Berne: 02-06-1912, EAnjum
Stoarn: 18-12-1983, BALK

Libben en wurk

Pier Feddema is benammen bekend as byldzjend keunstner dy’t diel útmakke fan skildersgroep ‘Yn ’e line’, mar skreau ek in tal boeken. Hy waard berne op in pleats flak achter de seedyk ûnder Eanjum. Hy folge in oplieding ta skoalmaster yn Dokkum, dy’t er yn 1931 ôfsleat mei in heljen fan syn akte. Yn 1938 troude er. Nei de oarloch ferfarde er nei Grins, dêr’t er learaar tekenjen waard oan de kweekskoalle foar beukerliedsters. Nei in koarte perioade yn Balk waard er yn Drachten learaar oan it Ichthus College, dêr’t er oant syn pinsjoen ta wurke.

As skriuwer debutearre Pier Feddema mei Brekkende brânning. Boeresoan Halbe sjocht it wol sitten yn it arbeidersfanke Klas, syn âlden binne der poer op tsjin. Al spilet foaral it leauwen dêrby in rol, it giet by einbeslút gewoan om de sinten. Anne Wadman joech ta dat Pier Feddema in skriuwer mei mooglikheden wie, mar fierder hie er oer it boek net folle goeds te melden, foaral net oer de psychologyske útwurking fan de personaazjes en de yn syn eagen te grutte effekten: ‘Van dik hout zaagt men planken’ [1]. Fedde Schurer mocht him dan lykas Wadman steure oan de ‘swiere aksinten’ dy’t de skriuwer tapast lykas it driigjen mei ‘messen en gleone poken’, likegoed fûn er dat Brekkende brânning better skreaun wie as ‘it measte dat de lêste tsien jier oan ’e merk kaem’ [2]. Hy neamde it dan ek in ‘opmerklik debuet’.

Fjouwer jier letter ferskynde Gods terskflier. Underwerp is de ûntrou binnen it houlik fan keunstskilder Hedzer Sybranda en syn frou Rixt Gjaltema. Stadichoan driuwe de twa haadpersoanen byinoar wei, hy troch fereale te wurden op in studinte en sy troch it oan te lizzen mei in Fryske dichter. Dêrby docht Hedzer net al te oertsjûgjend syn bêst om wer op it moreel rjochte paad te kommen. Benammen út kristlike hoeke rjochte de krityk him op dat lêste, it gie ommers om in boek dat ferskynde by de KFFB. Pieter Wybenga fûn dan ek dat Gods terskflier as kristlike roman mislearre wie: ‘Hwêr is yn dit boek de spanning tusken it tokoart (de sûnde!) en de noarm (it gebot!)?’ [3]. Piter Terpstra neamde it lykwols ‘in moedich boek’ [4].Hy fûn it krekt kristliker as wat de KFFB gewoanlik útjoech. It steurde him oars wol dat de roman wat te hastich ôfbreide waard en der fan in echte ‘oplossing’ fan de problemen gjin sprake wie. Dat lêste foel ek Marten Sikkema op: ‘It probleem bliuwt problematysk’ [5]. Tagelyk sinjalearre er in skriuwer mei ‘byldzjende krêft, idéën en de moed om dy stal te jaan’.

Yn 2015 ferskynde in biografy, skreaun troch Elske Schotanus, mei dêryn omtinken foar syn boeken en it brekken mei de KFFB.

Boarnen foar dit stik
[1] Literair kwartier (Regionale Omroep Noord en Oost), 23-12-1955
[2] Friese Koerier, 09-11-1955
[3] Friesch Dagblad, 09-10-1959
[4] Frysk en Frij, 02-10-1959
[5] Leeuwarder Courant, 21-11-1959
Materiaal yn knipselmap Tresoar

Bibliografy

Romans
1955: Brekkende brânning
1959: Gods terskflier

Biografy
2015: Pier Feddema, in de lijn van het Fries expressionisme (biografy skreaun troch Elske Schotanus mei keunsthistoaryske bydrage fan Paulo Martina)

Prizen

1954 : Romanpriisfraach KFFB – earste priis foar Brekkende brânning
1958 : Romanpriisfraach KFFB – earste priis foar Gods terskflier

Mear oer libben en wurk

Webside Pier Feddema Stichting

©Tresoar, 30-01-2019