Berne: 06-09-1946, ljouwert

Pieter de Groot is sjoernalist en âld-redakteur fan de Leeuwarder Courant. Hy skriuwt oer de Fryske taal en kultuer.

Libben en wurk

Pieter Jan de Groot is berne yn 1946 yn Ljouwert. Hy folge de HBS yn de Fryske haadstêd en gie yn 1964 nei Amsterdam om politike en sosjale wittenskippen te studearjen. Dy stúdzje makke er net ôf. Ta gelegenheid fan it sânde lustrum fan de Fryske studinteferiening Cygnus Resurgens yn Amsterdam organisearre er mei Pier Boorsma – se koene elkoar fan de HBS -  it dichtersfestival yn De Harmonie yn 1967.

Yn 1969 rjochte er polityk-literêr tydskrift Sonde op (mei Pier Boorsma en Johan Frieswijk) bedoeld om de Fryske Beweging yn beweging te krijen. Ta gelegenheid fan it earste lustrum fan Operaesje Fers  organisearre er yn 1973 mei Johanneke Liemburg Poem Power. Dêrop waarden se troch de gemeente Ljouwert frege om tenei om it jier in literêr evenemint te organisearjen (1975,1977).  Yn 1991 wie er as kultuerredakteur fan de Leeuwarder Courant mei-inisjator fan songfestival Liet (mei Gryt van Duinen fan Omrop Fryslân, Rienk Terpstra fan de provinsje en Ivan Pel fan De Harmonie). Hy wie fan 1977 oant 1995 redakteur fan it kulturele moanneblêd De Strikel.

Yn 1976 kaam er by de Leeuwarder Courant te wurkjen, yn 1983 waard er sjef fan de kultuerredaksje en yn 1992 opinyredakteur. Ek wie er resinsint foar de krante fan toaniel en kabaret (1978-1992). Yn 2009 naam er ôfskie fan syn wurk, mar gie wol troch mei skriuwen foar de LC: de rubryk 'Dwers' (dy't er sûnt 1992 hat), dêr't er oer Fryske taal en kultuer skriuwt. Sûnt 2003 skriuwt er de rubryk 'Harje’.

Hy is troud mei politikologe Johanneke Liemburg.

WURK

Publikaasjes (seleksje)
1984/1993: Leeuwarden, beeld van een stad
1985/1997: De Elfstedentocht 1909-1997
1997: Ha, die Rients! Rients Gratama veertig jaar op de planken
2003: Groeten út de Butterhoek
2003: Mozayk fan in libben: Rink van der Velde (1932-2001)
2009: De minsken en de stêd (útjûn by ôfskied fan de Leeuwarder Courant)
2014: Het Leeuwarden boek
2023: Soa het ut weest (Leeuwarden in stukjes)

Mear ynformaasje
Leeuwarder Courant
Myrddin Hilbrands, LC 30-01-2023 (by presintaasje fan Soa het ut weest)

©Tresoar, 22-02-2023

Foto: Tresoar, Haye Bijlstra