Berne: 05-03-1975, NOARDBURGUM

Libben en wurk

Ate Grypstra is berne te Noardburgum. Hy hat Ingelsk en Frysk studearre oan de Ryksuniversiteit yn Grins en joech Ingelsk en Frysk oan in oantal skoallen yn Fryslân, it lêste op it Kristlik Beyers Naudé Gymnasium yn Ljouwert. Yn 2014 makke er de oerstap nei de Afûk as koördinator edukative projekten, op dit stuit wurket er wer yn it ûnderwiis.

Grypstra publisearre ferhalen en gedichten yn Hjir, Ensafh, Farsk, LinKk, de Moanne, Inkijk en de Prinsentuinbundel. Kollums fan syn hân binne ferskynd op Wâldnet, op de Skanoside,  en yn De Moanne. De skriuwer is ek aktyf mei oersettingen fan Ingelstalich wurk, dy’t publisearre binne yn it ynternettydskrift Farsk en yn De Moanne. Fan 2009 oant en mei 2011 wie er redaksjelid fan De Moanne. Yn 2011 siet er yn de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis. Yn 2012 waard er beneamd ta doarpsdichter fan de gemeente Achtkarspelen.

Nei de publikaasje fan in tal koarte ferhalen kaam yn 2008 de ferhalebondel Heftich út, in bondel mei 15 koarte jongereinferhalen oer ûnderwerpen dy't passe by de doelgroep. Jelle van der Meulen [1] seach de bondel sa: 'Duidelijk is dat Grypstra die wereld van pubers kent. Hij oordeelt niet, maar beschrijft en weet verhalen van enkele bladzijden te schrijven met kop en staart, zonder al te veel uit te leggen en vaak genoeg met een open eind, soms humoristisch, soms aangrijpend'.

Yn 2011 folge It beest fan De Westereen, in horrorboek foar de jeugd oer in jonge dy't nei de fynst fan in pear liken derfan oertsjûge is dat der in wearwolf yn it spul is. Doeke Sijens [2] karakterisearre Grypstra as 'in meinimmend ferteller. Ek wa't it net oan wol dat wearwolven besteane, sil fernimme dat it ferhaal spanning hat en fernimstich yn inoar set is'.

Yn 2012 waard Krús fan de Hollanner útbrocht. It boek wie ûnderdiel fan in projekt (Cross of the Dutchman) om in game mei deselde titel yn 'e merk te setten. Yn it ferhaal wurdt Grutte Pier opfierd troch de eagen fan in omkesizzer. Maria del Grosso [3] fûn dat de parten dêr't de kontekst fan dy tiid yn útlein wurdt, wolris wat 'te folle'. Mar fierder seach se prachtich beskreaun hoe't Grutte Pier wraaksuchtich reagearre nei't syn frou en bern fermoarde waarden.

Femke faalt ferskynde yn 2014 as digitaal boek, twa jier letter folge troch in edysje op papier. Femke is in puber dy't yn in band spilet. Op in nacht ûntdekt Femke dat har broerke oerenlang sit te gamen en in fassinaasje foar somby's en horror ûntwikkele hat. Letter nimt har libben in kear mei't har heit in oplichter blykt te wêzen. Sigrid Kingma [4] wie wakker op 't skik mei it boek. Se fûn it 'in flot skreaun boek mei in soad eleminten út dizze tiid. Der is plak foar (taal-)grapkes en it wurdt luchtich holden'.

Boarnen foar dit stik
[1] Jelle van der Meulen, Friese-literatuersite
[2] Doeke Sijens, LC 21-10-2011
[3] Maria del Grosso, LC 15-02-2013
[4] Sigrid Kingma, FD 16-07-2016

Bibliografy

Berneboeken
2010: Rinze hat de hik
2010: Tsjang tsjin tiid (Studio F, taalmetoade Frysk)
2013: Tsjang en de taaldief (Studio F, taalmetoade Frysk)

Jeugdromans
2008: Heftich (ferhalen)
2011: It beest fan De Westereen
2012: Krús fan de Hollanner
2014: Femke faalt (as e-boek, folge troch in útjefte op papier yn 2016)

Apps
2013: Rinze is gek op wetter
2013: Rinze syn jierdei
2013: Rinze's AaBee

Poëzy
2014: As deldwarreljende jiske - Wâldsangen en doarpsgedichten

Oersettingen
2014: De skippers fan de kameleon (stripboek Dick Matena n.o.f. boek H. de Roos)

Ferskaat
2013: Schrijvers op streek (mei bydrage fan Ate Grypstra)
2014: Komt in man by syn frou (mei bydrage fan Ate Grypstra)
2016: Dy iene foto (tsien jeugdferhalen, mei dêryn in bydrage fan Ate Grypstra)

Prizen
2009: De bongelboekepriis (priis takend troch studinten fan de NHL)
2015: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht De stêd, in sang

Nominaasjes
2016: Simke Kloostermanpriis (foar Femke faalt)

Mear ynformaasje
Streekkrant, 31-05-2012 (oer doarpsdichterskip Achtkarspelen)
Omrop Fryslân, 26-01-2013 (fideo oer Ate Grypstra)

©Tresoar, 13-02-2019

(foto auteur is fan Joas Deinum)