Berne: 16-07-1955, Bitgum

Libben en wurk

Nei de middelbere skoalle studearre Tsjisse Hettema 2 jier Ingelsk yn Grins, mar socht dêrnei dochs syn heil yn de stúdzje M.U.-Frysk.


Hy hat yn it bibleteek wêzen wurke en slagge dêrnei oan in baan by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (yn 2003 opgien yn Tresoar) as dokumintalist foar it byld en gelûdsargyf.

Hettema begûn as skriuwer mei koarte ferhalen, dy’t publisearre waarden yn Trotwaer en Hjir en de jongereinbondel Skroei. Dêrnei is der oerstapt op it skriuwen fan gedichten. Yn 1995 kaam yn eigen behear syn debútbondel Tsi Tsi út.

Fjouwer jier letter ferskynde by de Q de opfolger It eachwyt fan de simpele rider. Jelle van der Meulen [1] oer dizze bondel: 'Er staan mooie gedichten in deze bundel. Vooral de laatste tien gedichten leveren mooie poëzie op. Daar zijn de beelden wat minder op elkaar gepropt en komen ze wel degelijk goed tot hun recht.'

Dêrnei waard it in skoft stil. Pas yn 2015 brocht er syn tredde bondel út: Heehoo heeho de leafde is as de mage fan in ko. Dat it sa lang duorre, ferklearre de dichter yn in fraachpetear [2] mei Arjan Hut: 'Ik bin gjin dichter mei bondeltsjediarree'. Dêrby is it ek noch in bondel fan sa'n tweintich siden, wat syn útspraak allinnich mar ûnderstreket.

Sûnt Tsjisse Hettema op Facebook sit, wurdt er produktiver. Ien fan syn gedichten út dizze produksje waard nei foaren helle yn in rige hjerstpoëzy, dy't publisearre waard yn it Friesch Dagblad [3].

Boarnen foar dit artikel
[1] Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
[2] Arjan Hut, De Moanne 16-12-2015
[3] Hjerstpoëzij, FD 18-10-2017

Wurk

Poëzy
1996: Tsi Tsi
1999: It eachwyt fan de simpele rider
2015: Heehoo heeho de leafde is as de mage fan in ko

Mear ynformaasje
Hedwig Terpstra, Ensafh. 23-12-2015

©Tresoar, 27-03-2019