berne: 19-02-1938, LJOUWERT
ferstoarn: 28-05-2019, BOALSERT
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Berber van der Geest waard op 19 febrewaris 1938 berne yn Ljouwert, dêr groeide se ek op. Fan memmekant stamde se út in artistike famylje: pake Jaring Walta wie keunstskilder, wylst beppe Berber Rypma besibbe wie oan skilder/dichter Gerben Rypma. As famke wie Berber faak by pake en beppe yn Wytgaard.
Se hie in sterke bân mei pake Jaring, syn ferhalen wiene foar har letter in ynspiraasjeboarne foar har berneboeken. Nei de ulo-skoalle woe Berber van der Geest graach nei de keunstakademy, mar it waard foarearst in baan op kantoar. Dat foldie har dochs net, reden foar har om in oplieding ta beukerliedster te folgjen. Se kaam te wurkjen yn it beukerûnderwiis en waard haad fan de Ljouwerter beukerskoalle Marije hof. Letter, nei de ynfiering fan de basisskoalle, waard se beneamd as learares oan de katolike Thomasskoalle. Njonken har wurk studearre se troch en helle akten foar tekenjen en Frysk. Tekenje, skilderje en boetsearje bleaune leafhawwerijen.
Dichteres en skriuwster
Se debutearre as dichteres yn it jongereinnûmer dat De Tsjerne yn 1967 útbrocht. Dêrnei publisearren û.o. De Strikel, Sonde, Trotwaer en De Tsjerne fersen en ferhalen fan har hân. Yn 1968 waard in fers fan har bekroane yn de Rely Jorritsmapriisfraach. Har earste fersebondel Der binne fan dy dingen kaam út yn 1975, yn 1978 folge troch Dei en wei (mei foto's fan Paul Janssen) en En ik bin gien…(1982).
Dichtsjen wie foar Berber van der Geest in manier om har gefoel te uterjen, twivel en langst nei mear hâldfêst yn fertriet en iensumens binne weromkommende ûnderwerpen yn har fersen. Leafde, freonskip en de natuer binne positive eleminten yn har dichtwurk. Hoewol't har gedichten har maklik lêze litte, ûntdekt de lêzer de rike wrâld fan gefoelens en bylden krekt troch se wer te lêzen.
Berber van der Geest wie in alsidich talint, se dichte, skreau koarte ferhalen en berneboeken. Mar se wie ek aktyf op it mêd fan toaniel en teater en dêrnjonken skreau se lietteksten: ûnder oaren Roel Slofstra en Joop Veenstra hiene lieten fan har op har repertoire. Foar har ienakter Frij krige se yn 1974 de provinsjale toanielpriis.
Yn 1976 ferskynde fan har in bondel mei 8 miniferhalen ûnder de titel Frjemd alderfrjemdst. Mar namme makke se foaral mei har berneboeken. Yn har ferhalen en yn har berneboeken is fantasij har grutste driuwfear; yn in fraachpetear mei Jelma Sytske Knol (Frysk&Frij 22-08-1991) sei se dêroer: 'Dy rigel út myn gedicht dêr't ik yn sis dat der altyd muzyk is yn 'e tún fan jins jeugd. Dat is foar my hiel wêzentlik. Dêr bedoel ik mei dat bern de kâns krije om har ferbylding te ûntjaan, prikels krije om dêr wat mei te dwaan. It paad fine nei de fantasy. Dat is foar my dy muzyk yn 'e tún fan jins jeugd.'
Har earste berneboek It âld kammenet ferskynde yn 1983, de yllustraasjes yn it boek fersoarge se sels. Har twadde berneboek De hânskrobbers waard yllustrearre troch in tal âld-learlingen fan har beukerskoalle. Bartele Bûse kaam út yn 1988 en De Kilekanen, skreaun as aksjeboek foar de berneboekewike, yn 1994. Beide boeken binne yllustrearre troch Laura Lava. Foar dy boeken krige se de Simke Kloostermanpriis, mar ek ynternasjonale erkenning. Bartele Bûse en De Kilekanen waarden troch de IBBY (The International Board on Books for Young People) op de 'honnourlist' set, dat betsjut dat se kwalitatyf ta de bêste berneliteratuer fan de wrâld hearre.
Njonken de Simke Kloostermanpriis krige se foar Bartele Bûse yn 1989 de Premio Europeo fan Padua, in ynternasjonale priis foar jeugdliteratuer. Yn 1993 waard se beleanne mei de earste priis fan de Berneboekesjuery, in priis dy't har takend waard troch Fryske skoalbern.
Ynspiraasje foar har berneboeken fûn Berber van der Geest foaral yn de klas, yn it kontakt mei de bern, foar har 'it moaiste stik minske dat der is'. Se kreëarre yn har boeken in wrâld dêr't plak is foar bern om bern te wêzen en dêr't romte is foar har fantasy.
Yn 2004 wurke Berber van der Geest mei oan it projekt Triedsjes nei it ferline, dat opset waard troch CBD-Fryslân (Centrale Bibliotheek Dienst) en Histoarysk en Letterkundich sintrum Tresoar. Doel fan it projekt wie om bern yn oanrekking te bringen mei it ferline troch ferhalen dy't hearre by foarwerpen dy't bern sels oandroegen. Berber van der Geest en Akky van der Veer ferwurken de ferhalen yn in boekje mei de titel 100 dingen en 1 pappegaai.
Fan Bartele Bûse kaam yn 1991 in Hollânske oersetting út, makke troch Van der Geest sels, ûnder de titel Bartele Broekzak. Fan De Kilekanen ferskynde ûnder deselde titel in Hollânske oersetting yn 1998.
List fan belangrykste wurk
Poëzy
1975: Der binne fan dy dingen (2e printinge yn 1980)
1978: Dei en wei
1982: En ik bin gien…
Berneboeken
1983: It âld kammenet
1985: De hânskrobbers
1988: Bartele Bûse (2e printinge yn 1990)
1991: Bartele Broekzak (oersetting fan de skriuwster)
1994: De Kilekanen (Aksjeboek foar bern, 2e printinge 1994)
1998: De Kilekanen (Nederlânske oersetting)
2003: 100 dingen en 1 pappegaai
2009: Mem, wat ite wy hjoed? (Aksjeboek foar bern)
Ferskaat
1976: Frjemd alderfrjemdst - acht mini-forhalen
1982: Deidreamerijkes (aforismen)
Prizen
1967: Rely Jorritsmapriis (fers: 30 kear de dea sjen)
1989: Simke Kloostermanpriis foar Bartele Bûse
1989: Premio Europeo di Padua foar Bartele Bûse
1995: Simke Kloostermanpriis foar De Kilekanen
Pleatst op de IBBY (The International Board on Books for Young People): Bartele Bûse en De Kilekanen
Mear ynformaasje
Geart de Vries, fraachpetear û.o. oer De hânskrobbers, Omrop Fryslân 10-10-1986 (op 8:10)
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Operaesje Fers
Jelma Knol, Ensafh. 02-06-2019 (in memoriam)
Abe de Vries, FD 31-05-2019 (in memoriam)
©Tresoar, 13-02-2019