jelle Brouwer en Bouke Tuinstra, dêr’t er mei yn ’e kunde kommen wie doe’t er ris yn Makkum wie. It earste Fryske boek dat er skreau wie It geheim van de stratosfear, it earste Fryske science fiction ferhaal. It waard yn it Nederlânsk oerset, mar troch de Twadde Wrâldoarloch en de wegering fan Faber om lid te wurden fan de Kultuerkeamer kaam it nea ta in útjefte. Yn ’e oarloch siet er in skoft ûnderdûkt yn Makkum. Yn dy perioade skreau er Tusken sé en lân. Dêrnei folgen noch mear seeferhalen. Syn lêste boek Avontûren to sé en to lân ferskynde yn 1974 postúm.

Toaniel
Hein Faber skreau yn Rotterdam syn earste grutte toanielstik, dat goed ûntfongen waard. Der folge noch in grut tal stikken, hy skreau in Halbertsmarevue, ferskate iepenloftspullen, ienakters en sketsen. Hy skreau ek teksten foar Tetman de Vries en foar it selskip De Jounpraters.


List fan belangrykste wurk

Proaza
1934: De PH 24 antwoordt niet!! Met illustraties van F.A. Ahlberg
1937: De ondergang van de PH 24. Met illustraties van W.G. van de Hulst jr.
1937: It geheim fen 'e stratosfear
1949: Tusken sé en lân. Mei yllustraasjes fan A. van der Sloot
1950: Ofgeand tij. Mei yllustraasjes fan Tjeerd Tuinstra
1953: Trijekaert. Mei yllustraasjes fan Sieuwke Valk
1960: Doarp oan sé
1961: De wûndere reis fan it steamskip Amelân. Omslach en yllustraasjes fan Frits Klein
1966: De jonges fan 'e walfiskfarder. Mei yllustraasjes fan Jan van der Bij
1966: Age's amoureuze zwerftocht. (roman)
1966: In frjemde fûgel yn it bit
1970: Forhalen fan de sé
1970: Mûnsters fan de Waedsé.
1970: Ofgeand tij. Mei tekeningen fan Tjeerd Tuinstra
1971: Lâns it paed fan de voyageurs
1972: De laatste reis van de Ameland. Geïllustreerd door Gerard van Straaten
1974: Avontûren to sé en to lân
1984: De laatste reis van de Ameland (twadde printing)
2019: Doarp oan see (byldferhaal fan Doarp oan sé troch Frâns Faber)

Poëzy
Hein Faber publisearre û.o. gedichten yn Trotwaer en Fersefariaasje en wie belutsen by Operaesje fers.

Toaniel
1946: Frouwe Tialda, de rike widdou fan Starum. Toanielstik yn fjouwer útkomsten
1950: Franeker in roerige tijden. Historisch spel in 4 bedrijven

Oar wurk
1961: Haskerland: inventaris der archieven. H.F. Faber en W.K. van der Veen
1961: Dantumadeel: inventaris der archieven. H.F. Faber en H.T. Obreen

Film In Friesland staat een huis yn gearwurking mei Piet Suir en fierder ek radiowurk

Prizen
1953: Priisfraach Boekewike foar Trijekaert (proaza)
1954: Rely Jorritsmapriis foar De rounte (poëzy)
1954: Rely Jorritsmapriis foar Mislearre reis (proaza)
1956: Rely Jorritsmapriis foar Weromfoardere (proaza)
1957: Rely Jorritsmapriis foar De fuotleasten (proaza)
1961: Rely Jorritsmapriis foar It koarte ferheftige libben fan Pomarius de Jager (proaza)
1964: Rely Jorritsmapriis foar Byn my mar op in Manta (ferhaal)
1965: Berneboekepriisfraach KFFB foar De jonges fan de Walfiskfarder
1970: Berneboekepriisfraach KFFB foar Lâns it paed fan de Voyageurs

Mear ynformaasje oer Hein Faber
Hein Faber 65 jier, LC 22-10-1969
Lûd- en byldargyf fan Tresoar, opnamen
Pieter de Groot oer ‘Moeke Faber’, LC 28-04-2004
Asing Walthaus, LC 28-06-2019 (oer de ferstripping fan Doarp oan sé troch Frâns Faber)

©Tresoar, 30-01-2019