Berne: 24-01-1932, Penjum
ferstoarn: 06-09-2017, ljouwert

Libben

Rients Gratama waard op 24 jannewaris 1932 yn Peinjum berne as twadde en jongste bern fan Geert Gratama en Johanna Sjaarda. Syn suster is in pear jier âlder.

Heit en mem diene beide aktyf mei by it amateurtoaniel. Heit wie ek in entûsjast foardrager, revuman en slachwurker yn in band. Se hiene ek belangstelling foar wat der yn de Hollânske artystewrâld fan dy tiid omgie. Rients gie nei de MULO en de Ryks-HBS yn Harns. Yn 1950 krige syn heit, monteur by in lokaal elektrisiteitsbedriuw, in baan op it haadkantoar fan it PEB en ferhuze de húshâlding nei Ljouwert. Nei syn tsjinsttiid hie Gratama fjouwer jier in kantoarbaan, ûnder oare by de ‘Condens’ yn Ljouwert. Yn 1957 troude er mei Jet Bijlsma, dy’t er noch koe fan de HBS; se krigen twa bern.

By Tetman
Rients Gratama wie yn 1957 direksjesekretaris by sûkerwurkfabryk Frisia yn Harns, doe’t ynienen de kâns fan syn libben kaam om syn brea te fertsjinjen op ’e planken. Hy hie al wol optredens dien mei eigen wurk – bygelyks mei syn jeugdfreon Ruurd Posthumus as it duo Kris en Kras – mar no frege it ferneamde teaterselskip ‘Tetman en Jarich’ nije spilers. Gratama die audysje by Tetman de Vries thús en waard fuort oannommen. Syn earste optreden wie as ynfaller yn Hoogeveen op keninginnedei 1957. Offisjeel is syn debút by de premjêre fan Tetman syn tolfde program ‘Fryslân oerein!’, yn Holwert op 24 juny fan dat jier.

Learskoalle
Yn it selskip by Tetman de Vries foel Gratama syn talint fuortdaalks op, net allinnich as spiler, mar ek as skriuwer. It klikte tusken de beide mannen. ‘Wy kamen út itselde jirpellân. Wy kamen út de doarpen fan finen en grouwen, fan korpsen en keatsen, fan boeren en arbeiders, fan iis en teiwaar, fan hurde koppen en sentimint.’ It selskip bea tradisjonele revu-ferdivedaasje oer it libben fan al den dei yn Fryslân, taspitst op in bepaald aspekt dat yn de titel werjûn waard. De programs moasten in jier draaie, dus konferenses mei aktuele polityk koene net. ‘As der wat te konferearen wie, wie dat yn algemien komysk filosofyske sin en dat die Tetman, want Tetman wie de spil, de skôger en de oanelkoarprater.’ It wie hurd wurkjen, se spilen oeral en altyd, simmerdeis yn tinten, winterdeis yn sealen. Har Fryske klienkeunst wie ‘opnommen yn it sosjaal feestlik systeem’. De praktyk wie Gratama syn toanielskoalle. It Fryske literêre blêd De Tsjerne rôp him yn 1962 út ta ‘kabaretman nûmer ien’. Foar syn tekstskriuwerij hie er wol syn ‘sparring partners’ dy’t ideeën oandroegen of him as it nedich wie oer in dea punt holpen, lykas syn klassegenoat fan de HBS Cor Hoekstra (de lettere cartoonist Cork) en dichter en learaar Nederlânsk Jan J. Bijlsma (gjin famylje fan Jet).

Nei in eigen selskip
Doe’t Gratama ‘wrâldferneamd yn Fryslân’ wurden wie, waard er geregeld frege foar solo-optredens, bygelyks foar de RONO, foar studinten of skoaljeugd. Hy woe nei in pear jier mear as meidraaie yn it famyljebedriuw fan Tetman en Jarich. ‘Prate, allinne foar de minsken oer, in kontakt opbouwe en fêsthâlde, arbeidzje oan persoanlikheid en persoanlike artistike mooglikheden. Groeie!’ Sadwaande rjochte er begjin 1963 in eigen selskip op. Twa oaren fan Tetman-en-dy giene mei oer: Jetske Zijlstra en pianist en komponist Cor Huisman, troch Pieter de Groot oantsjut as ‘de man achter Tetman’. Fierder de jonge amateurspylster Baukje Felkers en de boppeneamde Cor Hoekstra. De besetting feroare yn de rin fan it spyljier, de twa lêstneamden waarden al gau ferfongen troch resp. Jante Geartsma en Piter van der Veen. Yn it seizoen dêrnei kamen Titia Dijkstra en Sipke Oppedijk foar har yn it plak.

Suksesjier
Gratama syn earste program ‘Se moatte it sels mar witte’ (1963-1964) gie yn premjêre yn de Drachtster Lawei yn juny. Direkteur Roel Oostra leaude deryn – yn de Tetmantiid waard yn juny allinne mar yn tinten spile. Gratama hie fuortdaalks in soad sukses en befêstige syn reputaasje as selsstannich kabaretier of, sa’t er sels it leafst seit, artyst. En hy hie gelok, want hy hie in hit, 'Sheik Sjoerd fan Arum', '.... in nûmer oer in boer dy’t gas fûn op syn lân en op muzyk mei in protte easterske kwinten syn nije status besong.' De aginda 'rûn fol mei tinten en sealen'.
De resinsjes wiene loovjend. Piter Terpstra priizge yn De Tsjerne Gratama syn talint om in grut publyk te fermeitsjen. De earste eigen produksje liet neffens kritisy in oare Gratama sjen. De ûnderwerpen wiene aktueler as by Tetman. Sels de kwaliteit fan it Frysk wie derop foarútgien, alteast neffens in resinsje yn bewegersblêd De stiennen man. It stik waard de helte faker spile as wêr’t op rekkene wie.

Deselde wei op as Tetman
By it twadde programma ‘No ha wy de hichte’ wiene der by alle lof ek kritysker lûden. Boucke Visser fûn dat de ûnderwerpen de nostalgyske kant neist wiene en miste de aktualiteit. Rink van der Velde siet yn De Friese Koerier op deselde line: ‘Hij is niet de man van de scherpe satire of de venijnige persiflage en zal dat ook nooit worden.’ Sels fûn Gratama dat er neat te kiezen hie: ‘Wij zijn er voor het brede amusement. Ik moet in het stadium waarin ik me nu bevind, succes hebben. Anders ga ik kapot.’
Gratama syn betsjutting foar it Frysk waard oer it generaal grut achte. Haadredakteur Jacob Noordmans fan de Ljouwerter Krante: ‘Cabaretiers als Tetman de Vries en Rients Gratama hebben ontzettend veel gedaan met hun programma’s. Hun werk betekende een geweldig stuk taalbevordering.’ Hy pleite sels foar subsydzje op kabaret om it neidiel fan de lytse merk te ferhelpen.
It tredde programma (of wurklist sa’t ek wol sein waard) wie ‘It liif op ’e least’, in útdrukking dy’t ferwiist nei mear-as-genôch ite. It stik gie oer it gegeven dat minsken by alle oerfloed dochs net gelokkich binne. Resinsint Arthur Vandamme konstatearre: ‘Hy wol sa skerp mooglik wêze en tagelyk sa’n breed mooglik publyk betsjinje.’ Yn dy balâns hie Gratama, by alle sukses, op seker stuit it gefoel dat er deselde wei opgie as Tetman.

One man show
Yn maart 1966 wie it Selskip te sjen yn in searje telefyzjeprogramma’s fan de NCRV en te hearren op de lanlike radio. NCRV-man Dick van Bommel seach it hielendal sitten. De mylde foarm fan kabaret like him poer geskikt om syn hjir en dêr frijwat swiere efterban op ’e smaak te bringen fan it amusemint. Gratama en hy makken sels in trip nei Londen om har te oriïntearjen op it mêd fan telefyzjeshow en musical. Mar Gratama syn hert lei by it toaniel en dat wie ek ‘it plak dêr’t ik it meast wis wie fan mysels’. Yn dyselde moanne sei Jetske Zijlstra dat se by syn selskip weigie, en dêrmei seach Gratama de kâns om syn ambysjes te folgjen. ’Ik woe wat oars. En mear mei muzyk. En dat hold yn dat it in one man show wurde soe, want der soene muzikanten komme yn it plak fan meispilers. It iene of it oare, mear soe de brune net lûke kinne.’ Cor Huisman syn tiid wie foarby. De muzikale begelieding kaam by Joop Verbeke (piano), Henk Onderstijn (fluit, saksofoan, slachreau) en Karst de Groot (gitaar).

Minder publyk
It earste soloprogramma (‘Moai waar en lange dagen’) krige in goed ûnthaal en Gratama wie bliid dat er no ‘in trieme heger stie op de ljedder fan it profesjonele’ en in artistike stap foarút set hie. Mar wat hy en syn muzykmannen beaën wie net gaadlik foar feesttinten, brulloften en partijen – it sketske wie ferdwûn en de muzyk oars fan styl. Sa beheinde er syn publyk ta de teatersetting. Der wie noch in oare belangrike ûntwikkeling: Rine Geveke fan Phonogram wie entûsjast oer Gratama syn wurk en soarge foar syn earste elpee Fryske styl.

Yn it Nederlânsk
Yn de simmer fan 1967 makke Gratama bekend dat er op Nederlânsktalige programma’s oerstappe woe. Dat wie mei op oanstean fan Wim Sonneveld, dy’t Gratama ûntdutsen hie doe’t er tafallich by Geveke wie tidens de lûdsmontaazje fan Fryske styl en letter by in optreden yn Raerd. Gratama woe de swetten ferlizze en fûn dat dat yn Fryslân net goed mooglik wie. Hy socht ek in nij avontoer. Dêrby rûn it oantal boekingen foar it twadde seizoen fan ‘Moai waar en lange dagen’ net bêst, reden te mear om syn heil bûten de provinsjegrinzen te sykjen. It wie in stap dy’t net oeral like goed foel. Benammen binnen de Fryske beweging krige er (bygelyks by Tony Feitsma) de hannen net op elkoar, ien en oar nei opmerkings fan Gratama yn de lanlike parse oer de (ûn-)mooglikheden dy’t Fryslân te bieden hie.

Tsien lanlike kabarettoernees
It earste Nederlânske programma wie ‘Vingertjes in de pap’, dat om te begjinnen yn Fryslân en omkriten spile waard, mei in premjêre yn De Lawei yn Drachten yn septimber 1967. De lanlike premjêre folge pas op sneon 16 novimber 1968 yn de Lytse Seal fan it Konsertgebou yn Amsterdam. Joop Verbeke en Karst de Groot diene wer de muzyk, oanfolle mei Jacques Sambrink (bas) en Harry Hartmans (trompet, slachreau). Oant de simmer fan 1970 wie de groep mei ‘Vingertjes in de pap’ op toernee, soms ek yn it bûtenlân, ûnder oare yn Kalifornië. Yn de folgjende produksjes naam Cees Bijlstra de rol fan Verbeke oer, Klaas de Vries kaam derby foar slachreau; yn 1978 waard Addy Scheele de pianist, Frans Span de basgitarist en John Eskes de lieder fan it kombo, mar Bijlstra bleau de hûskomponist.
Oan 1982 ta folge sa in rige fan tsien jûnfoljende kabaretprogramma’s mei optredens yn wikseljende besetting. Se spilen rûnom  yn it lân foar folle sealen. Lietsjes foarmen fakentiids de reade tried yn it program en Gratama syn goede muzikanten, troch himsels wol oantsjut as de ‘muzikantici’, droegen essinsjeel by oan it sukses dat er hie. Gratama wie dêryn de man fan de irony, it mylde kommintaar op libben en aktualiteit, it boartsjen mei taal, it relativearjen. John Eskes karakterisearre him as ‘mild en jongensachtig’. De teksten skreau er sels, mar ek oaren as Jan Boerstoel, Friso Wiegersma en Hans Dorrestijn skewielden him mei kreatyf tekstwurk.

Lanlike ûntfangst
De lanlike kritiken op ‘Vingertjes in de pap’ wiene goed. Rients Gratama syn talint as teaterman waard posityf beoardiele, al koe it wol wat skerper, sa’t yn het Parool steld waard. De krityk by syn lettere programs wie wikseljend; in massive trochbraak bûten Fryslân bleau út. ‘Dat wie doe de term. Doorbraak. Dat betsjutte dat jo it fameuze Carré folspilen, dat jins platen net oan te slepen wiene, dat jo in namme wiene dy’t elk fuortendaliks thúsbringe koe. Wy, de muzikanten en ik, diene dêr tige iroanysk oer. (...) Wy lijden dêr net ferskuorrend ûnder. Wy diene ús ding mei in soad wille en fûnen, lokkich mei in protte oaren, dat wy eins ek noch wol wat koene.’

Werom by it Frysk
Doe’t er mei ‘Vingertjes yn de pap’ úteinsette, skatte Gratama yn dat er net wer mei in Frysk program komme soe. Fiif jier letter lei de wrâld der al wer oars hinne: op oanstean fan It Fryske Boek joech er in koart Frysk optreden, ‘Groeten uit Pingjum’, foar de feestlike iepening fan de Fryske boekewike yn oktober 1972. Gratama bekende syn Frysk publyk op kabareteske wize skuld en waard ynhelle as in ferlerne soan. It smakke nei mear. ‘Ha dy Basken’ waard yn 1976 syn Frysk jûnfoljend come backprogram, wer op inisjatyf fan It Fryske Boek, mei sponsoring fan de ‘Condens’. Dêrmei begûn Gratama syn karriêre definityf yn de spoaren fan twa talen te rinnen. It wie net mear ‘of-of’ lykas yn 1967, mar ‘en-en’. Yn 1977 ferhuze er fan Ljouwert nei in wenpleats ûnder Burdaard, dy’t mei ferrin fan tiid ek romte joech om de teaterproduksjes te ûntwikkeljen. Op seker stuit wiene der sân minsken by de BV Gratama yn tsjinst. In nije stimulâns foar Frysk wurk foarme it Frysk Festival, dêr’t Gratama yn 1980, 1985 en 1990 oan meiwurkje soe, hieltyd mei in oar soarte program: kabaret, revu, musical.

Fien en Cox
Yn 1982 hâlde Gratama op mei syn lanlike kabaretprogramma’s, ‘... ik siet 25 jier yn it fak, it rûn aardich mei myn dingen, likegoed yn it Nederlânsk as yn it Frysk, mar al te rendabel wie it net. (...) Sis mar, it koe net earlik út.’ It wie de ein fan in ‘prachtige opset dêr’t ik yn 1966 mei begûn wie.’ No’t er fyftich wie, koe er in skoftke de lijte opsykje yn de musical ‘Fien’, in stik oer de toanielspylster Fien de la Mar mei Jasperina de Jong yn de haadrol. Hy wie frege foar in oantal byrollen. It stik waard mear as trijehûndert kear spile. In oare spiler yn Fien wie sjonger-kabaretier Gerard Cox (b. 1940); de mannen leine elkoar. Mei him makke Gratama twa kear in program yn de styl fan it klassyk myld-kritysk en muzikaal kabaret dat trije seizoenen rûn en ek in tv-programma. It kabaret waard ûnthelle mei ‘Wat goed dat dit er nog is!’. Yntusken wie er yn 1984 begûn as dosint oan de Kleinkunstacademie yn Amsterdam, wat er achttjin jier dwaan soe. Om dy tiid giene Jet en hy definityf út elkoar. Yn 1985 sette er him nei wenjen yn Elburg mei syn nije partner, byldzjend keunstner Carla van der Heijde.

Warber op allerhande front
De teaterprogramma’s mei Gerard Cox wiene de lêste dy’t er foar it lanlike poadium skreau en ek sels spile. Foar it oare bleau er – oant hjoeddedei ta – warber op hast alle mêden dy’t in artyst op de planken en in taalman achter de kompjûter mar behaaie kin. Tsjin Kirsten van Santen tsjutte er himsels mei iroanysk understatement oan as ‘multifunksjonele schnabbelaar’.

Jong talint
In opfallende karakteristyk fan Gratama syn karriêre is dat er oar en faak jonger talint opnaam yn syn programma’s. Dat kaam ûnder oare ta utering yn de grutte tinte-revu ‘Alle jierren feest’, dy’t er skreau foar it Frysk Festival fan 1985 en dêr’t acht amateurspilers oan meidiene. Se hiene fan tefoaren in lytse stoomkursus klienkeunst hân. Yn it folgjende Fryske program ‘In Fries is in Fries is in Fries’ (1988) trede er foar it earst op mei Peter Sijbenga, in jong talint mei in ferline yn de popmuzyk. Sijbenga foarme mei Addy Scheele yn it tiidrek 1984-2005 de muzikale rêchbonke fan Gratama syn programma’s, sawol yn komposysje as pianobegelieding en soms ek as meispiler. Yn 1990 folge de musical Mata Hari, sawol in Fryske as in Nederlânske ferzje. Gratama spile dêryn de heit fan Margaretha Zelle; dy har rol waard fertolke troch de jonge talinten Froukje Schaaf resp. Janke Dekker.

Nije produksjes
Yn 1997 skreau Gratama ta gelegenheid fan it 100-jierrich bestean fan de Koninklijke Nederlandse Kaatsbond de musical ‘Kening op sokken’, in titel ûntliend oan in boek fan Hylke Speerstra. It skript wie loswei basearre op De jonge priiskeatser fan Nynke van Hichtum. It stik wie in grut sukses en loek mear as achttûzen publyk.
Yn 2000 waard er frege om mei te dwaan oan ‘Simmertime’, in grut muzykspektakel yn it ramt fan Simmer 2000, yn ’e mande mei De Kast, Maaike Schuurmans en Piter Wilkens. Dat jier kamen hy en Carla van der Heijde werom nei Fryslân en setten har earst nei wenjen yn Akkrum, fan 2011 ôf yn Ljouwert.
Yn 2010 skreau Gratama in kryst-famyljefoarstelling foar it 125-jierrige Posthuis Theater op It Hearrenfean. Spilers: in pear profesjonals en in grutte groep amateurs, mei muzyk fan Clara Rullmann. It wie it begjin fan in trochgeande suksesrige op itselde stramyn. De stikken wiene ‘yn it Nederlânsk en foar in learsum part yn it Frysk’.
Mei Leny Dijkstra – dochter fan Tetman – brocht er yn maaie 2015 as feestlike hommaazje en oantinken oan Tetman de Vries (1915-1988) it program ‘Doe kaam de maitiid’, in safolste leat oan Gratama syn ymposant oeuvre.

Toanielspiler en regisseur
As jonge hie Gratama al meispile by it amateurtoaniel. Syn debút makke er yn 1946 by de amateurtoanielferiening Achter de Hoven yn Ljouwert. In profesjonele akteursrol hie er foar it earst yn ‘De twaalf gezworenen’ by it Noord-Nederlands Toneel yn 1997. Dat wie in nije útdaging foar him. Yn it kabaret en ek by musical hie er it publyk altyd streekrjocht ‘bespile’, mar no yn it toanielstik ‘gong alles tsjin elkoar, mei elkoar en ûnder elkoar [as spilers op it toaniel] en moast it publyk deryn lutsen wurde troch de oertsjûging fan it spyljen, troch taal, ferhaal, konsintraasje, spanning en ferrin.’ Grut sukses hie er mei syn haadrol yn ‘Kening Lear’ dat Tryater yn 2003 spile yn it Fries Paardencentrum yn Drachten, tagelyk it ôfskie fan regisseur Jos Thie. Gratama ûnderskiede him ek as regisseur (‘Arendz’ Arends’ en by de telefyzjesearje ‘Baas boppe baas’).

Toanielskriuwer
As toanielskriuwer debutearre Gratama yn 2008 mei ‘Eintsje libben’, in stik fan Tryater oer it âlder wurden. Hy spile sels in rol, mei Alyt Damsma en Jan Arendz. Twa jier letter folge ‘De goudfisk’, ynearsten opset as in roman, mar letter presintearre as toanielmonolooch, oer in man fan 85 dy’t syn âlde leafde net ferjitte kin en weromtinkt oan syn jeugd op it doarp dêr’t alles feroare. De stikken dy’t Gratama skreau krigen in goed ûnthaal. Hans Brans neamde ‘Eintsje libben’ in ‘yntime, brekbere, mar ek ferrassend frisse foarstelling’. Yn 2010 skreau Sietse de Vries oer ‘De goudfisk’: ‘Rients Gratama wit mei De goudfisk in moai lykwicht te kreëarjen tusken de grutte rampen en de lytse argewaasjes dy’t in minskelibben bepale.’

Boeken
Ein jierren tachtich hie Gratama alle moannen in kollum yn de Friesland Post mei kommintaar op ien of oare aktuele hype: pretparken, safaryfakânsjes, body building, ûndergongsfoarsizzingen en sa mear, yn de foarm fan in fabel op rym. Se waarden útjûn mei kleurrike tekeningen fan Carla van der Heijde.Yn 2012 ferskynde fan har beiden in printeboek skreaun yn trije talen; nêst Frysk en Nederlânsk wie de tekst ek yn it Grinslânsk. De ûntfangst wie ferskillend. Jant van der Weg (Friesch Dagblad) fûn Hein en syn hin in aardich ferhaal, mar wat nuet en braaf. Marja Boonstra (Ljouwerter Krante) wie lykwols fan betinken dat it krekt troch dy ienfâld ‘in prachtich boekje’ is. De twadde útjefte Pien en har spin krige fan Boonstra inselde kwalifikaasje.

Erkenning yn Fryslân
Gratama bleau yn Fryslân dé artyst dêr’t it publyk op ôfkaam. By ‘Ha dy Basken’ (1976) hie er in ferjonging ûnder syn gehoar waarnommen: it publyk wie loskommen fan de komyske sketskes en wurdearre no lieten en konferenses. Nije programma’s foelen der wakker yn. Syn tuskenstap nei Fien en fyftichjierrige leeftiid yn 1982 wie oanlieding ta weromsjen (Pieter de Groot yn LC 13-03-1982, diel 1, diel 2, diel 3 en diel 4). In hiele stoet fan meiwurkers en oare neisten kaam oer him oan it wurd yn ‘Oaren oer Rients’ (diel 1 en diel 2). Al syn kwaliteiten komme dêryn foarby.
Yn 1990 krige Gratama as earste de Fryske Anjer útrikt, it earbewiis fan it Prins Bernhard Fonds Fryslân foar minsken of ynstellingen dy’t in protte fertsjinste ha foar de Fryske kultuer. Sietse de Vries skreau yn 2000: ‘Rients feroaret net en dat hoecht ek net.’ (LC 06-10-2000). Gratama stelde letter dat syn Fryske doelgroep bestiet út minsken tusken tweintich jier jonger en tweintich jier âlder as hy. Oer it Frysk murk er yn 2006 op: ‘Gjin trauma's. Frysk wie myn kâns en beheining’ (LC 03-03-2006).
Der mei noch safolle posityfs oer it wurk fan Rients Gratama sein wurde, sels is er beskieden as it giet oer de wearde op langere termyn. Sa sei er yn in fraachpetear by syn 75ste jierdei tsjin Bonne Stienstra net te ferwachtsjen dat syn oeuvre syn wearde hâldt: ‘Sa’n ferske as ‘Fytse’ miskien, as tiidsbyld dan. Mar ik wit net. Myn wurk stiet of falt mei dat ík it bring. De minsken moatte my derby hawwe om it moai te finen.’ (LC 20-01-2007).

Senior fan humor, rock-’n-roll en frijheid
Gratama is betreklik unyk: ek nei  syn tachtichste stiet er noch op it poadium en komt er mei nije programma’s. ‘Yn it lanlike kabaretsirkwy binne artysten fan myn âldens allang platwalst troch ien of twa nije lichtingen.’ Dat is in part fan de ferklearring. Mar der is mear: ‘Yn it kabaret is gjin plak foar âlde minsken, ek al bestiet ûnderwilens de helte fan de befolking derút. It soe doch ferrekte aardich wêze, soe men sizze: âlde dwarse apen op ’e bühne dy’t de sealen platspylje mei alles wat se oer it libben en harsels te fertellen hawwe yn de finaal-bretale sfear fan neat te ferliezen!’ Yn Gratama syn optyk miene âlde Nederlânske artysten krekt dat se alles te ferliezen ha. Mar it iennichste dat se fan har publyk noch krije is respekt. ‘En dat wurd spikert har fêst op it eareskavot. Dat wurd heart by direkteuren, bestjoerders, helden en gelearden. Dat wurd hat gjin humor, gjin rock-’n-roll, gjin frijheid.’ Hy nimt leaver in foarbyld oan de fiif âlde Kubaanske muzikanten út de dokumintêre ‘Lágrimas negras’ dy’t mei har 75 jier noch de stjerren fan de himel spylje. En ek dit: ‘Wat ik sa njonkelytsen wol wit, is dat ik net lang sûnder in poadium kin. Ik ha der ferlet fan om my sa no en dan even flink hearre te litten. (...) Ik bin dochs mear in artyst as ik altyd tocht haw. Gjin heilsumer medisyn as in foarstelling.’

Boarnen foar dit stik
- Pieter de Groot, Ha, die Rients!, 1997
- Rients Gratama, Rige fan tweintich oantinkens yn De Moanne; wêr’t by oanhalen fan Gratama yn dizze libbensskets net nei in boarne ferwiisd wurdt, is dat nommen út ien fan dy tweintich Moanne-stikken.
- De neamde krante-artikels

-o-

Oersjoch fan wichtichste wurk

As it maklik út de boarnen nei te gean wie is mear ynformaasje oer de programs oanjûn. Folsleinens is net neistribbe. Foar de bydragende muzikanten, sjoch yn de tekst hjirboppe.

Publikaasjes
1984: Fryslân is in hierhûs (gedichten en kabaretteksten)
1991: Bisteboel (20 fabels, earder yn de Friesland Post; yll. Carla van der Heijde)
2003: Ik woe dat ik in Drint wie (kadoboek by it 75-jierrich jubileum fan de Afûk; yll. Carla van der Heijde)
2008: Eintsje libben / Het kleine leven (oers. Peter van de Witte)
2011: Hein en syn hin (trijetalich printeboek; yll. Carla van der Heijde, oers. yn it Grinslânsk Geesje Vos)
2013: Pien en har spin (idem)
2016: It stuoltsje (idem)

Teaterprogramma’s by Selskip Tetman en Jarich
1957: De tiid sil it leare
1957: Fryslân oerein!
1958: Hwat is jou libben?
1959: Sa is ’t en net oars (Nederlânske ferzje ‘Zo is het maar net’; as jubileumtoernee ANAB 105x spile)
1960: Minsken, minsken hwat in minsken
1960: De Jonkershoeve (Nederlânsktalich, op basis fan ‘It mearke fan Noardlik Fryslân’ fan Reinder Brolsma, lanlike ANAB toernee, sirka100x spile)
1961: Feestfiere is ek in Kunst
1961: Jaar in, jaar uit (lanlike ANAB-toernee, Nederlânsktalich)
1962: Omke Doeke komt út ’e hoeke (sirka 200x spile)

Teaterprogramma’s Selskip Rients Gratama
1963: Se moatte it sels mar witte (220x spile; foar de ANAB ek yn it Nederlânsk as ‘Je kunt het nooit weten’)
1963: Gouden banden (6x spile; jubileumrevue Coöperatieve Condensfabriek Friesland, mei selskip Tetman de Vries)
1964: Nou ha wy de hichte
1964: Boek-wyt-op-swart (6x spile, skreaun foar It Fryske Boek yn de boekewike yn oktober)
1965: It liif op ’e least (sirka 200x spile)

Teaterprogramma’s solo of mei oaren
1966: Moai waar en lange dagen (sirka120x spile)
1967: Vingertjes in de pap
1969: In karkefol wille (ûngefear 8x spile; hichtepunten út 12 jier Frysk wurk, mei Titia Dykstra)
1970: Knollentuin (mei Mady Misset)
1971: Met de schrik vrij (mei Mady Misset)
1972: Groeten uit Pingjum (frysktalich koart program, foar it Fryske Boek)
1973: Groeten uit Pingjum (mei Cisca Beaudoux; 130x spile)
1974: Regen op het bloemkoolcorso (mei de muzikanten as meispilers)
1975: Blauwe maandag (mei acht jonge spilers fan de Kleinkunstacademie)
1976: Ha dy Basken (ûngefear 30x spile)
1977: Geen zee te hoog (mei fjouwer jonge klienkeunstspilers)
1978: Pompend remmen (mei Lia Corvers en Reina Boelens/Maeve van der Steen)
1980: Tachtich yn ’e bocht
1980: Alle hulde
1981: Gelijk oversteken
1981: Fan Sheik Sjoerd nei hjoed (repriseprogram fan Fryske suksesnûmers)
1984: Yn ’t Frysk is ’t folle moaier (piano Addy Scheele / Dolf de Vries)
1984: De Grijze plaag (tegearre mei Gerard Cox; toetsen Bert Nicodem)
1985: Alle jierren feest (tinterevu Frysk Festival, mei Leny en Tsjip de Vries, Inez Timmer en acht jonge amateurspilers)
1986: Beperkte dijkbewaking (tegearre mei Gerard Cox; toetsen Bert Nicodem)
1988: In Fries is in Fries is in Fries
1990: Mata Hari (musical, Fryske en Nederlânske ferzje; tekst en rol; mei Froukje Schaaf (Frysk) en Janke Dekker (Nederlânsk); muzyk Addy Scheele / Peter Sijbenga; Fryske ferzje 20x spile)
1992: Euro-super-Fries (tegearre mei Maaike Schuurmans)
1994: BV Boppeslach
1997: Kening op sokken (nei De jonger priiskeatser fan Nynke fan Hichtum, toanielsjongspul foar it iuwfeest fan de Koninklijke Nederlandse Kaats Bond; tekst en rol; mei Leny Dykstra, Hilbert Dykstra en jong talint, û.o. Lianne Zandstra; muzyk Scheele/Sijbenga, útfiering ek mei John Eskes)
2000: Te land, ter zee en yn Tersoal
2000: Simmertime (yn it ramt fan Simmer 2000, mei De Kast, Maaike Schuurmans en Piter Wilkens)
2002: 1e Priis mei Lof
2005: Makkumer slaat Workumer (sirka 40x spile)
2008: Eintsje libben (toaniel; tekst en rol; mei Jan Arendz en Alyt Damsma)
2010: De goudfisk (toanielmonolooch; tekst en spul)
2012: Geraniums of gladioalen (mei Clara Rullmann en Peter van der Zwaag, muzyk en spul)
2015: Doe kaam de maitiid (mei Leny de Vries, muzyk Clara Rullmann; by gelegenheid fan ‘100 jier Tetman de Vries’; 17x spile)

Krystprogram Posthuis Theater op It Hearrenfean
2010: Scrooge op de Fok (nei Dickens’ A Christmas Carol; tekst en rol as Scrooge; mei Freark Smink en Maaike Schuurmans; 5x spile)
2011: Krystmerakels (tekst en rol; mei Freark Smink en Maaike Schuurmans; 5x spile)
2012: De lytse jonker van Oranjewoud (tekst en rol; mei Freark Smink en Elske DeWall; 7x spile)
2013: De slach om de Beerenburcht (tekst en rol; mei Freark Smink en Joop Wittermans; 10x spile)
2014: Groeten uit Hjirhinne (tekst en rol; mei Syb van der Ploeg en Elske DeWall; 9x spile)
2015: De sterren van Bartlehiem (tekst en rol; mei Aart Staartjes en Elske DeWall, 9x pland, 11x spile(?))

Oare optredens of bydragen oan poadiumproduksjes (net folslein)
1964: Top of flop (vara tv-program; panellid by streekrjochte útstjoering út de Harmonie yn Ljouwert)
1966: Tv-program Sheik Sjoerd (ncrv)
1970: Mobiel (mei Eef Brouwers en Pim Jacobs, muzyk Cees Bijlstra en kombo, avro-radio, twa kear wyks famyljeprogram, 4 seizoenen)
1970: Optreden yn Kalifornië (mei popgroep Unit Gloria)
1973: Presintaasje by de ôfskiedstoernee fan Zarah Leander
1973: Presintaasje avro-tv ‘IJsspellenshow’
1982: Musical Fien (oantal byrollen, 300x spile)
1984: De Grijze plaag en de boze wereld (avro tv-program, elke moanne, tegearre mei Gerard Cox)
1989: Waar zijn we nou mee bezig (telefyzjeôfleveringen foar Humanistisch Verbond; tekstbydrage en rol)
1990: De familie Bakkus (6 ôfleveringen telefyzje Humanistisch Verbond; tekstbydrage en rol)
1991: Presintaasje Sloopfeest de Harmonie yn Ljouwert
1992: Bekijk het maar (tekst ygm. Renée Sellis; jeugdmusical troch Jeugdkomedie Amsterdam)
1993: Met blijdschap geven wij kennis (plysjerevu)
1994: Laat ze maar praten (tekst ygm. Renée Sellis; jeugdmusical troch Jeugdkomedie Amsterdam)
1995: PEB-revu
1996: Toanielrol as ien fan de tolve yn ‘De twaalf gezworenen’ (Reginald Rose) troch it Noord-Nederlands Toneel
1998: Heerlijk duurt het langst (musical Annie M.G. Schmidt; mei û.o. Jenny Arean/Jasperina de Jong en Marnix Kappers; haadrol buurman)
1998: Stuyvesantrapsodie (mei Lianne Zandstra en brassband Euphonia)
1998: Jubileumprogram Rabobank
2003: Haadrol yn ‘Kening Lear’ troch Tryater û.l.f. Jos Thie
2007: Posthuis Proostshow 2007 (‘nieuwjaarsbitterballencabaret’ mei Di Gojim en Peter Sijbenga)
2007: Baas boppe baas (tekst en regy; musicalkomeedzje neffens tv-rige fan Steven de Jong, spile troch Renze Westra en Meriyem Manders)
2007: Arendz’ Arends (regy; Tryater, solofoarstelling Jan Arendz)
2009: Posthuis Proost Show 2009 (nieuwjaarsbitterballencabaret mei Meriyem Manders en Mousmé Brocaar; muzyk Clara Rullmann en Peter van der Zwaag)
2012: Tekst en presintaasje Grut Frysk Diktee
2016: Kredyt (regy; produksje Achmea Culpa, skriuwer Gerrit Breteler, spilers Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma, maart 2016-juny 2018, 200x pland)

Kollums
Kollums, û.o. yn de Friesland Post, fakentiids yllustrearre troch Carla van der Heijde:
Brieven van Douwe Dwersgreppel; De Stinnema’s; Bisteboel en De trochdriuwers.

Muzyk
1967: Fryske styl, lp
1970: Vingertjes in de pap, lp
1971: Knollentuin, lp
1975: Aldus naar waarheid ingevuld, lp
1976: Ha dy Rients, lp
1980: Tachtich yn ’e bocht, dûbel-lp; cd, 1995
1988: In Fries is in Fries is in Fries, lp
1997: Kening op sokken. De musical, cd
2002: 70 jier Rients, cd (mei in protte oaren)
2013: Almere kolere (protestliet, tegearre mei Syb van der Ploeg)

Filmrol yn
1985: De dream, regisseur Pieter Verhoeff
2001: Nynke, regisseur Pieter Verhoeff
2003: Ik, kening Lear (foar Omrop Fryslân)

Prizen / ûnderskiedingen
1990: Friese Anjer
1997: Kulturele priis fan de gemeente Smellingerlân
1998: Ridder yn de Orde van Oranje Nassau
2008: Fedde en Martha Bergsmapriis foar ‘Eintsje libben’


Mear oer wurk en libben (seleksje)

Eigen website

Pieter de Groot, Ha, die Rients! (1997)
Henk van der Meulen, Besprek Ha, die Rients!, LC 24-01-1997
Rients Gratama, Rige fan tweintich autobiografyske stikken yn De Moanne, maart 2005 – jannewaris 2007.
  Digitaal beskikber: ‘Feroaring’ oer de brek mei Tetman, op de Moanne 21-09-2005.
Pieter de Groot, fraachpetear yn De Moanne, 2007 nr 1.

Arthur Vandamme oer ‘Se moatte it sels mar witte, LC 02-07-1963
Arthur Vandamme oer ‘It liif op ‘e least’, LC 02-07-1965
Rients Gratama, ‘… net wer mei in Frysk programma’, LC 19-08-1967
Fraachpetear koart foar premjêre yn Amsterdam, LC 09-11-1968
Reaksjes nei de premjêre, LC 18-11-1968
Sytse Jan van der Molen, oer premjêre Ha, dy Basken!, LC 18-09-1976
Jacob Noordmans, ‘LCommentaar’ Ha, dy Basken!, LC 28-09-1976
Pieter de Groot, premjêre Mata Hari, LC 06-10-1990
Pieter de Groot, by begjin BV Boppeslach, LC 09-09-1994
Pieter de Groot, Rients 40 jier op ’e planken, LC 27-12-1996, diel 1 en diel 2
Dosint Academie voor kleinkunst, ek nei syn 65ste, LC 24-01-1997
Pieter de Groot, in alternatyf ferhaal oer hoe’t Gratama by Tetman oan de slach rekke, LC 24-01-1997
Sietse de Vries, jierdeifeest 65 jier, LC 25-01-1997, diel 1 en diel 2
Annemarie Kok, Een aardige jongen uit Pingjum, Trouw 24-05-2000
Wiggele Wouda oer stik King Lear, FD 26-05-2003
Bonne Stienstra, by 75ste jierdei, fraachpetear LC 20-01-2007
Hans Brans oer ‘Eintsje libben’, LC 11-10-2008
Kirsten van Santen, fraachpetear by ‘de Goudfisk’, LC 01-10-2010 diel 1 en diel 2
Pieter de Groot, by 80ste jierdei, LC 20-01-2012
Nynke van der Zee, In hiel libben yn in Eintsje Libben, op website de Moanne 12-12-2013
Kirsten van Santen, LC 12-12-2015
Sietse de Vries, LC 17-12-2015
Gerbrich van der Meer, fraachpetear, FD 05-03-2016 foto, part 1 en part 2

Sikke Doele oer Bisteboel, LC 01-03-1991
Marja Boonstra oer printeboeken, LC 17-02-2012 en LC 07-06-2013
Jant van der Weg, oer Hein en syn hin, FD 2012
Rixt Oenma oer It stuoltsje, LC 04-11-2016

Corrie Verker, ‘Een actrice grillig als een genie’. Oer Fien de la Mar, LC 25-04-2015
Pieter de Groot oer Cor Huisman, LC 30-04-2015
Pieter de Groot, kollum LC 20-01-2017

Foto Niels Westra / LC 20-01-2007

© Tresoar 20-05-2015