Berne: 09-07-1941, Drachten
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Douwe de Graaf waard berne oan de Noarderdwersfeart yn Drachten. Hy groeide op yn in arbeidershúshâlding fan fyftjin bern. Earmoede tekene syn jeugdjierren.
Likegoed mocht er leare, dêr’t er by stipe waard mei in beurs fan de gemeente. Hy studearre by einsluten ôf as skiekundige oan de Grinzer universiteit. Hy kaam yn it wurk by in grut gemysk bedriuw. De lêste fyftjin jier fan syn wurksum libben bestege er as manager oan it by de tiid bringen en rendabel meitsjen fan fabriken oer de hiele wrâld. Hy wenne û.o. yn Grikelân, Tailân, Hongarije en Sina.
Nei’t er yn 1999 mei pensjoen gien wie, lei er him ta op it bouwen fan websiden. Op ien fan dy siden skreau er wolris stikjes oer de regionale skiednis. Mei op oantrún fan Fokke Wester fan de Drachtster Courant skreau er op basis fan dy stikjes in boek oer de buert dêr’t er weikaam. Dêrnei folge mear (Nederlânsktalich) wurk op dat mêd, û.o. oer bysûndere minsken út it ferline fan Achtkarspelen.
Underwilens besocht er ek om in roman te skriuwen. Om’t it him yn it Nederlânsk net noaske, gie er oer op it Frysk. Lykwols, in útjouwer wie net samar fûn. Nei’t Trinus Riemersma it manuskript lêzen hie en mei in oantal suggestjes kaam, skreau Douwe de Graaf it boek nochris. No wie in útjouwer ree en publisearje Skeind ferline. Dat wie yn 2014.
Tematyk en resepsje
Sawol yn syn persoanlik libben as yn syn boeken spilet de earmoedige jeugd fan Douwe de Graaf in beskiedende rol. Foar syn karriêre seach er dy drege jeugdjierren as in foardiel: ‘Ik prate net allinnich mei de direkteuren, ik rûn alle dagen de fabryk yn om mei de minsken oan de masinen te praten. Foar my wie der gjin ferskil. As je wat feroarje wolle yn in bedriuw, is it belangryk dat minsken op de wurkflier achter jo steane.’
De boeken fan De Graaf oer de regionale skiednis fan Drachten en Achtkarspelen geane dan ek oer minsken oan de ûnderkant fan de maatskippij. Itselde jildt foar de roman Skeind ferline.
Benammen syn boeken oer de regionale skiednis waarden entûsjast ûntfongen. Sa wie syn earste boek oer de Noarderdwersfeart binnen fjirtjin dagen útferkocht, in twadde druk folge. Itselde gie op foar syn oar wurk op dit mêd.
De roman Skeind ferline giet oer Romke. Syn heit hat yn de oarloch foar de Dútsers wurke. Dat skeinde ferline hat in grutte ynfloed op it fierdere libben fan Romke, dy’t him ûntwikkelet ta in ûnferskillige man mei in libben dat stiif stiet fan de tsjinslaggen. Neffens resinsint Doeke Sijens is de haadpersoan te ôfstanlik beskreaun om echt te boeien [1]. As der dan by einsluten dochs de emoasjes loskomme, fynt Sijens dat sjoen de eardere beskriuwingen ûnoannimlik. Geart Tigchelaar fûn dat de ferhâlding mei Romke syn heit goed útwurke is, yn alle gefallen better as de passaazjes oer Romke sels [2]. Neffens Tigchelaar misse dy parten ‘body’ om’t beskriuwingen oer tiid en plak ûntbrekke, wêrtroch’t de beskriuwing te mikroskopysk is. Likegoed neamt er Skeind ferline in flot en lêsber boek foar lêzers dy’t net tefolle ôfjage binne op de kritykpunten dy’t er neamde.
Boarnen foar dit stik
[1] Leeuwarder Courant, 05-12-2014
[2] Ensafh, 15-11-2014
Bibliografy
Roman
2014: Skeind ferline
Oarsoartich proaza
2004: De Noorderdwarsvaart in Drachten
2006: Achtkarspelen (mensen door de tijd)
2008: Drachten (mensen door de tijd)
2010: Folgeren (mensen door de tijd)
2012: Honderd jaar De Kruisweg Marum
© Tresoar, 06-04-2016