Berne: 15-01-1930, Drylts
Ferstoarn: 24-5-2001, Snits

Libben en wurk

Hylkje Goïnga is op 15 jannewaris 1930 berne yn Drylts yn in doktershúshâlding. Se helle yn Snits it gymnasiumdiploma en begûn dêrnei mei in stúdzje sosjology yn Grins.

Dy stúdzje befoel har net sa, nei in jier is se dêr wer mei opholden en dêrnei hat se noch in pear jier wat `omrommele'. Yn 1953 troude se mei har âld-learaar fan it gymnasium Anne Wadman. Al op har achttjinde publisearre se har earste koarte ferhalen yn de Ljouwerter krante en De Tsjerne. Ek nei har trouwen gyng se, njonken de soarch foar har trije bern en húshalding, troch mei skriuwen. Dat slagge bêst: `want ik bin wol maklik yn it húshalden' nei't se sels seit. Doe't it algemien kultureel moanneblêd De Strikel yn 1958 útein sette, waard hja lid fan de redaksje en dêr hat se de 37 jier dat De Strikel bestien hat ek altyd diel fan útmakke, de lêste jierren as einredaktrise. De ferhaaltsjes dy't se foar De Strikel skreau neamde se hús-tún en keukenferhaaltsjes, de stoffe foar de ûnderwerpen helle se út har eigen húshalding. Sokke ferhalen, mei autobiografyske eleminten, ferskynden únder de titel Oan en oer myn man. Yn 1971 ferskynde har debútbondel Jantsje ...ja heit!, yn dy bondel stie in seleksje fan ferhalen dy't earder yn de Strikel publisearre wiene. It boek waard tige goed ûntfongen en betsjutte foar Hylkje Goïnga de trochbraak nei it Fryske lêzerspublyk. Se skreau ûnder it pseudonym Martha, de namme dy't se letter oan de haadpersoan yn har ferhalen joech. Sels sei se dêroer: `Earst wie it in pseudonym en letter waard ik fansels Martha. De ûntwikkeling fan Martha is ek myn ûntwikkeling, yn it begjin wie it Jaap en Martha, letter wennet Martha op harsels'. Hylkje Goïnga en Anne Wadman binne yn 1981 útelkoar gongen.

Yn 1981 ferskynde der opnij in bondel mei in seleksje ferhalen út De Strikel ûnder de titel Thús is de maggi op. Dêrnei folgen In superman fersûpt net en oare ferhalen yn 1982, Frijende kikkerts yn 1986, Twa dames yn in Daf yn 1988 en yn 1990 Hynstefigen. De ferhalen yn Frijende kikkerts hingje sa dúdlik meiïnoar gear, dat dy bondel in roman neamd wurde kin. Yn al dy bondels is it sintrale tema de relaasje man-frou, it binne ferhalen mei in feministyske ynslach mei as kearntema it selssuchtige gedrach fan manlju en har ûntrou. Sels hat se dêroer yn in yntervieuw ris sein: `In man driuwt op syn dierlike driften en dat knoeit in frou op den doer. Myn generaasje manlju, alteast in bepaalde kategory, is op 'e rin slein. Gelokkich is dat de lêste tiid wer wat oan it feroarjen, manlju hawwe tsjintwurdich mear ferantwurdlikheidsgefoel.' It genre fan de ferhalen fan Hylkje Goïnga falt bûten de wenstige yndieling. Se binne faak komysk of tragysk of beide tagelyk en krije gauris in grousume of bizarre kear. Dêrom wurdt har wurk wolris fergelike mei dat fan de Ingelske skriuwer Roald Dahl. As boekewikegeskink skreau Hylkje Goïnga yn 1990 de koarte roman Op stap, wylst hja yn 1992 in yntrigearjende lytse roman oer in demintearjende frou skreau ûnder de titel Nei it park . Mei dy koarte roman hat Goïnga nei goed tweintich jier in oare tematyk foar kar nommen, dy fan de âlder wurdende frou dy't it paad bjuster rekket.

Lykwols is der ek noch in oerienkomst mei har eardere wurk: de namme fan de haadfiguer bliuwt Martha, frou Martha om krekt te wêzen. Dochs bliuwt hja yn de Fryske skriuwerij de master fan it psychologyske koarte ferhaal op it tema relaasjes. De skriuwster hat in lytse tsien jier bestjoerslid west fan de Fryske Toanielstifting Tryater. Yn dy tiid hat hja foar Tryater it stik Frouminske skreaun en yn 'e mande mei oare Fryske skriuwsters Twa froulju. It stik Le lavoir hat se foar Tryater út it Frânsk yn it Frysk oerset ûnder de titel Achter de tobbe . Oersette hat se altyd sok prachtich wurk fûn, dat se dêr har berop wol graach fan meitsje wollen hie. Goïnga hat jierrenlang wurke by de Basisgezondheidsdienst Zuidwesthoek, se joech dêr foarljochting oer gebitsfersoarging oan bern fan basisskoallen.

De ferhalebondels Thús is de maggi op en In superman fersûpt net en de roman Frijende kikkerts binne yn it Hollânsk oerset en ferskynd en guon fan har ferhalen binne ek yn in Hollânske oersetting publisearre yn de frouljusblêden Libelle en Margriet. Ek it feministyske moanneblêd Opzij hat ferhalen fan har publisearre. Fierders binne der ferhalen fan har ferskynd yn de blêden Viva en Intermagazine .
Hylkje Goïnga hat ek meiwurke oan de bondel Fiif koarte ferhalen, mei Froukje Annema en Hylke Speerstra en der is in ferhaal fan har opnommen yn de sammelbondel Friesische Literatur/Frisian Literature Today dy't útjûn is ta gelegenheid fan de Frankfurter Buchmesse yn 1993.

Op 24 maaie 2001 (Himelfeartsdei) is Hylkje Goïnga yn Snits ferstoarn, 71 jier âld.

Wurk

Romans
1986: Frijende kikkerts (1988: oerset yn it Ned. troch H. Goïnga, Vrijende kikkers)(bondel mei inoar gearhingjende ferhalen)
1990: Op stap (Boekewikegeskink nû. 2)(koarte roman)
1992: Nei it park (koarte roman)
1997: Tine en ik (novelle)
1998: Nei it park/Myn sigeuners (twa koarte romans)

Ferhalebondels
1971: Jantsje... ja heit
1981: Thús is de maggi op (2de pr.1982, Ned. oersetting fan de skriuwster yn 1982, De maggi is op en andere verhalen)
1982: In superman fersûpt net (2e pr. 1986) (yn 1986 oerset troch H. Goïnga, Een superman en andere verhalen)
1988: Twa dames yn in DAF en oare ferhalen
1990: Hynstefigen (yn 1990 oerset troch H. Goïnga, Paardevijgen)
1993: Giel mei oranje stippen
2016: Tsien fan Hylkje (10 ferhalen, gearstaller Douwe Kootstra)
2019:It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen (gearstaller Douwe Kootstra)

Berneboeken
1986: Jochum, Wikje en it lytse Protsje (út it Nederl. nei de oarspr. Sweedske útjefte fan Grethe Fagerström en Gunilla Hansson)

Ferskaat
1987: Fiif koarte ferhalen (mei Froukje Annema en Hylke Speerstra) Vijf korte verhalen (bijlage Libelle)
1987: Libelle, it grutste frouljusblêd fan Nederlân yn de Fryske taal oerset (mei Froukje Annema, Akky van der Veer en Baukje Wytsma)
1993: Friesische Literatur/Frisian literature today (sammelbondel útjûn ta gelegenheid fan de Frankfurter Buchmesse)
2000: Koartwei (ferhalebondel, mei oaren)

Toaniel
1978: Klotske
1980: Frou minske: in stik fan en oer froulju (Tryater)
1983: Twa froulju: in rige sketsen (Tryater)(Mei Tsjits Peanstra, Baukje Wytsma en Akky van der Veer)
1988: Snypsels. Fleurich toanielstik foar jongerein
1995: De Famylje Huzuma (mei oare skriuwers)

Oer de skriuwster en har wurk

Literatuer
1984: Tekst en Utlis. Jelma S. Knol
1989: Macht en ûnmacht yn it wurk fan Hylkje Goïnga. Ofstudearskripsje fan Babs Gezelle Meerburg.
1989: Us wurk. In analise fan it wurk fan Hylkje Goïnga troch Liesbeth Brouwer.

Fraachpetearen
1980: Johanneke Liemburg yn De Strikel, 1980-01
1982: Antoinette van Brink yn Opzij , 11-11-1982
1983: Sietse de Vries yn Frysk & Frij , 12-03-1983
1984: Steven Sterk yn Fryx , 1984-04
1987: Pieter Terpstra yn Kijk op het Noorden , 1987-01
1987: Sytske van Aalsum yn de Leeuwarder Courant , 24-12-1987
1990: Jelle Bangma yn Frysk & Frij, 15-03-1990

Mear ynformaasje
Skriuwers yn byld, Omrop Fryslân, 17-06-1990 (portret)
Sjoerd Bottema, De Moanne 04-05-2017 (by de ferskining fan Tsien fan Hylkje)
Sietse de Vries, LC 06-01-2017
Wikipedia NL

©Tresoar, 11-12-2019