Berne: 08-09-1850, Burgum
Ferstoarn: 08-01-1918, Den Haach

Libben en wurk

Sake Kornelis Feitsma waard berne te Burgum, dêr't syn heit timmerfeint wie. Oan de Normaelskoalle te Bûtenpost learde er foar skoalmaster.

Hy krige, nei't er syn akte helle hie, in beneaming yn Ingwierrum en letter yn Havelterberg. Yn 1882 waard er haad fan de skoalle te Voorst. Yn dy tiid hied er ferkearing mei Hendrika Veenstra, in skoalmastersdochter fan de Lemmer, mar har folk wie der op tsjin. Feitsma rekke oan de drank en dat wie de reden dat er sa faak syn ûntslach naam en earne op 'e nij begûn: Jobbegea, Holwert, Uithuizen, Achlum, Aldhoarne. Op 't lêst gie er by't ûnderwiis wei. Hy waard breaskriuwer en sutele syn eigen boekjes mei foardrachten en teltsjes út. Fan 1892-1905 wurke er as korrektor mei oan it Friesch Woordenboek. Yn 1897 troude er lang om let mei Hendrika, dy't fyftjin jier op him wachte hie (sjoch it fers Hjerstgrien). Hja wennen yn Twello, Dimter, Sutfen, Arnhim, Velp, Oosterbeek, Hees en Den Haach.

Maatskiplik rekken hja hieltyd mear yn 'e bedelte. Op 't lêst wiene se earmoed en soargen net mear treast en op 8 jannewaris 1918 makken se tegearre der in ein oan. Neist gedichten, foardrachten, mearkes, fragmintaryske bibeloersetting publisearre er yn tydskriften naturalistyske sketsen Ut de modder fan de maatskippij.

Literatuer
1926: G.A. Wumkes. Bodders yn de Fryske striid, s.604, 613, 655
1934: G.A. Wumkes. Paden fen Fryslân II, s.58, 355, 427-440, 463, 467
1941: J.J. Hof. Fjirtich jier taelstriid III, s.71
1957: J. Piebenga. Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, s.137, 157-160, 169, 224
1977: Klaes Dykstra. Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, s.58-59, 67-68, 126
1978: G.R. Zondergeld. De Friese beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen, s.96
1974: Tekst en Utlis (J. Knol)
1999: Trinus Riemersma. Oer skriuwer, boek en útjeften, Ut ‘e ûnderste lagen, Fryske klassiken II, nûmer 5, s.149-166

Ferhalen
1991: Ut 'e ûnderste lagen I & II (yn fotomeganyske print)
1999: Ut 'e ûnderste lagen (útkommen yn 'e rige fan de Fryske Klassiken, mei in artikel fan Tr. Riemersma)

Poëzy
1888: Saun ris om. Grappige teltsjes yn onrym
1888: For sprekkers en lêzers. Nije grappige teltsjes yn onrym
1891: Fen Earder en Letter (Samle Frysce rimen)
1893: In domenijs hûsbisiik en oare grappige foardrachten op rym

Ferskaat
1890: It skildbiwys ef: elk lyk en rjucht. Forhael út it folkslibben
1892: De Fryske Phonograef, fen pas foarbringende der yn opnomde sprekwirden, siswizen en oarspronklike wirden út de hjoeddeiske omgongssprake
1892: Printsjes, kleurd mei ferwen út 'e teikendoaze fen Fryske sprekwirden, sizmanearen en nysgjirrige wirden út 'e hjoeddeiske sprektale opfandele
1892: Fryske mearkes. Ut 'e folksmûle opskreaun. I, De trije riedlingen
1892: De trye buchelden
1893: 'Dêr wier ris...!' Fryske mearkes út 'e folksmûle op skreaun
1893: Ut 'e modder fen 'e maetskippij
1893: Fryske mearkes. Ut 'e folksmûle opskreaun. De prombeam
1897: Evangelie van Markus, vertaald in het Land-Friesch
1899: De ljue út 'e mounle
1902: De vlugge Fries. Handleiding om zonder onderwijzer in korten tijd Friesch werkelijk te leeren lezen, schrijven en spreken
1906: 'Raer folk!' ef de geast fen it kweade
1907: Troud wiveleed en bernelot. Oarspronklik forhael út 'e ûnderste lagen
1908: In forskoveling. Oarspronklik forhael út 'e ûnderste lagen

Mear ynformaasje
Wikipedy

©Tresoar, 06-02-2019